Springe nei ynh�ld

Kurasau

Ut Wikipedy
Cura�ao
Flagge fan Kurasau Wapen fan Kurasau
Flagge Wapen
Lokaasje fan Kurasau
Offisjele taal Nederl�nsk, Papiamintsk
Haadst�d Willemst�d
Steatsfoarm l�n binnen it Keninkryk fan de Nederlannen
Gebiet
% wetter
444 km²
-�%
Ynwenners (2009) 141,766
Munt Antiljaanske g�ne (ANG)
Tiids�ne UTC -4
L�nkoade CUW
Ynternet .an (.cw)
Tillefoan 599

Kurasau (Papiamintsk: K�rsou) is in l�n binnen it Keninkryk fan de Nederlannen. It wie it grutste eil�n fan de eardere Nederl�nske Antillen. It grutste plak op it eil�n,en ek de haadst�d, is Willemst�d. Kurasau hie yn 2008 mear as 140.000 ynwenners.

It eil�n is ek nammejouwer foar de Kurasau-likeur, dy't fan oarsprong makke wurdt op it Karibyske eil�n.

Kurasau is in tropysk eil�n, dat yn it s�dlike diel fan de Karibyske see leit. It foarmet mei Bon�re en Ar�ba, ABC-eilannen, dy't wer part binne fan de Underwynske Antillen en d�rmei fan de Lytse Antillen. Kurasau is fan dy trije eilannen it grutste. As l�n bestiet Kurasau �t it eil�n Kurasau en it eil�n Lyts Kurasau, dat 10 kilometer fierder nei it easten leit. It heechste punt is de Sint Kristoffelberch mei 375 meter. It eil�n bestiet �t koraalkalk en fulkanysk stiente.

Kurasau hat seis natuerlike havens, �ntstien trochdat de see de koraalkalk �tholle hat. Oan de s�dwestkant leit de grutste d�rfan, it Skottegat, de haven fan Willemst�d. Der wurdt wol sein dat dit de grutste natuerlike haven fan de wr�ld is. Om it Skottegat hinne lizze it grutste dr�chdok en de grutste oaljeraffinaderij yn de regio, in kontenerterminal, werven foar fracht- en oanlisplakken foar toeristeskippen. It Skottegat wurdt berikt middels de Sint Annabaai.

Oan wjerskanten hjirfan lizze de beide stedsdielen fan Willemst�d: yn it easten it �ldste part: Punda ('De Punt') mei in soad winkeltsjes en yn it westen de wyk Otrobanda (Papiamintsk: De Oare kant). Hjirtusken leit s�nt 1888 in houten pontsjebr�ge, de Keninginne Emmabr�ge. Oan de De Ruyterkaai is er in libbene 'driuwende merk' d�r't meast Fenezolanen �t harren boatsjes wei negoasje oanbiede oan klanten op de kaai.

In kontenerskip ferlit de haven fan Kurasau
Keninginne Emmabr�ge, pontsjebr�ge fan Willemst�d
Toerisme is in grutte ynkomstenboarne wurden: swimbad Marriott Hotel Kurasau
Harsenskoraal
Flamingo's yn it natoergebiet by Sint Willibordus
D�ke op Kurasau
Handelskade yn Willemst�d, Kurasau

De haadst�d is Willemst�d. Yn de rin fan de tiid is dy st�d �twaakst oant er de hiele kust fan Skottegat omfieme. D�rtroch binne in soad doarpkes dy't earst los leinen oan elkoar f�stgroeid ta ien ferst�dlike gebiet. De st�d beslaat sawat in tredde fan it hiele eil�n yn it easten. De bekendste wiken fan Willemst�d binne:

  • Punda, it histoaryske stedssintrum mei de Hannelskaai oan de Sint Annabaai
  • Otrobanda, leit oan de oare kant fan de Sint Annabaai
  • Julianadoarp, � 1928 yn opdracht fan Shell boud foar har personiel
  • Salinja, leit tsjin Punda oan en hat in soad winkels en restaurants

Oare plakken op it eil�n ten westen fan Willemst�d binne:

