Springe nei ynh�ld

Angelen

Ut Wikipedy
Oarspronklik gebiet fan de Angelen yn Sleeswyk
East Anglia

De Angelen wienen in Germaansk folk �t it noarden fan Jeropa. De kearn fan harren gebiet lei wierskynlik yn Sleeswyk. Yn de 5e iuw stutsen hja it Kanaal oer en foelen it tsjintwurdige Grut-Brittanje yn, tegearre mei de Saksen, Friezen en de Juten. Nei it skynt hawwe alle leden fan dat folk yn de rin fan de 5de iuw de Noardsee oerstutsen, want d�rnei wurdt op it f�stel�n nearne mear fan harren neamd.

De namme Ingel�n is nei de Angelen neamd, lykas direkt of yndirekt wurden as Ingelsk, Angelsaksysk en anglofyl.

Oerstek nei Brittanje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan om-ende-by 200, oant likern�ch 440, binne in protte Angelen tegearre mei de Saksen, Friezen en Juten nei Ingel�n emigrearre. Dat by dat barren alle bewenners harren eardere wenplakken ferlitten hawwe, lykas troch letter boarnen neamd wurdt, is net wierskynlik. Blykber waarden Germanen troch de Romeinen as helptroepen (foederati) oanwurven, om it l�n nei it tebekl�ken fan de keizerlike troepe (410) tsjin de oerfallen fan de barbaarske Pikten te beskermjen.

It liket derop dat de Germaanske troepen dochs rillegau �n�fhinklike hearlikheden stichten. De Angelen festigen harren benammen yn it easten (East Anglia yn de greefskippen Cambridgeshire, Norfolk, Suffolk, dielen fan s�dlik Lincolnshire) en yn de 6e iuw lutsen sy ek nei it noarden oant yn Lothian (Skotl�n) en stichten hja it keninkryk Deira yn Northumbria. De l�nseigen befolking gie op yn it folk fan de Angelsaksen en waarden om 600 hinne tegearre oantsjut as Engle. De namme Ingel�n foar it s�deastlik part fan Brittanje is lykwols �flaat fan Angelen. It Aldingelsk, besibbe oan it Aldsaksysk, waard de basis foar it Ingelsk.

Yn de tiid fan de oergong fan de Lette Aldheid nei de Midsiuwen beg�n it kristenjen troch Augustinus fan Canterbury. De grutste stammen ferienigen harren �teinlik yn in 'ingelsk' keninkryk �nder Egbert fan Wesseks.

Germaanske folken feroarje
AllemannenAmbroanenAmpsivarenAngelenAngrivaarjersAsdingenBajuwarenBatavenBoergondenBruktearenChasuariiDulgubniiFandalenFangionenFisigoatenFosyFranken · Frisii · Gamaven . Gepiden · Goaten · Harii · Helisjers · Hermunduren · Herulen · Juten · Kananefaten · Kimbren · Kwaden · Lakringen · Langobarden · Lemovjers · Lugjers · Manimjers · Markomannen · Marobudui · Mattiakken · Naharvalen · Nemeten · Nervjers · Ostrogoaten · Rugjers · Saksen · Semnoanen · Silingen · Sitones · Sjamaven · Sjatten · Sjauken · Sjerusken · Skieren · Suëven · Sugambren · Suiones · Tenktearen · Teutoanen · Toksandrjers · Treveary · Triboken · Tubanten · Tudry · Ubjers · Usipeten · Volcae · Warnen