Springe nei ynh�ld

Buck Adams

Ut Wikipedy
Buck Adams
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
D.A. Adams, Charles Allen,
Charles S. Allen, Hector,
Claymore Rush
echte namme Charles Stephen Allen
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 15 novimber 1955
berteplak Los Angeles (Kalifornje)
stoarn 28 oktober 2008
stjerplak Los Angeles (Kalifornje)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
wurkpaad
wurksum as pornoakteur, regisseur
jierren aktyf 19842008
offisjele webside
n.f.t.

Buck Adams, echte namme: Charles Stephen Allen, byneamd 'Backhand' (Los Angeles, 15 novimber 1955 – dêre, 28 oktober 2008), wie in Amerikaansk bokser, pornografysk akteur en regisseur. Hy makke yn it begjin fan syn karri�re ek wol gebr�k fan syn eigen namme en fan 'e sk�lnammen D.A. Adams, Hector en Claymore Rush. Hy sette yn 1984 �tein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en spile yn h�nderten films. Adams w�n trije kear de prestizjeuze AVN Award foar b�ste akteur. Hy gie troch mei dat wurk oant er yn 2008 kaam te ferstjerren oan in hertoanfal.

Libben en karri�re

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Adams waard yn 1955 berne yn Chatsworth, de wyk fan Los Angeles dy't it sintrum fan 'e Amerikaanske pornoyndustry is.

Adams besocht oarspronklik om it te meitsjen as bokser, wat mislearre, en �nderhold himsels letter as �tsmiter. Syn suster, Amber Lynn, dy't yn 'e earste helte fan 'e 1980-er jierren mei in karri�re as pornoaktrise �teinset wie, beloek him by de pornoyndustry om't se seach dat er sa'n bytsje fertsjinne dat er soms amper itende bliuwe koe. Yn 1984, doe't er 29 jier wie, beg�n Adams sadwaande te wurkjen as pornoakteur. Yn dy hoedanichheid hied er grut s�kses, en hy w�n trije kear in AVN Award (de Oscar fan 'e pornowr�ld) yn 'e kategory b�ste akteur: yn 1987 foar de film Rockey X, yn 1992 foar Roxy en yn 1995 foar No Motive. Ek waard er ynhuldige as lid fan sawol de AVN Hall of Fame as de XRCO Hall of Fame.

Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) spile Adams yn totaal yn 775 pornofilms, hoewol't d�r ek wer�tj�ne kompilaasjefideo's fan �lder wurk tusken sitte. Hy wurke �.m. foar sokke foaroansteande labels as Devil's Film, Vivid Entertainment, Evil Angel, Anabolic Video, Sin City, Adam & Eve, Elegant Angel en VCA Pictures. Ek wied er wol yn 't spier foar minder bekende studio's, lykas Caballero Home Video, Metro, Leisure Time Entertainment, Coast to Coast Video en Legend Video.

Under syn karri�re wurke Adams gear mei tsjinspylsters as Tracey Adams, Brigitte Aime, Johnni Black, Bunny Bleu, Vanessa Blue, Holly Body, Erica Boyer, Asia Carrera, J.R. Carrington, Jeanna Fine, Ashlyn Gere, Nina Hartley, Kylie Ireland, Jessica Jewel, Keisha, Sally Layd, Heather Lee, Shawna Len�e, Lovette, Mimi Miyagi, Isis Nile, Brittany O'Connell, Moana Pozzi, Savannah, Bianca Trump, Taylor Wane, Teri Weigel, Tori Welles, Zara Whites, Rebecca Wild en Lilli Xene. Hy hie in goede reputaasje yn 'e Amerikaanske pornoyndustry, en stie derom bekend dat er him foar aktrises oer hold en droech as in hear.

Njonken syn aktearwurk wie Adams ek efter de skermen by de pornoyndustry belutsen, as regisseur en senarioskriuwer. Hy makke syn deb�t as regisseur yn 1988 mei de film Squirt. Yn totaal regissearre er neffens de IAFD 85 pornofilms, �.m. foar de studio's Coast to Coast Video en Sin City. Ien fan 'e s�ksesfolsten wie Babewatch (1994), in pornografyske parody op 'e aksjesearje Baywatch, dy't yn 'e 1990-er jierren tige popul�r wie. Adams spile yn Babewatch ek sels, en waard tegearre mei Rebecca Wild nominearre foar de AVN Award foar b�ste sekss�ne mei in pearke. Neitiid makke er noch acht ferfolchfilms: Babewatch 2 oant en mei Babewatch 8 en Babewatch 13.

Adams en syn suster Amber Lynn hiene in stoarmeftige b�n, dy't hinne en wer swong tusken net mei-inoar praten en inige freonskip. Hja holden harren famyljerelaasje geheim oant in regisseur harren s�nder euvelmoed ris yn in sekss�ne oaninoar keppelje woe. Adams troude op 23 april 1986 mei pornoaktrise Janette Littledove. Nei't dat houlik yn in skieding einige wie, krige Adams yn 'e 1990-er jierren in relaasje mei pornoaktrise Aspen Brock.

Yn 'e hjerst fan 1996 oerlibbe er ferskate hertoanfallen efterinoar. Nei't er yn 1999 op 'e nij in hertoanfal krige, dy't him op in hier nei fataal waard, frege er Brock, wylst er noch yn it sikeh�s lei, om mei him te trouwen. Sadree't er wer th�s wie, f�n de brulloft plak. Adams swarde drank en drugs �f en joech him by AA. Op 28 oktober 2008 kaam er yn it Northridge Hospital Medical Center yn 'e Los Angelynske wyk Northridge, yn it byw�zen fan �.o. syn dochter Christa en syn suster Amber Lynn, te ferstjerren oan 'e gefolgen fan in nije hertoanfal. Hy waard 52 jier.

Prizen en nominaasjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
jier priis resultaat kategory foar har optreden yn
1987 AVN Award nominearre bêste sekssêne (mei Nina Hartley) Peeping Tom
nominearre bêste senario (fideo) (mei Patti Rhodes-Lincoln) Rockey X
wûn bêste akteur (fideo) Rockey X
1990 XRCO Award wûn bêste sekssêne (mei Tori Welles) The Chamelion
1992 AVN Award wûn bêste akteur (film) Roxy
1995 AVN Award nominearre bêste sekssêne mei in pearke (fideo) (mei Rebecca Wild) Babewatch
nominearre bêste byrol fan in akteur (film) The Secrets of Bonnie and Clyde
The Revenge of Bonnie and Clyde
nominearre bêste akteur (film) Climax 2000
nominearre bêste akteur (film) The Hustlers
nominearre bêste akteur (fideo) Gemini
nominearre bêste regisseur (film) No Motive
wûn bêste akteur (film) No Motive
1996 XRCO Award ynhuldige XRCO Hall of Fame oeuvre
jier ûnbekend AVN Award ynhuldige AVN Hall of Fame oeuvre

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Adams References, op dizze side.