Springe nei ynh�ld

Anne Woudwijk

Ut Wikipedy
St�nbyld fan Grutte Pier, makke troch Anne Woudwijk.
Livius, Aldegea, 2010

Anne Woudwijk (Drachten, 11 maaie 1952) is in byldzjend keunstner �t Drachten.

In soad fan syn wurk is neu ferb�n mei de provinsje Frysl�n. Woudwijk wurdt ek faken ynspirearre troch de �lde Germaanske mytology.

Yn it bekend wurk fan syn h�n is it st�nbyld fan Grutte Pier yn it sintrum fan Kimswert. Yn 1992 bea hy by de iepening fan in Frysk-Grinzer agintskip fan De Nederlandsche Bank[1] yn Drachten in byld oan, dat in guozzepear foarstelde. Mei it pear, dat elkoar libbenslang trou bliuwt, symbolisearre Woudwijk de ferb�nenheid tusken de provinsjes Grinsl�n en Frysl�n. Yn opdracht fan De Nederlandsche Bank mekke hy fierder in keunstwurk mei as titel De Guozzetrek. Trije wjuken, w�rfan de heechste 5,50 meter is, steane yn in hoeke fan 17 graden yn in fiver foar it gebou.

Yn 2002-2003 exposearre Woudwijk yn Museum Smellingerl�n yn Drachten mei njoggen mytologyske bylden.[2]

Yn 2006 eksposearre hy yn itselde museum mei in ynstallaasje[3] mei as tema de �ldtestamintyske profeet Elia. De ynstallaasje is �tfierd yn paleobasalt.

Yn 1993 waard op de pier fan Holwert in byld fan in walfisk setten. Neidat in fearboat der yn 2001 yn tichte mist tsjinoan fard wie, waard it 50 ton swiere byld slim skansearre.[4] It byld is wyls restaurearre en wer op de pier fan Holwert tichtby it oanlisplak foar de boat nei It Amel�n setten.

Anne Woudwijk makket ek de byldsjes foar de Rink van der Veldepriis.

Syn dochter Roelie Woudwijk (Drachten 1979) is ek byldzjend keunstner.

Wurk yn de iepenbiere romte

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Anti-apartheidsbyld (1986), Drachten
It Drachtster sk�tsje (2014)
Plak Titel Jier
Dokkum: J. J. Boumanschool, Hantumerwei Menhir 1982
Drachten: Berkenlaan Fransiskus fan Assisy 1989
Drachten: Gauke Boelenslaan Anty apartheidsbyld 1986
Drachten: Helmhout 21 De Stienbok 1995
Drachten: M�nein Bouwe 1987
Drachten: Parkwijck De Singels Sk�tsjes 1988
Drachten: Torenstraat H�nsje 1995
Drachten: fiver foar 'Centrum voor Lichtarchitectuur', Oerterper Fallaat Guozzetrek 1992
Drachten: foar CSG Liudger , Splitting s�nder titel 1976
Drachten: Zetveld Famylje om stjer hinne 1992
De Fochtel: foar doarpsh�s 'Et Legien', Zuideinde Kuorhin 1997
It Hearrenfean: foar ibs 'De Letterbeam', C. van Scheltingaweg Fan kikkertdril oant kikkert (spylplastyk) 1979
Drylts: Gemeenteh�s, Stadslaan Frysk hynder mei f�le en bern 1986
Jirnsum: Douwemastrjitte Sirkusoaljefantsje 1998
Ketlik: yn natuergebiet de 'Katlijker Schar' At de moanne it l�nskip feroaret, g�le de wolven 1997
Kimswert: foar caf� 'Greate Pier', Greate Pierwei Grutte Pier 1985
Ljouwert: foar gebou FNP, Obrechtstraat Yndiaan 1986
Nij Beets: Gietersewei 1 s�nder titel s.j.
Nijl�n: Tsjerkegr�ft Leginde fan de oksen 1994
De Pein s�nder titel (oarlochsmonumint) 1995
It Oranjew�ld: Koningin Julianaweg Sprong fan de ree 1990
Snits: Schoenmakersstraat De Miereheap 1982
Sumar: Damsingel Bintje 1999
Terherne: Utbuorren De Wolf 1996
Tytsjerk: by de br�ge oan it S�derein Skippersfrou 1982
Wytmarsum: boarstbyld op plein yn it sintrum Pim Mulier 1986
Drachten: It Drachtster sk�tsje 2014
Aldegea (Smellingerl�n): by de Sint-Agatatsjerke Urnemuorre mei bank 2021
  • P.M.J. Jacobs - Byldzjend Nederl�n: biografysk h�nboek (1993)
  • Gerrit & Eilert Lubbers - Anne Woudwijk (1998)

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foto’s fan Anne Woudwijk syn wurk:


  1. Wysl sit yn it gebou it Sintrum foar Ljochtarsjitektuer.
  2. Eftergrûnynformaasje oer dizze bylden is te finen op CultuurArchief.nl
  3. Oer dit wurk is mear ynformaasje te finen op Galeries.nl.
  4. Veerboot Sier vaart walvis stuk in Leeuwarder Courant, 26 septimber 2001