Springe nei ynh�ld

Burdaard

Ut Wikipedy
Burdaard
Bestjoer
Lân flagge fan Nederlân Nederl�n
Provinsje Frysl�n
Gemeente Noardeast-Frysl�n
Sifers
Ynwennertal 1.170 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 6,71 km�, w�rfan:
- l�n: 6,56 km�
- wetter: 0,15 km�
Befolkingsticht. 180 ynw./km�
Oar
Postkoade 9111-9112
Tiids�ne UTC +1
Simmertiid UTC +2
Ko�rdinaten 53� 17' N 5� 52' E[1]
Offisjele webside
Side Burdaard
Kaart
Burdaard (Frysl�n)
Burdaard

Burdaard is in doarp dat yn de gemeente Noardeast-Frysl�n leit. Burdaard leit noardlik fan Aldtsjerk, s�deastlik fan W�nswert, westlik fan Rinsumageast en besuden Jislum. Op 1 jannewaris 2023 hie Burdaard 1.170[2] ynwenners. De doarpskearn leit oan beide siden fan de Dokkumer Ie.

Burdaard op in gravuere fan Jan Bulthuis (ein fan de 18de iuw)

Burdaard is �ntstien op in terp oan de Dokkumer Ie. Yn 945 wurdt Burdaard as Breitenfurde (Breedfurde) neamd yn de registers fan it kleaster Fulda. It liket der lykwols op dat der ferskil wie tusken de namme dy't it kleaster delskreau en sa't de namme lokaal br�kt waard. Der wurdt oannaam dat yn dit gefal de echte namme Birdwerd west hawwe moat, "terp oan de r�ne" (fan it wetter). It soe ek w�ze kinne dat it hjir om in D�tske beneaming giet, dy't oerset wurde kin as "brede fuorde". (in furde is in �ndjippe trochgong yn in wetter). Yn 1409 wurdt foar it earst melding makke fan in plak mei de namme "Berdawerd", in foarrinner fan de namme Burdaard. D�rnei waard it ek noch wol stavere as "Berdaewerdt", "Bierdauwert" en "Berdaerdt".

Yn de rin fan de tiid �ntstie der in streekdoarp. It measte ferkear gie doe oer it wetter fan de Dokkumer Ie. Sa kaam der ek hannel om de skippen fan it nedige te foarsjen en setten ambachtslju harren yn Burdaard nei wenjen dy't mei it wetter te dwaan hiene. Yn Burdaard hawwe der trije skipshellingen west, d�r't fral fiskersskippen boud waarden.

Burdaard en W�nswert oan de Streek

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Burdaard wie eartiids in twillingdoarp yn de twa gemeenten Dantumadiel en Ferwerderadiel. Oan de noardkant fan de Dokkumer Ie lei W�nswert oan de Streek yn de gemeente Ferwerderadiel, oan de s�dlike kant it doarp Burdaard yn de gemeente Dantumadiel. De ynwenners bekroaden har der net folle om. Allinne by de gemeenteriedsferkiezingen hongen oan beide kanten fan de Ie ferskillende biljetten. W�nswert oan de Streek waard by Burdaard ta ien doarp yndield en yn 1984 waard hiel Burdaard mei Jannum by in gemeentlike weryndieling �nder de gemeente Ferwerderadiel brocht.

Healwei de 13e iuw waard de Ie tusken Burdaard en Tergr�ft trochgroeven, en yn 1506 waard dizze rivier foar it earst slatten. Der wurdt melding makke fan in trochw�d yn de Ie by Burdaard. De plaknamme feroare in skoft yn "Berdawerder(a)tille". Yn 1777 bart de twadde grutte slatting fan de Ie.

Geunstich foar de �ntwikkeling fan Burdaard hat west dat it doarp op 'e grins lei fan de klaai en de W�lden. Burdaard waard in steapelplak foar de trochfier nei Ljouwert en Dokkum. Keaplju kochten foaral tsiis op, dy't hja fierder ferkochten. D�rnjonken wie der in hannel yn fee. Tongersdeis waard der yn Burdaard de foarmerk holden foar de freedsmerk yn Ljouwert.

Ut 'e skieppehannel folge de komst fan slachters, dy't de skiep slachten en it fleis ferkochten nei de st�den. It fet waard br�kt troch de kearsemakkerij. It iennige d�r't gjin hannel yn siet, wiene de koppen fan de skiep. De Burdaarders hawwe d�r de skelnamme fan skieppekoppen oan oerholden.

De �ntwikkeling is ek oan de Ie ferr�n. It wiene foaral rintenierjende boeren dy't in h�s oan it wetter in gaadlik plak f�nen.

Yn de 19e iuw begjint de rykdom fan de Burdaarders te groeien. Yn de twadde helte fan de 19e iuw wurde de earste diken nei Jislum, W�nswert en Stiennen Daam ferhurde

Yn de Twadde Wr�ldoarloch yn de nacht fan 15 op 16 augustus 1944 waard it h�s fan prominint fersetslid Freerk Leystra mei h�ngranaten ferwoaste en yn de l�ge setten. Dat wie in represaille nei in fjoergefjocht yn en om it h�s tusken trije fersetsleden, w�r�nder Leystra sels, en in oantal leden fan de SD, w�rby't twa fan de trije SD'ers it libben ferlearen. Yn dyselde nacht ferlieten in soad Burdaarders it doarp foar in skoftke om't hja benaud wiene foar de reaksje fan de D�tske besetter. Leystra bleau oant de ein fan de oarloch �nderd�kt.

Om 1970 hinne l�kt in ekonomyske mal�ze troch it doarp, mei as gefolch dat in soad winkels oph�lde te bestean. Yn 1972 beg�n in grut ruilferkavelingsprojekt en om 2000 wreide it doarp flink �t mei in nijbouprojekt oan de westkant fan it doarp, oan de Dokkumer Ie.

Yndustrialisaasje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei 1900 waarden it molkfabryk Konkordia en de feefoerko�peraasje De Iendracht stichte. De Iendracht ferwurke ek dong. Nei 1945 binne beide troch f�zjes ferdw�n. Fan Konkordia is neat mear oer. Yn it kompleks fan De Iendracht is no in arsjitekteburo.

11st�deswimtocht

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It st�nbyld fan Maarten van der Weijden yn Burdaard, makke troch Hans Jouta.

Op 20 augustus 2018 moast swimmer Maarten van der Weijden yn Burdaard syn besykjen opjaan om yn it ramt fan syn 11st�deswimtocht de Alvest�detocht te swimmen. Op 15 juny 2019 waard yn 'e haven fan Burdaard in st�nbyld fan Van der Weijden as swimmer �ntbleate, dat makke wie troch keunstner Hans Jouta fan Ferwert.

Tsjerke op 'e Terp

De Tsjerke op 'e Terp

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in side Tsjerke op 'e Terp (Burdaard).

De Tsjerke op 'e Terp �t 1851, de eardere herfoarme tsjerke, stiet wat b�ten it doarp op de terp mei de pleats Grut Wytsma. It hat noch al wat drokte j�n om de tsjintwurdige tsjerke te bouwen. Burdaard/Jannum wie in earme gemeente en neffens it plan soe der in foarse tsjerke komme. De hegere tsjerklike ynst�nsjes hawwe dat plan �fkard. Burdaard is doe mei in ienf�ldiger plan kommen. As foarbyld tsjinne de tsjerke fan Ikkerw�ld. It Adema-oargel is makke foar de Roomsk-Katolike Tsjerke yn De Kuunder. Yn 1871 is it ferh�ze nei Burdaard.

De Tsjerke oan 'e Ie

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Tsjerke oan 't Ie
De Wikipedy hat ek in side Grifformearde tsjerke (Burdaard).

De Ofskieding fan 1834 hat yn W�nswert hiel sterk spile. De �fskiedenen holden harren tsjinsten yn W�nswert oan 'e Streek. Yn 1861 kaam der in tsjerke. Dy is yn 1892 ferfongen troch de tsjerke dy't der no stiet. Offisjeel hiet de tsjerke de Kristlik Ofskieden tsjerke, letter de Grifformearde tsjerke fan W�nswert. Under W�nswert wurdt der fierder op de skiednis fan de Ofskiedenen yn gien. Tsjintwurdich binne de grifformearden en herfoarmen fusearre en foarmje hja de Protestantske Gemeente Burdaard-W�nswert-Jislum.

De Nederlandse Protestanten Bond

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De frijsinnigen yn Burdaard hawwe in skoft in �fdieling west fan de NPB. Hja kamen gear yn de boppeseal fan de herberch Het Posthuis, no kafee 't Hoekje. De herberch hat der de namme fan de Bond oan oerholden.

