Springe nei ynh�ld

Uitgeverij Luitingh-Sijthoff

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Luitingh-Sijthoff)
Uitgeverij Luitingh-Sijthoff
algemien
nasjonaliteit Nederl�nsk
type privaat
sektor �tjouwerij
haadkertier Amsterdam (Noard-Holl�n)
oprjochte 1989
eigner VBK
fuortk. �t A.W. Sijthoff's Uitgeversmij
Uitgeverij Luitingh
offisjele webside
www.luitingh-sijthoff.nl

Uitgeverij Luitingh-Sijthoff is in algemiene Nederl�nske �tjouwerij, f�stige te Amsterdam, dy't fiksje en non-fiksje publisearret foar de Nederl�nsktalige merk. De �tjouwerij is yn 1989 �ntstien troch in f�zje fan A.W. Sijthoff's Uitgeversmaatschappij, dy't yn 1851 oprjochte wie troch Albertus Willem Sijthoff, en Uitgeverij Luitingh, dy't bestie s�nt 1947. Yn 'e mande mei ferskate oare Nederl�nske �tjouwerijen, w�r�nder Uitgeverij Contact en Kosmos Uitgevers, heart Utjouwerij Luitingh-Sijthoff ta �tjouwersgroep VBK.

Luitingh-Sijthoff publisearret �nder de folgjende ymprints:

Fryske �tjefte

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2013 naam Uitgeverij Luitingh-Sijthoff it inisjatyf om Inferno, de nijste bestseller fan 'e Amerikaanske skriuwer Dan Brown, yn it Frysk �t te bringen. D�rta waard kontakt lein mei skriuwer en dichter Abe de Vries, om it boek oer te setten. De resultearjende fertaling, Ynferno, kaam begjin desimber �t yn in oplaach fan 3.000 eksimplaren. Luitingh-Sijthoff wie hjirmei de earste lanlike �tjouwerij dy't him op 'e Frysktalige merk bejoech.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: