Springe nei ynh�ld

Klassike muzyk

Ut Wikipedy

Klassike muzyk is de westerske keunstmuzyk w�rby't meast notearre komposysjes sintraal steane. Under klassike muzyk falt ek de muzyk �t de klassike perioade en de moderne klassike muzyk.

It tsjinoerstelde fan klassike muzyk is lichte muzyk.

Eigentiidske muzyk is de sammelnamme foar alle muzyk, ynklusyf popmuzyk, fan nei 1900.

De skiednis fan de klassike muzyk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De skiednis fan de klassike muzyk wurdt �nderferdield yn de folgjende perioaden:

De hjoeddeistige yn de westerske br�kte toanljedder, besteande �t 12 toanen, hat him globaal histoarysk �ntj�n �t 3 toanen om ien toan hinne, nei 5 toanen (de pentatonyk); Fierder nei 7 toanen (de diatonyk) en lang om let nei 12 toanen (gromatyk). De skiednis fan de westerske muzyk begjint mei in om it Midden-Easten en Grikel�n hinne oernommen diatonyk.

Fan de Aldgrykske muzyk binne gjin partitueren bewarre bleaun, al kinne der wol rekonstruksjes makke wurde op basis fan oerlevere beskriuwings. In wichtich komponist, d�r't noch in pear hymnes fan bewarre bleaun binne, is Mesomedes fan Kreta (1e iuw nei Kristus). Fan de Romeinske muzyk is mar ien bewarre bleaun, yn de ren�ss�nse rekonstruearre fraze �t in toanielstik fan Terentius.

De wichtichste ynfloed yn de Aldheid op de �ntjouwing fan de klassike muzyk, is fan muzykteoretyske aard. Pythagoras konstruearre syn diatonyske toanljedder mei suver reine kwinten. Aristoksenos wie de earste muzykteoretikus dy't �nderskied makke tusken ferskillende toanljedders.

Iere midsiuwen (500-1000)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de Iere Midsiuwen is de �ntjouwing fan de klassike muzyk b�n oan de tsjerkemuzyk. De yn de tsjerke songen meldijen wiene benammen �fkomstich �t Azi�. Dy meldijen makken in feroaring troch: fersierings waarden der �t helle, sadat allinnich de wichtichste toanen oerbleaune. Dy tsjerkesangen waarden fan de 6e iuw �f sammele en kodifisearre op oarder fan paus Gregorius de Grutte (paus fan 590 oant 604). Dy samling stiet s�nt bekend as Gregoriaanske muzyk: it binne allegear ienstimmige gesangen.

Midsiuwen (1000-1450)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
"Midsiuwske" muzikanten

De wichtichste fernijing yn de midsiuwen, is de polyfony, de mearstimmigens. Omdat yn de mearstimmigens de terts it wichtichste ynterval is, moast in nije toanljedder konstruearre wurde, op basis fan de konson�nsje fan de terts. Ek waard in systeem fan muzyknotaasje makke, w�rby't de noat as in punt (Latynsk: punctus) op in balke mei linen skreaun waard. By polyfone muzyk klinke mear noaten tagelyk, noat tsjin noat (Latynsk: punctus contra punctus); mei it kontrapunt wie ek it berop komponist berne.

De folgjende stilen kinne �nderskaat wurde: Organum (11e iuw), Ars Antiqua (� 1100-1300), Ars Nova (� 1300-1450), Trecento (Italjaanske muzyk �t de 14e iuw) en Ars Subtilior (� 1425-1450).

Ren�ss�nse (1450-1600)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De muzikale �ntjouwings yn de ren�ss�nse kinne as folget gearfette wurde: wizigjen fan it notaasjesysteem (mear 'iepen', wite notaasje as swarte); neist religieuze hieltyd mear profane en ynstrumintale muzyk; sekuerdere regels wat konson�nsje en disson�nsje oanbelanget; mear omtinken foar de ferh�lding tekst-muzyk; ynternasjonale fersprieding fan it polyfone repertoire, �nder oaren troch it opkommen en it s�kses fan it muzykprintsjen. Yn de ren�ss�nse wiene it benammen de komponisten �t de Lege Lannen (it hjoeddeistich Nederl�n, Belgje en Noard-Frankryk) dy't foar dy fernijing stiene. Wichtige nammen - fan de mear as h�ndert dy't sitearre wurde kinne - binne d�rby Guillaume Dufay, Ockeghem, Josquin, Pierre de la Rue, Jacob Obrecht, Nicolas Gombert, Clemens non Papa, Willaert, Orlandus Lassus (Roland de Lassus, Orlando di Lasso), Josquin Des Prez en Philippus De Monte. De l�ste grutte komponist �t de ren�ss�nse wie de Romein Palestrina (1525-1594).