It klimaat fan Kurasau is semi-aride; de gemiddelde reinfal bedraacht jierliks 553 mm. De measte rein falt tusken oktober en jannewaris, it reinseizoen. De temperatueren binne relatyf konstant mei lytse ferskillen troch it jier hinne. De passaatwinen bringe oerdei ferkuolling en deselde passaatwiden bringe nachts warmte. De jiergemiddelde temperatuer is oerdei 31.2 �C en nachts 25.6 �C. De k�ldste moanne is jannewaris mei in gemiddelde temperatuer fan 26,5 �C en de warmste moanne is septimber mei in gemiddelde temperatuer fan 28,9 �C. De heechste temperatuer oait mjitten wie 38,3 �C en de leechste oait wie 20,3 �C. It orkaanseizoen rint fan juny o/m novimber. It eil�n wurdt jierliks oandien troch tropyske stoarmen of orkanen. De l�ste tropyske stoarmen/orkanen dy't ticht l�ns it eil�n kamen wienen �.o. yn 1988, Cesar yn 1996, Feliks yn 2007 en Omar yn 2008. De fegetaasje fan de kunuku bestiet benammen �t ferskate soarten kaktussen, leech strewelleguod en lege beammen. De dividivi is ien fan de bekendste beammen. Alo�soarten en agaves komme yn ferwyldere foarm foar. D�rneist groeie der ferskate kr�den en kommme der ek orchidee�n foar.

De Wikipedy hat ek in side Skiednis fan Kurasau.

Lykas op de oare Antillen, wennen op Kurasau ynearsten Arowakken, in Yndianefolk dat earder hiel Midden-Amearika befolke hat. Yn 1499 waard it eil�n troch de Spanjert Alonso de Ojeda �ntdekke. De yndianebefolking waard yn 1515 sawat folslein weifierd nei Hispanjola. De Spanjerts festigjen harren op it eil�n yn 1527. Yn 1634 waarden sy troch de West-Ynjyske Kompany ferdreaun.

Kurasau waard yn 1713 koarte tiid beset troch de Fr�nske boekanier Jaques Cassard, dy't him �fkeape lit. Yn 1800 waard Kurasau troch de Ingelsen oermastere, dy't yn 1803 troch de pleatslike befolking ferdreaun waarden. Yn 1807 oermasteren de Ingelsen it eil�n op 'e nij. Yn 1816 kearde Kurasau �nder Nederl�nsk bew�ld.

Kurasau waard, as �nderdiel fan de Nederl�nske Antillen, in autonoom �nderdiel fan it Keninkryk fan de Nederlannen mei de �ndertekening fan it Statuut foar it Keninkryk op 15 desimber 1954. It Keninkryk bestie doe �t Nederl�n, de Nederl�nske Antillen en Suriname. Suriname waard op 25 novimber 1975 selsstannich.

Kurasau hat sa'n 140.000 ynwenners dy't ta ferskate befolkingsgroepen hearre. De mearderheid is Kreoal. D�rneist binne der ek minderheden fan Europeeske Nederlanners, Sinezen, Libanezen, Portegezen, Surinamers, Fenezolanen, Britsk West-Ynjers, Dominikanen, Ha�tianen en Kolombianen. Der wennen yn 2006 102 ferskillende nasjonaliteiten op it eil�n.

Nederl�nsk wie lang de ienige offisjele taal, mar s�nt 2007 binne Papiamintsk en Nederl�nsk beide offisjele talen. Papiamintsk is ek memmetaal foar de measte l�nseigen Kurasauers. Neist dizze talen sprekt men ek Spaansk en Ingelsk. Fierwei de measte Kurasauwers behearskje alle dy talen min ofte mear, mar der binne ek b�tenlanners dy't oare talen sprekke, lykas Fr�nsk, Arabysk, Ha�tiaansk, Portegeesk en ek wol Sineesk. Neffens de folkstelling fan 2001 sprekt op Kurasau 81% Papiamintsk as h�staal, 8% sprekt th�s Nederl�nsk, 6% Spaansk, 3% Ingelsk en 2% in oare taal.

By de folkstelling fan 2001 wie 80,1% fan de Kurasauske befolking roomsk. Oare grutte godstsjinstige genoatskippen binne de protestantske tsjerke (3,6%), de pinkstergemeenten (3,5%), de s�ndedeisadvintisten (2,2%), Jehova's tsj�gen (1,7%) en de Joadske gemeente (0,8%). 4,6% fan de befolking joech oan gjin godstsjinst oan te hingjen.

Oer de oarsprong fan de namme Kurasau bestean ferskillende teoryen. In gongbere ferklearring is dat it �flaat is fan it Portegeeske wurd foar 'hert' (cora��o), wat ferwize soe nei it eil�n as in sintrum fan hannel. Dit waard dan troch Spanjerts oernomd as Cura�ao, wat folge waard troch de Nederlanners. Nei �tspraak stavere is it dan Kurasau. In oare �tlis is dat Cura�ao besibbe wie mei de namme dy't oarspronklike bewenners br�kten om harsels mei oan te tsjutten (Joubert en Van Buurt, 1994). Dy teory wurdt stipe troch eardere Spaanske reisferslaggen, dy't de ynlanners oantsjutten as "Indios Cura�aos".

