Springe nei ynh�ld

Film

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Films)
Dizze side giet oer film (sinematografy). Foar oare betsjuttings, sjoch: film (betsjuttingsside).
It filmke Sallie Gardner at a Gallop, makke yn 1878 troch de Britske filmpionier Eadweard Muybridge, wurdt gauris besk�ge as de earste echte film.

In film, ek wol in r�lprint of in fideo neamd, is in rige stilsteande bylden, dy't, as se tige fluch efterinoar op in byldskerm sjen litten wurde, de yll�zje fan beweging wekket. Troch de faasje w�rmei't de bylden inoar opfolgje en de neiwurking fan elts byld op it netflues fan it each, liket it dan wol as foarmje de bylden ien floeiende en trochgeande beweging. Faak is der ek l�d by de bylden tafoege, wat dy yll�zje noch fierder fuortsterket. Films binne der yn alle mjitten en foarmen, fan koarte stikjes fan in pear sekonden om ien inkeld barren f�st te lizzen, oant ferslaggen fan eveneminten as de Alvest�detocht, dy't wol tolve oeren duorje kinne. Langere films besteane almeast �t trije dielen: de begjintitels, de eigentlike film en de �ftiteling of eintitels.

Der besteane ferskate hjoeddeistige en �ldere techniken foar it dragen fan sokke bylden; tsjintwurdich giet it ornaris om in kompj�terbest�n. Fertoaning fan films bart bygelyks op in elektroanysk skerm of troch projeksje op lykfol hokker wite eftergr�n, it saneamde "wite doek" (in oantsjutting dy't ek wol foar it hiele begryp 'film' br�kt wurdt). Oarspronklik wie de fertoaning sa omslachtich dat dy inkeld yn bioskopen plakf�n, mar hjoed oan 'e dei kin men films gewoan th�s sjen, op 'e tillefyzje, op dvd of fia it ynternet op kompj�ter of smartphone. De ynh�ld fan in film is faak in ferhaal of in oare foarm fan fiksje, mar kin ek non-fiksje w�ze; yn dat l�ste gefal wurdt de film in dokumint�re neamd. Film wurdt ek as in keunstfoarm besk�ge, dy't filmkeunst of sinematografy (faak ferkoarte ta sinema) hjit.

Etymology en betsjutting

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It wurd 'film' ferwiist nei de lange, tinne celluloidstripe d�r't films yn earder tiden op f�stlein waarden, itselde materiaal dat ek bekend is fan 'e negativen fan foto's. By films bestie dat �t in rige opinoarfolgjende bylden dy't kilometers lang w�ze koe (likern�ch 1.600 m foar in oere film). De stripe waard opr�le oanlevere en by fertoaning foar de filmprojektor l�ns �fr�le en dan daliks wer opr�le (d�rfandinne de beneaming 'r�lprint'). It wurd 'film' is �fkomstich fan it Aldingelske filmen (Midingelsk: filme), dat "membraan" of "foarh�d" betsjutte.

Iere �ntwikkelings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De skiednis fan 'e film giet werom nei de midden fan 'e njoggentjinde iuw, doe't de Fr�nske �tfiner Andrien Tournachon yn 1858 in trijediminsjonaal selsportret makke dat bestie �t ferskate fotografyske bylden dy't fan him makke wiene troch it fototastel om him hinne draaie te litten, wylst er sels folslein stilstean bleau. Neitiid makke de Ingelsman Eadweard Muybridge yn 1878 wat faak besk�ge wurdt as de earste echte film, troch in rige bylden efterinoar te pleatsen dy't er sketten hie mei in stik as wat fototastellen dy't yn line�re rjochting opsteld wiene. Sa slagge it him om yn it filmke dat er de titel Sallie Gardner at a Gallop joech, de bewegings fan in fjouwerjend hynder mei ruter f�st te lizzen.

