Springe nei ynh�ld

Claude Bernard

Ut Wikipedy
Claude Bernard

Claude Bernard (Saint-Julien, 12 july 1813 - Parys, 10 febrewaris 1878) wie in Fr�nsk fysiolooch, dy't wichtige feiten f�ststelde oangeande de funksjes fan it minsklik lichem, lykas de sintrale regeling fan it stofwikselingsproses en de s�kerfoarming yn de lever.

Bernard waard berne yn 'e omkriten fan Saint-Julien, yn it departemint R�ne; hy wie de soan fan Pierre Fran�ois Bernard (wynboer en �t en troch �nderwizer) en Jeanne Saulnier. Bernard gie nei in jezu�eteskoalle yn Villefranche-sur-Sa�ne en d�rnei nei it Coll�ge de Thoissey. Doe't er 18 wie, waard er learling-apteker omdat syn �lden syn st�dzje net betelje koene.

Neidat Bernard syn bakkalaureaat behelle, meldde er him oan by de universiteit fan Parys foar de st�dzje gen�skunde. Hy studearre yn 1843 �f, mar hat nea in praktyk as arts h�n.

Hy waard assistint by de fysiolooch en neurolooch Fran�ois Magendie (1773-1855), waard in spesjalist yn it �ntleedzjen en �ndersocht it spiisfertarringsproses en de wurking fan it senuwstelsel. Yn 1848 liet er it belang fan de pankreas en de tinne term foar de spiisfertarring sjen.

Ek wat it senuwstelsel oanbelanget die Bernard wichtige �ntdekkingen, w�r�nder in beskriuwing fan de gehoarsenuw.

Yn 1867 �ntfong er it L�gion d'Honneur en yn 1869 waard er talitten ta de Acad�mie Fran�aise. Yn 1876 krige er de Copley Medal.

Doe't er stoar krige er as earste Fr�nske wittenskipper in steatsbegraffenis. Hy leit begroeven op Cimeti�re du P�re-Lachaise.

  • 1855, Lecons de physiologie exp�rimentale appliqu�e � la medicine (twa dielen - 1855 & 1856)
  • 1865, Introduction � l'�tude de la medicine experimentale

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]