Springe nei ynh�ld

Klif

Ut Wikipedy
De Kliffen fan Moher, yn Ierl�n.

In klif is yn 'e geografy en de geology in fertikaal of hast fertikaal rotsferhef. Sokke l�nskipseleminten wurde yn 'e regel foarme troch eroazjeprosessen en ferwaring. Kliffen komme benammen in protte foar yn berchtmen, oan kusten en by de iggen fan rivieren l�ns. Ornaris besteane kliffen �t rotstypes dy't bestindich binne foar eroazje en ferwaring, en d�rtroch bleatlein wurde as oarsoartige stienten fuort-erodearje. Ofsettingsstienten dy't faak kliffen foarmje, binne s�nstien, kalkstien, krytstiente en dolomyt. Ek stjurringsstienten, lykas granyt en basalt, foarmje faak kliffen.

In eskarpemint is in soarte fan klif dat net foarme wurdt troch eroazje of ferwaring, mar troch de bewegings fan 'e tektoanyske platen byinoar l�ns by in brekline. Ek kin sa'n soarte klif �ntstean troch in ierdferskowing. Net inkeld eskarpeminten, mar ek oare kliffen hawwe faak in bulte stienslach �nderoan lizzen, mei't se yn 'e regel stadichoan fierder �fkealje. Yn dr�ge gebieten of by hege kliffen kin sa'n bulte stienslach der�t sjen as in keale p�nheap, mar yn fochtiger kriten giet de stienslach faak besk�l �nder in bedekking fan ierde en plantegroei. In protte kliffen geane mank mei wetterfallen en/of holten of �ndjippe grotten.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch �nder: References, op dizze side.