Wat tsjintwurdich ferstien wurdt �nder de term 'film', kaam lykwols pas yn 1895 ta st�n troch it wurk fan 'e Fr�nske bruorren Lumi�re. Dy beide mannen �ntwikkelen nammentlik de sinematograaf, in kamera fan mar 5 kg, dy't bylden f�stlei op in trochsichtige negatyffilmb�n. Neitiid koene dy bylden dan yn it tsjuster tsjin in ljochte eftergr�n projektearre wurde, sadat se foar in grutter publyk te besjen wiene. Op 22 maart 1895 fertoanden Auguste en Louis Lumi�re yn Parys harren earste film, La Sortie de l'usine Lumi�re � Lyon. Op 28 desimber fan dat jier lieten se tsjin betelling yn 'e Salon indien du Grand Caf�, ek yn Parys, in rige fan tsien koarte films sjen. Dat wie de earste kommersjele filmfertoaning �t 'e skiednis. D�rnei gie de �ntwikkeling razendfluch. Al yn 1896 waarden yn st�den as Londen, New York en Brussel te�ters iepene dy't spesjaal bedoeld wiene foar de fertoaning fan films. Dat soarte gelegenheden krige de namme bioskoop. Yn Nederl�n waard yn maart 1896 foar it earst in film fertoand. By gebrek oan bioskopen waarden iere films ek faak yn omreizgjende sirkustinten draaid.

Selsportret yn 3D fan Adrien Tournachon, �t 1858.

De ierste films bestiene ienf�ldichwei �t ien statysk shot dat in foarfal of aksje sjen liet s�nder dat der lykfol hokker foarm fan montaazje of oare sinematografyske techniken tapast wiene. Omtrint it begjin fan 'e tweintichste iuw beg�nen filmmakkers ferskate los faninoar opnommen stikjes, dy't s�nes neamd waarden, as kralen oan in snoer oaninoar te riuwen om sa it ferhaal te fertellen dat se dermei fertelle woene. Noch wer letter waarden �fs�nderlike s�nes ferdield yn ferskate shots, dy't opnommen waarden �t ferskillende gesichtshoeken. Ek oare techniken, lykas it bewegen fan 'e kamera, waarden yn dyselde snuorje �ntwikkele as effektive manearen om it fertellen fan in ferhaal mei film te �nderstypjen. D�rtroch waard it mooglik om langspylfilms te meitsjen, w�rfan't de earste, de Australyske film The Story of the Kelly Gang, yn 1906 ferskynde. De earste tekenfilm wie Fantasmagorie, �t 1908, fan 'e Fr�nske filmmakker �mile Cohl. Yn deselde snuorje �ntjoech him ek de ierste filmkrityk.

It tiidrek fan 'e stomme film

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oarspronklik wie it net mooglik om l�d op te nimmen, en de earste 35 jier fan 'e filmskiednis besloech sadwaande it tiidrek fan 'e stomme film, d�r't net yn praat waard. Dat manko besocht men gauris te �nderfangen troch hjir en d�r plaatsjes mei tekst tusken de bylden yn te pleatsen. Fierders kaam it benammen op it �tbyldingsfermogen fan 'e akteurs oan. Om it publyk net yn stilte yn it tsjuster sitte te litten mei inkeld it gerattel fan 'e projektor op 'e eftergr�n, waard yn 'e bioskoop live-muzyk tafoege troch in spesjaal foar dat doel ynhierde pianist of oargelist. Grutte stedsbioskopen stelden soms sels in hiel orkest op, dat muzyk spile dy't de foarfallen yn 'e film �nderstipe. Tsjin 'e 1920-er jierren waarden de measte films oan bioskopen oanlevere mei byhearrende bl�dmuzyk. D�r�t soe letter de hjoeddeistige filmmuzyk fuortkomme.

