Springe nei ynh�ld

Hatsumermole

Ut Wikipedy
Hatsumermole
m�ne / mole
De m�ne yn 2018
De m�ne yn 2018
lokaasje
l�n Nederl�n
provinsje Frysl�n
gemeente Waadhoeke
plak Dronryp-Hatsum
adres Keimptilsterdyk 2-A
ko�rdinaten 53� 10' N 5� 37' E
bys�nderheden
type m�ne muonts
funksje Polderm�ne
oarspr. gebr�k Bemeallen fan de Sikmapolder
flecht 11,56 meter
boujier 1878
oare ynformaasje
eigner Stifting Moles Menameradiel
monumintale status ryksmonumint
monumintn�mer 286151
Webside
Stifting Moles Menameradiel
Kaart
Hatsumermole (Frysl�n)
Hatsumermole

De Hatsumermole is in poldermole en ryksmonumint yn de neite fan it doarp Dronryp yn de gemeente Waadhoeke.

It is in mealree� muonts, dy't sawat oardel kilometer bes�dwesten Dronryp stiet. It is in houten achtkante mole, mei stiennen fjildmuorren, dekt mei houten fertikale dielen mei in flecht fan 11,56 m.

De Hatsumermole waard yn 1878 boud foar de bemealling fan de 60 ha. grutte polder Sikma, as opfolger fan in spinnekopmole. De Hatsumermole waard yn 1988/1989 restaurearre en krige yn 2003 in nije kape. De wipst�k fan de mole is fersierd mei in ienhoarn. De Hatsumermole, dy't eigendom is fan de Stifting Moles yn Menameradiel, mealt tsjintwurdich yn sirkwy en is op �fspraak te besichtigjen.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: