Vorarlberg
Vorarlberg | |
---|---|
Flagge | Wapen |
Lokaasje | |
Geografy | |
Soarte gebiet | dielsteat (Bundesland) |
Lân | Eastenryk |
Haadstêd | Bregenz |
Oerflak | 2.601,67 km² |
Befolking | |
Ynwennertal | 397.139 (2020) |
Befolkingstichtens | 153 / km² |
Bûtenlanners | 18,2 (2020) |
Polityk | |
Landeshauptmann | Markus Wallner (ÖVP) |
Regearjende partijen | ÖVP en Grüne |
Ferdieling sitten yn dielsteatsparlemint (Landtag, 36 sitten) |
ÖVP: 17 fan 36 SPÖ: 4 fan 36 FPÖ: 5 fan 36 Grüne: 7 fan 36 NEOS: 3 fan 36 FPÖ 5 fan 36 |
Lêste ferkiezings | 13 oktober 2019 |
Folgjende ferkiezings | 2024 |
Sitten yn Federale Ried | 3 |
Oar | |
Folksliet | ’s Ländle, meine Heimat |
ISO 3166-2 | AT-8 |
Tiidsône | UTC +1 |
Simmertiid | UTC +2 |
Webside | vorarlberg.at |
Vorarlberg (Dútsk: Vorarlberg; Allemannysk: Vorarlbearg; soms ferfryske ta Foararlberch) is de meast westlike dielsteat fan Eastenryk. Haadstêd is Bregenz. Oare grutte plakken binne Dornbirn en Feldkirch. It is op Wenen nei de lytste dielsteat en troch't Vorarlberg mear op Dútslân, Switserlân en Lychtenstein rjochte wie is it kultureel mear besibbe oan dy lannen dan oan Eastenryk.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei it ynstoarten fan de Habsburger monargy liet Vorarlberg yn 1918 him bestjoerlik fan it doedestiidske Tiroal ôfskiede. In referindum oer it begjinnen fan ûnderhannelings mei Switserlân foar oansluting by it Switserkse Eedgenoatskip koe yn 1919 rekkenje op in mearderheid fan goed 80% fan de befolking. Sa fier kaam it lykwols net; it provisoaryske bestjoer fan Vorarlberg en de Switserske Bûnsried wifken, benaud dat hja wiene foar de fersteuring fan it Fredesferdrach fan St. Germain en it lykwicht tusken talen en leauwe yn Switserlân mei de tafoeging fan in kanton fan Dútsktalige katoliken.
Mei de stifting fan de Republyk Eastenryk waard Vorarlberg in selsstannige dielsteat mei in eigen regear en gr�nwet. Vorarlberg is de iennige Eastenrykske dielsteat dat him yn de gr�nwet as in selsstannige steat omskriuwt.
By de Anschluss fan Eastenryk op 12 maart 1938 waard Vorarlberg mei de rest fan Eastenryk by it Tredde Ryk foege. Fuort nei de machtsoername troch de nasjonaalsosjalisten waard Vorarlberg mei Tiroal yn it Gau Tirol-Vorarlberg opnommen. Vorarlberg wie langer net mear selstannich. Yn Vorarlberg wennen net in soad joaden, allinne Hohenems hie s�nt de 17e iuw in joadske gemeente, dy't opheft waard en w�rfan't de leden nei de ferneatigingskampen stjoerd waarden. It kriichsgeweld bleau Vorarlberg fierder foar it measte bewarre. Flak foar it kriichsein yn de maaitiid fan 1945 skeaten de SS-ers op boargers, dy't by de naderjende Fr�nske troepen te betiid harren wite flaggen b�ten hongen hiene.
Nei de kriich hearde Vorarlberg fan 1945 oant 1955 mei Tiroal (�tsein East-Tiroal) ta de Fr�nske besettingss�ne.
Yn de jierren 1999-2005 soargen oerstreamings yn dielen fan Vorarlberg foar grutte skea.
Befolking
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dialekt
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Vorarlberg wurdt oars as yn de rest fan Eastenryk in Allemannysk dialekt praat. Dat komt om't Vorarlberg kultureel mear besibbe is oan it oangrinzgjende Lychtenstein en Switserl�n, d�r't ek Allemannysk praat wurdt, wylst yn de rest fan Eastenryk it Beiersk de fiertaal is. Ek Vorarlberg hat wer regionale ferskillen yn it dialekt.