Yn Jeropa waard de opkomst fan 'e film fersteurd troch de �tbraak fan 'e Earste Wr�ldoarloch yn 1914, w�rnei't yn grutte, toanoanjaande lannen as Frankryk, D�tsl�n, it Feriene Keninkryk, Itaalje, Eastenryk-Hongarije en Rusl�n de �ntwikkeling oant 1919 frijwol stil kaam te lizzen. Yn 'e Feriene Steaten, lykwols, koe de �ntjouwing s�nder �nderbrekking fuortset wurde, mei as gefolch dat it swiertepunt fan 'e mondiale sinematografy yn dat l�n kaam te lizzen. Yn 'e 1910-er jierren rekke de Amerikaanske filmyndustry konsintrearre yn Hollywood, yn s�dlik Kalifornje, dat d�r fanwegen syn klimaat en (doe noch) goedkeape gr�n tige gaadlik foar wie. De opkomst fan Hollywood waard karakterisearre troch it ynnovative wurk fan regisseur D.W. Griffith, benammen yn films as The Birth of a Nation (1915) en Intolerance (1916). Hoewol't Jeropeeske filmmakkers as Sergej Eisenstein, F.W. Murnau en Fritz Lang, mei it wurk fan Griffith as ynpiraasjeboarne, yn 'e 1920-er jierren harren efterst�n gau fuortwurken, kaam de posysje fan Hollywood as filmhaadst�d fan 'e wr�ld nea wer yn gefaar.

Yn 'e 1920-er jierren berikte it tiidrek fan 'e stomme film syn hichtepunt mei akteurs as Buster Keaton, Charlie Chaplin en Laurel en Hardy. Tsjin 'e ein fan dat desennium makke de �ntwikkeling fan elektroanyske l�dsopnametechnology it mooglik om in soundtrack fan spraak, muzyk en l�dseffekten, dy't syngroan r�n mei de fisu�le aksje, yn in film te ynkorporearjen. Dat resultearre yn it �ntstean fan 'e earste l�dsfilms, dy't yn 't earstoan noch talkies neamd waarden om harren te �nderskieden fan 'e stomme films. De nije techniken soargen lykwols foar in revol�sje dy't net tsjin te kearen wie, en tsjin 1930 wie de stomme film yn 'e Feriene Steaten frijwol �tstoarn. De rest fan 'e wr�ld kaam in skoftke efteroan, mar ek d�r ferdw�n de stomme film yn 'e earste helte fan 'e 1930-er jierren.

De Bruorren Lumi�re, dy't de earste film makken.

De ynfiering fan kleur

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In oare grutte technologyske �ntwikkeling �t dyselde snuorje wie de yntroduksje fan 'e kleurefilm. Earder waarden alle films opnommen yn swart-wyt, w�rnei't guon op tiidr�vjende en djoere wize mei de h�n ynkleure waarden mei techniken dy't ek nochris gjin 'natuerlike' kleuren opsmieten. De trije-stripsferzje fan Technicolor makke dat lykwols oerstallich en levere ek noch folle moaiere, natuerliker kleuren. Lykwols, hoewol't de stomme film der binnen de koartste kearen �nder str�pt wie nei't de l�dsfilm �ntwikkele waard, duorre it �ftankjen fan swart-wytfilms yn it foardiel fan kleurefilms folle langer. De earste kleurefilms wiene in stikmannich koarte tekenfilms �t 1932. D�rnei krong kleur ek troch yn koarte live-actionfilms, en doe yn in pear isolearre s�nes yn guon langspylfilms. Yn 1935 waard foar it earst in hiele langspylfilm yn kleur makke, Becky Sharp, mar ek d�rnei noch waarden oant yn 'e 1950-er jierren in soad swart-wytfilms produsearre. De reden d�rfoar wie dat kleurefilms rottekr�ddjoer wiene, sadat de filmmakkers der tsjinoan skytskoarren. Wat �teinlik de trochslach joech, wie dat kleurefilms yn 'e bioskopen folle mear publyk loeken as swart-wytfilms.

