Springe nei ynh�ld

De Griene Ierde

Ut Wikipedy
De Griene Ierde
algemiene gegevens
oarspr. titel Green Earth
auteur Frederick Feikema Manfred
taal Ingelsk
foarm histoaryske roman
sjenre autobiografysk wurk
1e publikaasje 1977, New York
oarspr. �tjwr. Crown Publishing
oersetting nei it Frysk
Fryske titel De Griene Ierde
publikaasje 2013, Ljouwert
�tjouwer Utjouwerij Elikser
oersetter Geart fan der Mear
ISBN oers. 978-9 08 95 45 350

De Griene Ierde, yn it oarspronklike Ingelsk: Green Earth, is in histoaryske roman fan 'e h�n fan 'e Frysk-Amerikaanske skriuwer Frederick Feikema Manfred (1912-1994). Mei 834 siden (yn 'e Fryske oersetting) is Green Earth Manfred syn magnum opus. It boek, dat suver folslein autobiografysk is, beskriuwt de jonkheid fan Alfred Alfredson, dy't opgroeid yn in Frysk ymmigrantefermidden yn 'e Amerikaanske steat Iowa, en it houlik fan syn �ldelju. Green Earth waard foar it earst �tj�n yn 1977. De Fryske fertaling, fan oersetter Geart fan der Mear, kaam �t yn 2013.

Green Earth fertelt oer de jonkheid, yn it Midwesten fan 'e Feriene Steaten, fan Alfred "Free" Alfredson, in Frysk ymmigrant fan 'e tr�de generaasje. It dek�r is, lykas yn hast alle boeken fan Manfred, it gebiet oan 'e rivier de Missoury en de Grutte Siouxrivier, d�r't de grinzen fan 'e Amerikaanske steaten Iowa, Minnesota, S�d-Dakota en Nebraska byinoar komme. Dy krite wurdt wol fan Siouxl�n neamd, in oantsjutting dy't trouwens troch Manfred sels optocht is en d�r't er bekendheid oan skonk mei syn roman This Is the Year. Green Earth is skreaun yn it personele perspektyf, en wurdt �fwikseljend troch de eagen fan Free, syn mem Ada en syn heit Alfred ferteld. It bestiet �t trije dielen.

In l�nkaart fan Siouxl�n, it dek�r fan De Griene Ierde.

Diel 1, De Frou fan it H�s, giet oer it houlik fan Ada en Alfred; Diel 2 en 3, Koaningen fan it Hiem en It L�n fan de Ingels, fertelle oer de jonkheid fan Free. It boek jout in ynkringend byld fan in Frysk ymmigrantefermidden yn Amearika oan it begjin fan 'e tweintichste iuw, fan it houlik fan syn �ldelju, yn 1909, oant it ferstjerren fan syn mem, yn 1929. It f�sth�lden oan it Fryskeigene en tagelyk it opgean yn 'e Amerikaanske kultuer wurdt beljochte, en ek it swiersettich kalvinisme, oan 'e iene kant ferstikkend, oan 'e oare kant waarm en feilich, wurdt treflik beskreaun. It boek foarmet teffens in leafdefol portret fan Ada Engleking (eins Manfred syn eigen mem, Alice van Engen). Fierders komme ek it boerebedriuw en it boartsjen fan 'e bern yn en om 'e pleats op 't aljemint, krekt as Free syn muoisume relaasje mei syn heit, dy't mar net begripe kin dat syn soan syn siel en sillichheid net kwyt kin yn it buorkjen allinnich, of wat er altyd oan dat l�zen en skriuwen fynt. Manfred hat alles pas fyftich jier nei dato opskreaun, doe't er syn jonkheid geastlik ferarbeide hie en der s�nder wrok op weromsjen koe.

Fryske oersetting

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Fryske oersetting fan Green Earth ferskynde yn 2013 �nder de titel De Griene Ierde, yn in fertaling fan 'e h�n fan Geart fan der Mear, dy't earder �.m. Tess of the d'Urbervilles, fan Thomas Hardy, en Idylls of the King, fan Alfred Lord Tennyson oersette. De Griene Ierde waard �tj�n troch de Utjouwerij Elikser te Ljouwert, mei in tige oansprekkend en tapaslik omslach�ntwerp fan Evelien Veenstra, op basis fan troch Fan der Mear sels oanlevere materiaal, dat him skonken wie troch Freya Feikema, de dochter fan 'e skriuwer.

Oersetter Fan der Mear hat mei dit boek in goed jier, fan 21 novimber 2011 oant 15 desimber 2012, besteld west. Yn in artikel fan Sietse de Vries yn 'e Ljouwerter Krante fan 12 july 2013 sei Fan der Mear: "Sjoch, it Frysk is in frij beheinde taal. It hat in soad wurden foar it boerewurk en foar it doarpslibben en de ambachten dy't d�rby hearre. Mar ast de grutte wr�ld beskriuwe wolst, hat it d�r faak gjin wurden foar. It Nederl�nsk is wat dat oangiet folle riker en it Ingelsk is noch wer twa kear sa ryk. Nammerste grutter is de �tdaging om Ingelske boeken oer te setten yn it Frysk." De Vries ljochte d�rby ta: "[Fan der Mear] hat besocht it yn eigentiidsk Frysk oer te setten en sa min mooglik wurden br�kt dy't net yn de sprektaal foarkomme." Dat docht er mei wurdgebr�k as "baby" ynstee fan "poppe"; "droom" ynstee fan "dream"; "toch" ynstee fan "dochs"; "ferdedigje" ynstee fan "ferdigenje"; "geweten" ynstee fan "gewisse"; en "Ingels" ynstee fan "Ingelsk". Lykas mei de measte dingen, sille de mienings deroer ferdield w�ze oft soks yn it gefal fan in boek as De Griene Ierde wol needsaaklik of moai is. Foar in protte minsken fielt it gebr�k fan nije lienwurden ("baby") en hollanistyske ynterferinsjes ("ferdedigje", "geweten", ensfh.) anagronistysk oan yn in histoaryske roman dy't tusken 1909 en 1929 spilet.

Boarnen, noaten en referinsjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Manfred, Frederick Feikema, De Griene Ierde, Ljouwert, 2013 (Utjouwerij Elikser), ISBN 978-9 08 95 45 350.
  • Vries, Sietse de, It Frysk is in frij beheinde taal, yn: de Ljouwerter Krante, 12 july 2013.