De namme "Cura�ao" hat in assosjaasje krigen mei in spesifike blautint en wurdt soms br�kt as in adjektyf. It kom�f d�rfan is in djipblauwe likeur mei de namme "Blue Cura�ao".

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it westen fan it eil�n lizze twa natoergebieten:

It eil�n hat in treflike ynfrastruktuer, dy't fier boppe dy fan de regio �tstekt. Kurasau libbet begjin 21e iuw diels fan hannel, w�r�nder offshorehannel en de Frije S�ne, oaljeraffinaazje en toerisme, dat benammen opkaam neidat de Feriene Steaten in boycot tsjin Kuba ynsteld hie. Ek aktiviteiten om de haven, lykas skipsreparaasje en konteneroerslach binne tige wichtich. It eil�n hat in BNP per holle fan sa. US$ 18.000 en heart ta de wolfarrendste eilannen yn it Karrybysk gebiet. Libbensomstannichheden binne der goed, mei in sketten HDI-yndeks fan om de 0.890. De wolfeart is matich oant reedlik ferdield. Der is in tige rike en lytse toplaach, mar ek in frij grutte middenklasse en lege klasse. Nei skatting fertsjinnet de rykste 10% fan de befolking � 30% fan it nasjonale ynkommen, wat fergelykber is mei lannen as Itaalje en de Feriene Steaten. It gemiddelde ynkommen per h�sh�lding op it eil�n is � ANG 3700,- yn de moanne (� 1600 EURO yn 2006).

Ekonomyske resesje yn de jierren njoggentich hat foar in grutte emigraasjeweach nei Nederl�n soarge. Begin 21e iuw luts de ekonomy wer in bytsje oan en is der wat mear ymmigraasje es emigraasje. Benammen toerisme groeit sterk, mei 300.000 ferbliuwtoeristen yn 2007 (in nij rek�r). Der is in hege wurkleazens (sa. 12% yn 2007), benammen jeugdwurkleazens is in grut probleem.

Golf kin spile wurde by de Blue Bay Golf & Beach Resort (Plantaazje Blau) en by de Kurasau Golf & Squash Club. De popul�rste sport op it eil�n is honkbal en d�rnei fuotbal. Fierders wurdt der ek oan sporten dien lykas tennis, follybal, basketbal, hockey en in soad wettersporten.

Ferkear en ferfier

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kurasau hat in loftahven (Cura�ao International Airport, ek wol bekend as Fleanfjild Hato; foarhinne Dr. Albert Plesman Lofthaven). Sjoch Hato Airport.

Kurasau is goed mei de auto te ferkennen. Der is iepenbier ferfier mei bussen, de saneamde konvoi bussen foar de langere �fstannen en de minibussen.

  • Kara�byske �tjefte fan de De Telegraaf (Nederl�nsk)
  • Antiljaansk Deibl�d (Nederl�nsk)
  • Amigoe (Nederl�nsk)
  • Ekstra (Papiaminto)
  • Ultimo Noticia (Papiaminto)
  • Vigilante (Papiaminto)
  • Bala (Papiaminto)
  • Bolletin (Papiaminto)

Radio en Telefyzje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Inkele lokale radio-omroppen en telefyzje �tstjoeringen binne yn it Nederl�nsk.

  • LineaRecta is de deiske aktualiteiten�tstjoering fan de Wr�ldomrop spesjaal foar de Antillen en Aruba.

Radiokanalen

  • Dolfyn FM (Nederl�nsk)
  • Paradise FM (Nederl�nsk)
  • One FM (Nederl�nsk)
  • Radio Hoyer I (Papiaminto)
  • Radio Hoyer II (Nederl�nsk)
  • Radio Nederland (Wr�ldomrop Nederl�n - Nederl�nsk)
  • K�rsou FM (Papiaminto)
  • Top FM (Papiaminto)
  • Radio Krioyo (Papiaminto)
  • Mi 95 (Papiamentuo)
  • Radio mas 99 (Papiaminto)

TV-kanalen

  • TeleCura�ao (Papiamento)
  • TV11 (Bon�riaansk kanaal yn it Papiaminto, mar f�stige op Kurasau)
  • BVN (Wr�ldomrop Nederl�n - Nederl�nsk. Net frij te �ntfangen, mar TV11 fersoarget �tstjoerings yn it reguliere �tstjoerskema)
  • Fenezolaanske kanalen (fergees)
  • oare Amerikaanske kanalen (Oer satellyt, net fergees)

Kurasau makket as eil�ngebiet diel �t fan de Nederl�nske Antillen, dy't mei Nederl�n en Ar�ba ta it Keninkryk fan de Nederlannen heart. Dit is f�stlein yn it Stat�t foar it Keninkryk fan de Nederlannen op 15 desimber 1954. It bestjoer fan it eil�ngebiet bestiet �t in bestjoerskolleezje en in eil�nsried, dy't elke fjouwer jier troch de befolking keazen wurdt.