En d�r hiene de filmmakkers ferlet fan, want fan 'e iere 1950-er jierren �f belune it bioskoopbesyk sterk fanwegen de tanimmende beskikberheid fan (swart-wyt)tillefyzje. Behalven troch mear kleurefilms te leverjen, besochten filmmakkers en bioskoop�tbaters it publyk ek werom te heljen troch gruttere byldskermen te ynstallearjen en films yn widescreenformat, polarisearre 3D-projeksje en mei stereofoanysk l�d te meitsjen. Guon wichtige Hollywoodfilms waarden tsjin 'e midden fan 'e 1960-er jierren noch yn swart-wyt makke, mar dy markearren de wiere ein fan it swart-wyttiidrek. Tsjin dy tiid wie nammentlik ek tillefyzje yn kleur te �ntfangen, en it Amerikaanske publyk wegere langer noch foar swart-wytfilms te beteljen. Dat twong alle filmstudio's om oer te gean op it meitsjen fan kleurefilms. S�nt wurde inkeld noch films yn swart-wyt makke as d�r in sinematografyske reden foar is, lykas by Steven Spielberg syn oarlochsdrama Schindler's List it gefal is.

Diversifikaasje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oarspronklik wiene der acht grutte filmstudio's dy't yn Hollywood de tsjinst �tmakken. Dat wiene de Grutte 5: 20th Century Fox, RKO Pictures, Paramount Pictures, Warner Bros. en Metro-Goldwyn-Mayer (MGM). D�ropta wiene der de Lytse 3: Columbia Pictures, United Artists en Universal Pictures. United Artists koe trouwens de titel fan 'grutte' filmstudio faak mar kwealk beh�lde, en operearre yn haadsaak as stiper en distributeur fan films dy't troch �n�fhinklike filmprodusinten makke wiene. Nei de 1960-er jierren rekke dit saneamde studiostelsel yn it neigean. Mei trochdat filmtechniken minder djoer waarden, kamen der mear k�nsen foar lytsere studio's en foar makkers fan �n�fhinklike films. D�rtroch �ntstiene feroarings yn 'e produksje en styl fan 'e films dy't makke waarden. Boppedat �ntstiene ek b�ten Hollywood grutte regionale filmyndustryen, lykas Bollywood yn Yndia en Nollywood yn Nigearia. Yn 'e 1990-er en 2000-er jierren waard digitale technology de driuwende kr�ft efter fierdere fernijings, lykas digitale 3D-projeksje en kompj�tertekenfilms.

In opwynbere 16-mm-kamera Bolex H16. Dit is in kamera dy't faak br�kt wurdt troch begjinnende studinten oan in filmoplieding.

It meitsjen fan in film

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Behalven in kamera moat men foar it opnimmen fan in film fansels ek in bylddrager hawwe. D�rfoar binne ferskate standertmjitten:

  • 70 mm-film of Todd-AO: Fiif perforaasjes oan 'e r�nen fan 'e filmstripe per byld. Foarhinne selden br�kt, mar tsjintwurdich hieltyd popul�rder fanwegen de opmars fan IMAX.
  • 35 mm-film: Fjouwer perforaasjes per byld. It measte br�kt foar bioskoopfilms. Dit is deselde soarte film dy't ek foar lytsbyldkamera's br�kt wurdt.
  • 16 mm-film: ien perforaasje per byld. Br�kt troch amateurfilmers, mar letter ferkrongen troch 8 mm. Ek br�kt foar filmfertoanings yn h�slik fermidden en op skoallen en sa, mar letter ferfongen troch fideo en d�rnei troch dvd. Fierders wol br�kt foar dokumint�res.
  • 9� mm-film: ien perforaasje, mar tusken de bylden yn. Yntrodusearre troch Path� Fr�res yn 1922. Hold de midden tusken 8 mm (goedkeaper) en 16 mm (better byldoerflak). Waard br�kt troch amateurs, letter frijwol hielendal ferkrongen troch 8 mm en 16 mm.
  • 8 mm-film: ien perforaasje per byld, en de film is mar oan ien kant perforearre. Popul�r by amateur-filmmakkers. By opname wurdt soms in 16 mm-film br�kt mei it d�bele tal perforaasjes; de film moat dan twaris beljochte en d�rnei yn 'e lingte trochsnien wurde.

