Springe nei ynh�ld

Saksetiid

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Saksyske Tiid)
Frysl�n �nder de Saksen
01498 - 1524
geografyske lokaasje
polityk
haadst�d Frjentsjer
offisjele taal Aldfrysk/Midfrysk
Nedersaksysk
steatsfoarm hearlikheid
�ntstien �t Fryske Frijheid
opgien yn Hearlikheid Frysl�n
no diel fan Frysl�n
Skieringers yn Medemblik freegje hartoch Albrecht om beskerming yn maart 1498 (Julius Scholz (1825-1893)

De Saksetiid wie it tiidrek tusken 1498 oant 1515 (de facto) of 1524 (offisjeel). Frysl�n hie yn dat tiidrek te krijen mei in grut tal D�tske gesachsdragers en hege amtners. It D�tsk waard ynfierd as offisjele bestjoerstaal.

Machthawwers �nder it Saksysk bew�ld wienen:

Albrecht fan Saksen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de 14e en 15e iuw wie Frysl�n rekke behelle yn de partijstriid tusken Skieringers en Fetkeapers. Op de ein fan de 15e iuw like it derop dat de Fetkeapers it pleit winne soene mei stipe fan de st�d Grins. De Skieringers stienen mei de r�ch tsjin de muorre en keazen doe as potestaat Juw Dekama, dy't lykwols net op eigen kr�ft Frysl�n �nder kontr�le krije koe. Hy fersiket d�rom yn 1498 oft Albrecht fan Saksen it bestjoer oer nimme wol. In Skieringer �ffurdiging reizget nei Medemblik, d�r't sy yn maart dat jier Albrecht erkenden as 'hear fan Westergoa yn Frysl�n', op betinkste dat er nammens it it Ryk beneamd wurde soe as steedh�lder, oars koe der wer �fsetten wurde; dy �fspraak waard bekr�ftige by it Ferdrach fan Snits op 30 april 1498[1].

Foar koarte tiid slagge Albrecht deryn de r�st yn Frysl�n te op te helpen. D�rfoar frege er lykwols in hege priis. De keizer, Maksimiliaan, dy't foar grutte bedraggen by Albrecht yn it kryt stie beneamde him as erflik gubernator en potestaat nammers de Roomske kening fan it Hillige Roomske Ryk. Sadwaande krige er it bew�ld oer de gebieten Eastergoa, Westergoa, S�nw�lden, de Stellingwerven, de Ommelannen, Dithmarschen en Noard-Frysl�n (20 july 1498)[2]. Letter waarden d�r noch oan tafoege: East-Frysl�n, de st�d Grins en B�tjadingen (27 maart 1499)[3].

Albrecht soe der lykwols net yn slagje om syn bew�ld yn alle dy gebieten �toefenje te kinnen. Hy krige inkeld it l�n westlik fan de Lauwers f�st yn hannen, de earste faze fan it Saksyske Skeel. D�r set er in nij bestjoersapparaat op poaten mei it D�tske as offisjele taal. Dy feroaring soe in grutte tebeksetter wurde foar de Fryske taal, en der kaam in ein oan it br�ken fan it Frysk yn it offisjele ferkear.

Joaris mei it Burd

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei't Albrecht yn 1500 ferstoar namen syn soannen Hindrik en Joaris syn taken oer. Fiif jier letter joech Hindrik syn rjochten oer oan Joaris, dy't d�rnei allinnichhearsker waard. Joaris koe lykwols syn gesach net yn alle Fryske gewesten , dy't harren eigen hearskers hiene, jilde litte. Yn 1514 besoct er Grins en de Ommelannen te oermasterjen, mar d�r ropten se de help yn fan greve Edzard I fan Eastfrysl�n en hartoch Karel fan Gelre dat late ta de twadde faze fan it Saksyske Skeel. Mei dy b�nsmaten waard de gubernator weromdreaun ta yn Ljouwert, Harns en Frjentsjer.

Gelderske Krigen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 19 maaie 1515 die George fan Saksen �fst�n fan Frysl�n. Hy ferkocht it foar de prys fan f. 100.000,-- oan Karel V, hartoch fan Boergonje en letter de keizer fan it Hillige Roomske Ryk. Karel stelde Floaris fan Egmont as earste Fryske steedh�lder oan, dochs hie gjin kontr�le oer it gebiet. Guon Fryske haadlingen sochten stipe by Karel fan Gelre, d�r't it Westerlauwerske ek yn de Gelderske Krigen behelle rekke. It plattel�n hie in soad te lijen fan de tsierende partijen en r�versbinden. Joarsi liet in binde hierlingen efter, de Swarte Heap neamd en dy loeken plonderjend troch it gebiet hinne. Boer Pier Gerlofs Donia, better bekend as Grutte Pier, waard dêr ek slachtoffer fan. Hy sammele in legerke byinoar, de Arumer Swarte Heap en mei stipe fan de Geldersken jage er de Swarte Heap út Fryslân wei en fear er op de Sudersee en foel er Hollân oan. Underwilens hie Karel fan Gelre sels grutte ambysjes Fryslân ûnder kontrôle te krijen. Teloarstellend luts Pier him werom nei Snits en ferstoar yn 1520 dêre. Wijard Jelckama naam de striid fan him oer, mar waard yn 1523 troch it leger fan Karel V ûnder lieding fan Georg Schenk fan Toutenburch ferslein. Jelckama waard yn Ljouwert yn it iepenbier ûnthalzge en yn 1524 kaam Fryslân ûnder it bestjoer fan Schenk fan Toutenburch, dy't steedhâlder yn namme fan Karel V waard. De Hearlikheid Fryslân waard yn desimber 1524 oprjochte en waard oan de Habsburchske Nederlannen en de Boergondyske Rykskrite taheakke.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Fuotnoat:

  1. Johan Frieswijk e.a., Fryslân, staat en macht 1450-1650: bijdragen aan het historisch congres te Leeuwarden van 3 tot 5 juni 1998 (Hilfersom 1999) 90. Uitgeverij Verloren.
  2. Frieswijk e.a., Fryslân, 92
  3. Frieswijk e.a., Fryslân, 93