Religy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sifers fan 2018 wize �t dat 61% fan de befolking roomsk is. Yn 2001 wie dat noch 78%. Moslims foarmen yn 2018 13% fan de befolking (yn 2001 8%). De islamityske mienskip bestiet fral �t Turken en Bosnyske Moslims, dy't fral yn it distrikt Dornbirn grutte mienskippen ha. Joech yn 2001 noch mar 6% fan de befolking op gjin leauwe te hawwen, yn 2018 wie dat persintaajze tanommen ta 17,8%. De protestanten en otterdoksen foarmje mei 2,9% en 4% lytsere mienskippen.
Befolkings�ntwikkeling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jier | 1869 | 1880 | 1900 | 1923 | 1939 | 1951 | 1971 | 1991 | 2011 | 2018 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwennertal | 102.702 | 107.373 | 129.237 | 139.979 | 158.300 | 193.657 | 277.154 | 331.472 | 369.938 | 391.741 |
Bestjoerlike yndieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Vorarlberg is yn fjouwer �nderskate bestjoersdistrikten ferdield. Dy drage allegear de nammen fan de distriktshaadst�d. Neffens grutte yn oerflak binne dat efterinoar: Bludenz, Bregenz, Feldkirch en Dornbirn.
Fierder is Vorarlberg yn 96 gemeentes ferdield; fiif d�rfan hawwe stedsrjochten (Bludenz, Bregenz, Dornbirn, Feldkirch en Hohenems) en nochris tolve drage de status fan Marktgemeinde.
Haadst�d fan de dielsteat is Bregenz.
Distrikten | ||||
---|---|---|---|---|
Distrikt | Ynwennertal 01.01.2020 |
Oerflak yn km� |
Befolkingstichtens (ynw. / km�) | |
Distrikt Bludenz | 108.133 | 278,31 | 389 | |
Distrikt Bregenz | 89.912 | 172,36 | 522 | |
Distrikt Dornbirn | 64.107 | 1.287,64 | 50 | |
Distrikt Feldkirch | 134.987 | 863,36 | 156 | |
Vorarlberg | 397.139 | 2.601,67 | 153 |
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De dielsteat leit tusken de Bodensee en de Alpenryn yn it westen, de Arlberg en de Verwallgroep yn it easten, de berchtoppen fan de R�tikon en de Silvretta yn it suden en it Allg�u yn it noarden.
De Alpenryn is de belangrykse rivier yn Vorarlberg en foarmet de grins mei it oanbuorjende Switserl�n. De Ill is de grutste sydrivier fan de Ryn en m�net by Meiningen yn de Ryn. De Bregenzer Ache en de Dornbirner Ach m�ne op de Bodensee �t.
De 63 kilometer lange en maksimaal 14 kilometer brede Bodensee leit oan de westlike kant fan Vorarlberg. De mar leit tusken D�tsl�n, Switserl�n en Eastenryk ynklamme mar hat gjin offisjele grins.
De heechste berg fan de dielsteat is de Piz Buin mei in hichte fan 3312 meter. Oare bekende bergen binne: de Zimba (R�tikon), de Schesaplana (heechste berch fan de R�tikon), de Rote Wand (Lechquellengeberchte), de Drei T�rme (Montafon), de Drei Schwestern (by Frastanz/Feldkirch), de Diedamskopf en de Kanisfluh yn it Bregenzerwald, de Gro�e Widderstein (heechste berch fan it Kleinwalsertal), de Karren yn Dornbirn, de Pf�nder yn Bregenz. It bekendste berchmassyf is de Silvretta yn it s�deasten fan de dielsteat. D�r binne ek de grutste gletsjers te finen. Oan de grins mei Switserl�n yn it suden leit it R�tikon-geberchte mei steile hellings rjochting noarden. Yn it Bregenzerwald wurde de bergen nei it s�deasten ta 2650 meter heech.
-
Formarinsee yn it Lechquellengeberchte
-
Piz Buin
-
Dornbirn
-
Maaitiid yn Gro�walsertal -
Br�ge oer de Bregenzer Ache -
Bodensee
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Vorarlberg fan Wikimedia Commons. |
Dielsteaten fan Eastenryk | ||
---|---|---|
Burgenland • Karinsje • Neder-Eastenryk • Opper-Eastenryk • Salzburg • Stiermarken • Tiroal • Vorarlberg • Wenen | ||
· · |