Yn 'e sinematografy giet it om bylden dy't f�stlein wurde troch de ynwurking fan ljocht op in ljochtgefoelige laach op in lange filmstripe dy't �nder it opnimmen troch de filmkamera r�let. D�rby waard foarhinne ek gebr�k makke fan optyske l�dsopnames op 'e filmstripe. Yn it hjoeddeistige sinematografyske proses wurdt it l�d lykwols hast �tslutend noch digitaal opnommen, �tsein inkele eksperimintele films of low-budgetproduksjes dy't gebr�k meitsje fan fer�ldere apparatuer om 'e kosten te drukken. Ek digitale byldopnamen komme almar mear foar; dy wurde yn 'e regel ek gewoan oantsjut as 'film', hoewol't der dus yn 'e praktyk eins gjin filmmateriaal mear oan te pas komt.

In ikoantsje fan in projektorr�le mei in celluloidfilmstripe.

As men it oer 'in film' hat, bedoelt men almeast in langspylfilm, dy't makke wurdt om yn bioskoop of filmh�s fertoand te wurden oan in beteljend publyk. Sokke films wurde makke troch in regisseur, wylst de omballingen regele wurde troch in filmprodusint. De produksje bestiet �t trije fazen: de preproduksje (of tarieding), de opnamen (of eigentlike produksje) en de postproduksje (of �fwurking). By grutte filmstudio's is it tafersjoch op 'e produksje yn 'e hannen fan in �tfierend produsint, dy't foar syn wurk net op set oanw�zich hoecht te w�zen, mar fan in �fst�n in stjoerende wurking hat en benammen oer it jild giet. Regisseur en produsint wurde ornaris bystien troch in team assistinten, hoewol't it by low-budgetproduksjes ek mooglik is dat beide funksjes troch ien en deselde persoan ferfolle wurde en dat de hiele produksje fan 'e film dus in ienmansprojekt is. Neffens de klassike metoade, by in middelgrutte of gruttere filmstudio, giet de produksje fan in film lykwols lykas hjir�nder beskreaun.

De preproduksje is it stadium dat foar�fgiet oan it eigentlike opnimmen fan 'e film. Yn dat stadium wurdt bepaald hokfoar soarte film oft men meitsje wol, al besteane d�r yn 'e regel dan al beskate idee�n oer. Dy idee�n wurde yn 'e preproduksje �twurke en der wurdt in synopsis skreaun, in gearfetting fan 'e filmplot. D�rnei wurdt de synopsis �twurke ta in langere gearfetting, dy't de step outline of koartwei outline hjit. Eltse s�ne fan 'e film wurdt d�ryn koart beskreaun, sadat men in byld krije kin fan hoe't de film der �teinlik �t komme sil te sjen. De step outline is inkeld bedoeld foar de makkers sels en komt b�tensteanders mar selden �nder eagen.

Nei it opstellen fan 'e step outline wurdt de saneamde treatment skreaun, w�ryn't oanj�n wurdt wat der yn alle s�nes persiis yn byld brocht wurde sil. De treatment giet poer oer de fisu�le kant fan 'e film; oer de op te nimmen dialooch stiet der neat yn. Underwilens wurde los fan 'e treatment de saneamde karakterdossiers opsteld, dy't eftergr�nynformaasje oer de personaazjes jouwe en d�rmei oanwizings hoe't de personaazjes har yn beskate sitewaasjes h�lde en drage moatte. Ek wurde de dialogen (of monologen) �twurke. Neitiid wurde treatment, karakterdossiers en dialogen gearfoege ta in senario of filmskript. Sa'n senario soe omskreaun wurde kinne as in �twurke fariant fan 'e treatment. It is gebr�klik om te begjinnen mei in kladferzje fan in senario, dy't dan troch de senarioskriuwer yn oerlis mei de regisseur en mooglik ek mei de produsint ferskate kearen byskaafd en oanskerpe wurdt, oant der in definitive ferzje �ntstiet dy't it shooting script neamd wurdt. D�ryn stiet oant yn it lytste detail beskreaun wat der barre moat en bygelyks ek hokker l�den oft der te hearren w�ze sille of hokker sfear oft in beskate s�ne oproppe moat. Yn it shooting script is fierders eltse s�ne n�mere fan it begjin fan 'e film �f.

De folgjende stap is it meitsjen fan in draaiboek. Yn it draaiboek is �twurke wannear't de opnamen fan hokker s�nes plakfine sille. S�nes fan films wurde nammentlik net opnommen neffens harren folchoarder yn 'e film. As bygelyks s�ne 1, 3 en 8 yn deselde keamer spylje, dan is it logistyk folle handiger om dy trije s�nes efterinoar oan op te nimmen, op deselde opnamedei as dat mooglik is, en d�rnei fierder te gean mei bygelyks s�ne 2. Soms wurdt tagelyk mei it draaiboek ek in storyboard makke. Dat is in samling n�mere sketsen en foto's, dy't elts ien shot fertsjintwurdigje. Ofbylding 4.3 is dan it tr�de shot fan s�ne 4.

De opnammen, oftewol de eigentlike produksje fan in film, begjinne op 'e earste opnamedei. Fan dat stuit �f wurdt per shot wurke. Men nimt lytse stikjes film op en faak wurdt tagelyk it l�d ek opnommen. As alle shots filme binne, kinne de opnamen be�inige wurde. It komt lykwols foar dat de regisseur letter ta it besef komt dat er noch wat fergetten is, of dat it shooting script troch �nfoarsjoene foarfallen (lykas it ferstjerren fan ien fan 'e akteurs �nder de opnamen) noch feroare wurde moat. Dan kin it w�ze dat de (oare) akteurs letter weromroppen wurde om noch ien of in pear ekstra shots of s�nes op te nimmen.

Nei de produksje folget de postproduksje, dy't begjint mei de montaazje fan 'e opnommen shots. D�rby wurde de filmbylden yn 'e juste folchoarder efterinoar plakt en wurdt oerstallich materiaal fuortknipt. De montaazje fan in film is in langduorjende proseduere, w�rby't men fan alles besiket mei it opnommen materiaal om ta de b�ste ferzje fan 'e film te kommen. Yn dit stadium wurde ek de eventu�le special effects tafoege. As �teinlik besletten is ta in definitive ferzje, sprekt men fan in picture lock.

In tekenfilmke fan in hynder, dat gebr�k makket fan acht tekene plaatsjes.

D�rnei kin de l�dsneibewurking begjinne. Der wurdt in komponist ynhierd om filmmuzyk te meitsjen, dy't mei de opnommen en neibewurke dialooch en de tafoege l�dseffekten (bgl. it slaan fan in doar of it sjongen fan f�gels) gearfoege wurdt ta de saneamde einmiks yn in proses dat de miksaazje hjit. It einresultaat fan 'e l�dsneibewurking is de soundtrack fan 'e film, dy't ek wol it sound design of l�ds�ntwerp neamd wurdt.

Ta einbesl�t binne der dan noch in tal technyske bewurkings dy't oan 'e film ferrjochte wurde moatte, lykas it kleurkorrizjearjen en it meitsjen fan 'e prints. Pas d�rnei is de film ree om yn 'e bioskoop fertoand te wurden. De neamde aktiviteiten hoege net beslist yn 'e hjirboppe oanholden folchoarder dien te wurden. Ofhinklik fan 'e foarkar fan 'e regisseur kin it ek oars om en ta gean, en sa't earder al oanj�n is, hawwe low-budgetproduksjes de finansjele middels net om op dizze wize te wurk te gean.