De Wikipedy hat ek in side De Swel (Burdaard).
Houtseach-, n�t- en pelm�ne De Swel

Yn 1841 waard yn Burdaard in pel-, n�t- en houtseachm�ne stichte. Dy br�nde yn 1874 �f. Nei de br�n waard de m�ne wer opboud en krige doe de namme De Swel (De Zwaluw). Neffens de oerlevering gie it ynearsten net sa goed mei de saken. De eigner kaam der sa op om de m�ne 'De Swel' te neamen; hy soe dan oan it sprekwurd tocht hawwe dat swel oan de simmer ferbynt.

De m�ne waard al net mear br�kt en wie al ferrinnewearre, doe't op 11 novimber 1972 it wjerljocht yn 'e m�ne sloech. It doarp hat besletten om de m�ne wer syn �lde gloarje te jaan. Der wiene ferskate t�kelteammen, mar yn 1989 waard der mei it wurk beg�n. Yn 1995 stie de m�ne der wer kreas by. Yn 1999 kaam der hielendal klear troch't it houtstek ek restaurearre wie, mei in museum deryn. De m�ne waard eigendom fan de gemeente Ferwerderadiel, en wurdt no draaid troch frijwillige m�nders. Bakkers litte der harren moal mealle en sneons draait ek de houtseagerij wer.

De Swel is mei syn hichte fan 42 meter in wichtich part fan it doarpsgesicht fan Burdaard.

De Wikipedy hat ek in side De Oaljefant (Burdaard).
De Oaljefant

In eintsje b�ten Burdaard stiet de wetterm�ne De Oaljefant, De Olifant. Dy m�ne is yn 1856 �t Grinsl�n kommen. It doel wie om it lettere wetterskip De Oaljefant te bemeallen. It wetterskip is yn gruttere wetterskippen opgien. Yn 1970 stie de m�ne d�r b�ten gebr�k. Der kamen doe plannen om de m�ne wer yn syn �lde steat werom te bringen. Fan 1978/1979 en yn 1991 binne dy plannen mei s�kses �tfierd. De m�ne draait wer mei in frijwillige mealler. De Stichting De Fryske Mole is eigener wurden.

Yn 1855 liet Gerk Pieters Oberman in houtseachm�ne bouwe. Hy krige as namme: De Traitabel. Dat betsjut soksawat as br�ksum of h�nsum. Yn 1864 br�nde de m�ne �f. Der kaam wer in nije m�ne, oant yn 1918 op Krystj�n bern mei fjoer boarten en de m�ne wr yn flammen opgyng. Op it m�nehiem kaam doe in elektryske houtseagerij, mei deselde namme. Sa'n fjirtich jier letter, yn de fyftiger jierren, is dy lykwols wer sletten.[3]

De �lde br�ge oer de Ie

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Dokkumer Ie

In ferklearring fan de namme Burdaard soe ek yn it �lde wurd furde lizze kinne. In furde wie in plak d�r't je troch it wetter rinne koene. Burdaard hie ek in furde yn de Ie. Troch't de skippen grutter waarden, moast ek de furde ferdwine. Yn 1777 krige Simen Jans, de kastlein fan de herberch d�rnjonken, in fergunning om in br�ge oer de Ie te meitsjen. Dat waard in klapbr�ge. Net allinne de skippers moasten wat yn 't klompke dwaan, ek it ferkear oer de dyk moast tol betelje. Oant 1937 hawwe de kastleins dat rjocht holden. De br�ge is sels neamd nei de kastleins Steenhuisen. Letter is der in draaibr�ge kommen.

It Ruurd Wiersma H�s

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Burdaard wenne de molkfarder Ruurd Wiersma. Hy wie ek skilder. Mei fytslak hat er troch syn hiele h�s skilderingen oanbrocht. Hy wurdt rekkene ta de na�ve sneinsskilders. Doe't er ferstoar wie der belangstelling foar de na�ve skilderkeunst. Der waard dan ek besletten om syn h�s te litten lykas Ruurd Wiersma dat efterlitten hie. It h�s is ynrjochte as museum mei it wurk fan Wiersma.

Burdaard dielt mei Jislum de Feriening foar Doarpsbelang. It doarp hat in Stichting Aktiviteiten en in Oranjekommisje. De histoaryske feriening hjit Ald Burdaard. It jeugdhonk hjit The Pitch.

It Spektrum

It multyfunksjonele doarpsh�s 'It Spektrum' stiet oan de Skoalstrjitte. Yn It Spektrum binne �.o. in swimbad, in te�ter, in bioskoop, in sportseal, in buertkeamer en berneopfang �nderbrocht.[4]

Yn 2011 waard yn Burdaard in nij multyfunksjoneel gebou iepene, d�r't mannich doarp oergeunstich op w�ze koe. Om't ferskillende foarsjennings yn it doarp oan fernijing ta wiene en de doetiidske gemeente Ferwerderadiel yn in takomstplan foarspegele krige, dat it doarp toeristysk grutte k�nsen hie, waard besletten de foarsjennings fan it doarp yn in nije te bouwen sintrum te bondeljen. Alhoewol't de oarspronklike plannen wat minder �twrydsk �tfierd waarden, �ntstie der dochs in plan dat tsientallen miljoenen kostje soe. Al by de iepening fan it kompleks yn 2011 wiene der swierrichheden: der wiene ynstellings dy't �fheakken en ek de groei fan it toerisme foel �f. De eksploitaasjetekoarten moasten al gau-eftich troch de gemeente oansuvere wurde en anno 2022 is it de fraach oft It Spektrum bestean bliuwe kin. Sels sloop wurdt net mear �tsletten.[5]

KBS De Welle
  • Prot.-kristlike basisskoalle De Welle; it pjutteboartersplak hjit Oer de Br�ge.
Haven
  • Sportferiening 'De Sweltsjes'
  • Fuotbalferiening Burdaard
  • Biljertklup 'De Klos'
  • Kuorbalferiening 'Quick'
  • Dartklup 'Birdart'
  • H�nb�geferiening 'Nocht en wille'
  • Iisklup Burdaard
  • Kristlik Mingde Sjongferiening
  • Muzykferiening 'Concordia'
  • Toanielferiening 'Op, mar net �t 'e Hichte'
  • F�gelwacht Burdaard
  • Kaartklup 'Klaverboer'
D�mny R.H. Kuipersstrjitte

Befolkingsferrin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier 1744 1815 1840 1895 1931 1954 1959 1964 1969 1973
Ynwenners 60 343 400 472 765 701 672 639 597 554
Jier 2008 2015 2020
Ynwenners 1141 1165 1159

Alle strjitten yn Burdaard.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Noardeast-Fryslân
Stêd:
Dokkum
Doarpen en útbuorrens:
AldwâldBurdaardBlijeBoarnwertBoerumBrantgumEalsumEanjumEasternijtsjerkEastrumFeankleasterFerwertFoudgumGinnumHallumHantumHantumerútbuorrenHantumhuzenHegebeintumHolwertIeIngwierrumJannumJislumJouswierKollumKollumersweachLichtaardLytsewâldDe Lytse JouwerLjussensMarrumMitselwierMoarreModdergatMuntsjesylNesNijewierPeazensDe PompRaardReitsumDe SkânsSweagerboskTernaardDe TriemeWaaksensWânswertWarfstermûneWestergeastWetsensWierum
Buorskippen:
Ald TerpAldwâldmersylBartlehiem (foar in part) • BeintemahûsBetterwurdBoarnwerterhoekeBoarnwerthuzenBoatebuorrenBollingwierBrânbuorrenBûnte HûnDe DellenDykshoarneDokkumer Nije SilenEasterbeintumFarebuorrenFiifhuzen (Hallum)Fiifhuzen (Ternaard)FiskbuorrenFjildbuorrenGrut MidhuzenHallumerhoekeHanenburchHantumerhoekeHealweiHústernoardIesumasylJewierKeatlingwierDe KegenKletterbuorrenKollumer AldsylDe KolkKrabbuorrenLeechlânDe LeechteLyts MidhuzenLytse LeardLytse WierMeddertMûnebuorrenNijlânIt ParadyskeDe ReidswâlDe RypSânbultenSânhuzenSibrandahûsDe SkânsSkernehuzen't SkoarStienharstIt StienfekStiemTeardTeyebuorrenTergrêft (foar in part) • Ter LuneDe TibbenTilbuorrenTiltsjebuorrenTrijeboerehuzenWeardebuorrenWesterbuorrenWesternijtsjerkWieDe WygeastDe Wurden
· · Berjocht bewurkje