Springe nei ynh�ld

Emmy Award

Ut Wikipedy
Emmy Award
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Amerikaansk
�trikt foar tillefyzje
�trikt troch ATAS
NATAS
IATAS
frekwinsje 1x jiers
datum [mear as 1 seremoanje]
plak Los Angeles (Kalifornje) /
Burbank (Kalifornje
ynsteld 1949
1e �trikking 1949
offisjele webside
www.emmys.tv/awards (ATAS)
www.emmyonline.tv (NATAS)
www.iemmys.tv (IATAS)

De Emmy Awards binne in groep Amerikaanske prizen dy't jierliks yn in grut tal kategoryen �trikt wurde oan programma's, produsinten en yndividu�n yn 'e tillefyzjewr�ld. Se wurde r�nom besk�ge as de wichtichste Amerikaanske tillefyzjeprizen, en korrespondearje datoangeande mei de Oscars (foar film), de Tonys (foar toaniel) en de Grammys (foar muzyk).

Underskate Emmys

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Om't de Emmys oan tige ferskate sektors fan 'e tillefyzje-yndustry �trikt wurde, besteane der 6 ferskillende �trikkingsseremoanjes jiers, dy't organisearre wurde troch 3 ferskillende organisaasjes. It bekendst en meast prestizjeus binne de Primetime Emmys (foar j�nstillefyzje), dy't �trikt wurde troch de Academy of Television Arts & Sciences (ATAS), en de Daytime Emmys (foar deitillefyzje), dy't �trikt wurde troch de National Academy of Television Arts & Sciences (NATAS). De NATAS organisearret d�rnjonken ek de �trikking fan 'e Technology and Engineering Emmy Awards (foar tillefyzjetechnyk), de Sports Emmy Awards (foar sportferslachjouwing) en de News and Documentary Emmy Awards (foar nijsprogramma's en dokumint�res). Fierders binne der dan noch de International Emmy Awards, foar ynternasjonale tillefyzje, dy't �trikt wurde troch de International Academy of Television Arts & Sciences (IATAS). D�rnjonken wurkje de NATAS en de ATAS gear by de �trikking fan Regional Emmy Awards, foar regionale tillefyzje yn tweintich �nderskate regio's fan 'e Feriene Steaten.

De ATAS rjochte yn 1949 de Emmy Award op as in middel om it medium tillefyzje te promoaten, dat doe noch yn 'e berneskuon stie. De earste jierren wie de �trikking in regionaal barren, dat folslein op Los Angeles en omkriten taspitst wie, en ek allinnich d�r �tstjoerd waard. Yn 'e fyftiger jierren waard der in nasjonaal evenemint fan makke, en yn 1955 waard yn New York de NATAS oprjochte as susterorganisaasje fan 'e ATAS, om 'e leden oan 'e eastkust te tsjinjen en teffens om d�r tafersjoch op 'e �trikking te h�lden. De NATAS stifte yn 'e jierren d�rnei njoggentjin regionale �fdielings ferdield oer de hiele Feriene Steaten, dy't (mei de ATAS foar de krite fan Los Angeles) ferantwurdlik waarden foar de �trikking fan 'e regionale Emmys. Oarspronklik waarden de nasjonale Emmys ienris yn it jier allegear tagelyk �trikt, mar nei't de ATAS en de NATAS yn 'e santiger jierren spul krigen hiene, waard yn 1977 besletten om 'e boel op te dielen en elk har eigen paad te gean. De ATAS behold de (wichtichste) �trikking fan 'e prizen foar j�nstillefyzje, wylst alle oare prizen nei de NATAS giene. De beide organisaasje kamen wol oerien om 'e rjochten op 'e trofee en it hannelsmerk te dielen. Underwilens wie 1969 de IATAS oprjochte om in ynternasjonale ferzje fan 'e Emmy Awards op te setten.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.