Nei't in film ienris syn definitive foarm berikt hat, folget noch it proses fan filmdistrib�sje. Films wurde faak earst �tbrocht yn 'e bioskopen, d�r't se tradisjoneel fertoand wurde mei behelp fan in filmprojektor yn in romte fuort efter de filmseal, dy't de bylden projektearret op it grutte wite skerm foaryn de seal. Almar mear wurdt tsjintwurdich lykwols digitale projeksje br�kt, en men is fan tinken dat dy �teinlik de klassike filmprojeksje folslein ferfange sil. De earste fertoaning fan in film yn in bioskoop is de premi�re. Faak wurdt d�r in feestlike gelegenheid fan makke, mei reade loper en galakledaazje, w�rfoar't sawol de cast (spilers), crew (makkers) as de media �tn�ge binne. Want om oan in film fertsjinje te kinnen, wat ommers ornaris de bedoeling is, moat der ek reklame foar makke wurde. D�rta wurde faak foar�fgeande oan 'e premi�re al trailers (koarte reklamefilmkes) publisearre om it publyk alf�st waarm te meitsjen. Ek wurde by bioskoopfertoanings foar�fgeande oan 'e haadfilm foarfilms tafoege dy't reklame meitsje foar films dy't mei koarten yn deselde bioskoop te sjen w�ze sille.

Foarhinne wie it sa dat film likern�ch in healjier nei't se yn 'e bioskoop yn premi�re gien wiene, �tkamen yn 'e fideoteek, d�r't se op VHS-fideobannen ferhierd waarden. Wer likern�ch in healjier letter ferskynden se dan as keapfideo. Tsjintwurdich wurde films faak in pear moannen of in fearnsjier nei't se foar it earst yn 'e bioskoop kommen binne al te keap �tbrocht op dvd en blu-ray. Op 'e tillefyzje wurde se pas foar it earst �tstjoerd likern�ch in jier nei de premi�re yn 'e bioskoop. D�rnjonken binne films tsjintwurdich ek foar ien besichtiging te 'keapjen' oer it ynternet by video on demand-bedriuwen, lykas Netflix.

As in film yn it l�n fan produksje net gen�ch jild opbrocht hat yn 'e bioskoop, wurdt by ferkeap oan oare lannen de bioskoop d�re gauris oerslein. De film wurdt yn it b�tenl�n dan daliks �tbrocht op dvd. Soks bart ek wol yn it l�n fan produksje sels, as de filmstudio nei it �fr�njen fan 'e produksje ta de konkl�zje komt dat de film net goed gen�ch is foar de bioskopen, of as de bioskopen der gjin brea yn sjogge. Sokke films wurde oantsjut as direct-to-video. Der binne ek films dy't net foar de bioskoop bedoeld binne, mar spesjaal foar op 'e tillefyzje makke wurde; dat binne tillefyzjefilms, dy't faak earder by tillefyzjeprogramma's kategorisearre wurde as by 'echte' films. Oan 'e oare kant komt it ek wolris foar dat in tillefyzjefilm sa popul�r blykt te w�zen dat er letter of yn in beskaat l�n dochs yn 'e bioskoop fertoand wurdt.

De opkomst fan it ynternet hat derta laat dat mannich begjinnend filmmakker syn eigen wurken no oan in grut publyk toane kin troch syn films ienf�ldichwei op websiden as YouTube of Vimeo te setten. Dat is in grutte feroaring, dy't begjinnende filmmakkers folle �n�fhinkliker makket fan filmstudio's en bioskopen. Fia �.m. de sosjale media kinne films boppedat maklik en relatyf goedkeap by minsken �nder de oandacht brocht wurde.

Soarten en sjenres

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Films binne der yn alderhanne ferskillende soarten. Yn it foarste plak ferskille se op it mêd fan harren format. Sa hat men stomme films en lûdsfilms, lange films en koarte films, films dêr't inkeld yn aktearre wurdt en films mei sang en dûns (saneamde musicalfilms), en live-actionfilms, tekenfilms en oarsoartige animaasjefilms (lykas stop-motionanimaasjefilms). Dokumintêres binne films dy't net bedoeld binne om te fermeitsjen, mar om ynformaasje oer te dragen; sokke films binne dan ek gjin fiksje, mar non-fiksje.

Fierders komme films ek foar yn in grut tal sjenres en subsjenres fan fiksje:


Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, References en Further reading, op dizze side.