Barok (1600-1750)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Om 1600 hinne feroaret de muzykstyl fan de komponearre muzyk yn minder as 5 jier! De monody mei syn systeem fan basso continuo, en de harmony dogge har yntree, en d�rmei de kad�nsen. Yn dy tiid wurde ek de measte moderne muzykynstruminten stal j�n; de strykynstruminten (ek al wie dat noch mei in koartere strykst�k en de blaasynstruminten (ek al hiene dy de moderne kleppesystemen noch net). Oant de barokmuzyk wiene de wichtichste �ntjouwings hieltyd oan in meast fokale �tfieringspraktyk keppele. Fan de barok �f nimt de ynstrumintale muzyk dy liedende rol oer. Ta de wichtichste komponisten wurde rekkene: Claudio Monteverdi, Dietrich Buxtehude, Johann Pachelbel, Antonio Vivaldi en Johann Sebastian Bach. De barok wurdt oer it algemien achte opholden te w�zen mei de dea fan J.S. Bach (1685-1750).

Klassisisme (1750-1810)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oan de perioade fan it klassisisme �ntlient de klassike muzyk har namme. Yn de muzykskiednis is se lykwols hiel koart, en omfettet yn haadsaak de wurken fan Wolfgang Amadeus Mozart en Joseph Haydn (1e Weenske Skoalle). Inkeld wurde ek de earste wurken fan Ludwig van Beethoven hjirby rekkene. Ien fan de wichtichste fernijings, oarspronklik �fkomstich �t de saneamde Mannheimer Schule, is it yntegraal br�ken fan tekens om de dynamyk oan te jaan (lykas p foar s�ft en f foar l�d). Fierder bliuwt de muzyk yn haadsaak tonaal, mar ken ien grutte feroaring, stadichoan wurdt it kontrapunt ferfongen troch de harmony en begjint de pianoforte oan in sterke opmars, se makket it paad frij foar de triomftocht fan de piano.

Yn de perioade fan it klassisisme �ntsteane nije foarmen: de sonatefoarm, de symfony; en nije besettings: it strykkwartet en it (dan noch lytse) symfony-orkest.

Romantyk (1810-1910)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de romantyske perioade fan de klassike muzyk meitsje komponisten hieltyd gruttere komposysjes mei hieltyd mear noaten, slimmere ritmes en hieltyd kompleksere harmonyske �ntjouwings. Se br�ke in soad en frjemde, net earder tapaste muzykynstruminten. Der is in soad drama en emoasje te hearren. Alles draait om wat minsken fiele, fantasije en de natuer.

De tendins fan de muzikale �ntjouwings yn de 19e iuw is �fkomstich �t de foar�tgongsgedachte �t de Verlichting en late ta hieltyd gruttere stikken, hieltyd gruttere orkesten, hieltyd firtuoazere spyltechniken en hieltyd ferbettere muzykynstruminten en hieltyd kompleksere harmonyske �ntjouwings.

Klassike muzyk �t de 20e iuw

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Klassike muzyk �t de 20e iuw, de Jeropeeske klassike muzyk fan nei 1900 hat in grutte fariaasje, te begjinnen by de lette romantyske styl fan Sergei Rachmaninoff, it ympressjonisme fan Claude Debussy en Maurice Ravel, en folge troch it Neo-Klassisisme fan Igor Stravinsky oant it tsjinstelde serialisme fan Pierre Boulez, de minimale muzyk fan Steve Reich en Philip Glass, de muzyk concrete fan Pierre Schaeffer, de mikrotonale muzyk fan Harry Partch en de aleatoryske muzyk fan John Cage, de elektroanyske muzyk fan Karlheinz Stockhausen.

Algemiene oerienkomst fan al dy ferskillende sjenres is it tanimmend br�ken fan disson�nsje yn de komposysje. Om dy reden wurdt de 20e iuw ek wolris de dissonante tiid neamd.

Foarmen en sjenres

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Aria - Kantate - Konsert - Mis - opera - Oratoarium -Suite - Ouvertuere - Sonate - Strykkwartet - Symfony - Wals