Kurasau hat 14 sitten yn de 21 sitten tellende Steaten fan de Nederl�nske Antillen.

Hjoeddeiske gearstalling eil�nried
Partij Partijlieder Streaming Stimmen Persintaazje Sitten
Partido Anti� Restruktur� (PAR) Emily de Jongh-Elhage Sintrum 20.836 28,03 7
Partido MAN (MAN) Charles Cooper Sosjaaldemokratysk 13.832 18,61 5
Frente Obrero i Liberashon 30 di Mei (FOL) Anthony Godett Sosjalistysk 7.566 10,18 2
Nasjonale Folkspartij (PNP) Ersilia de Lannooy Kristendemokratysk 7.524 10,12 2
Lista Niun Paso Atras (LNPA) Nelson Pierre Populistysk 6.311 8,49 2
Pueblo Soberano (PS) Helmin Wiels Extreemlinks, pro �n�fhinklikheid 5.513 7,42 1
Forsa K�rsou Nelson Navarro Sintrum 4.932 6,63 1
Demokratyske Partij (DP) Norbert George Sintrum, grien 3.907 5,26 1
Un Pueblo Nobo (UPN) * Josephine Bakhuis-Trinidad - 1.660 2,23 0
Partido Laboral Krusada Popular (PLKP) Errol Cova - 1.230 1,65 0
Movementu Sosial Laboral (MSL) ** C�sar Prince - 1.031 1,39 0
Opkomst - - 74.802 66,47 21

* UPN die yn 2003 mei �nder de namme ORDU
** MSL is in skuorlist fan de PLKP

Histoarysk ferrin sittenferdieling eil�nried
Partij 2007 2003 1999 1995 1991 1987 1983 1979 1975 1971 1967 1963 1959 1955 1951
Nasjonale Folkspartij (PNP / NVP) 2 2 5 4 10 8 7 5 6 7 6 12 10 9 9
Demokratyske Partij (DP) 1 0 0 1 2 4 5 6 4 7 13 9 9 9 8
Frente Obrero i Liberashon 30 di Mei (FOL) 2 8 4 2 5 1 1 1 8 3 - - - - -
Partido MAN (MAN) 5 2 2 6 3 6 8 6 * 1 - - - - -
Partido Anti� Restruktur� (PAR) 7 5 5 8 - - - - - - - - - - -
Lista Niun Patro Atras (LNPA) 2 1 - - - - - - - - - - - - -
Pueblo Soberano (PS) 1 - - - - - - - - - - - - - -
Fora K�rsou (FK) 1 - - - - - - - - - - - - - -
Partido Laboral Krusada Popular (PLKP) 0 3 4 - - - - - - - - - - - -
Un Pueblo Nobo (UPN / URDU) 0 0 1 - - - - - - - - - - - -
Nos Patria - 0 0 0 1 0 - - - - - - - - -
? (SI) - - - 0 0 2 - - - - - - - - -
Partido Social Democratico (PSD) - - - - - - 0 3 3 - - - - - -
Movemento pa Adelanto Social Antillano (MASA) - - - - - - - - ** 3 - - - - -
Union Reformista Antiyano (URA) - - - - - - - - - - 2 - - - -
Katholieke Volkspartij (KVP) - - - - - - - - - - - 0 2 2 3
Kurasauske ûnôfhinklike Partij (COP) - - - - - - - - - - - - *** 1 1
Totaal 21 21 21 21 21 21 21 21 21 21 21 21 21 21 21

* MAN-kandidaten stean op FOL-list
** MASA-kandidaten stean op PSD-list
*** COP-kandidaten stean op NVP-list

Bestjoerrskolleezje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It hjoeddeiske bestjoerskolleezje bestiet út:

De rol fan waarnimmend gesachhawwer wurdt op Kurasau net troch in deputearre mar troch in ûnôfhinklik persoan ferfold. Hy nimt inkeld waar as de gesachhawwer ôfwêzich is of oars syn funksje net útoefenje kin.

Steatkundige herfoarmings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1993 waard in earste referindum oer de steatkundige takomst fan Kurasau hâlden. Hoewol't de regearing pleite foar in autonome status, keas de befolking doe yn oergrutte mearderheid foar fuortsetting en werstrukturearring fan de Nederlânske Antillen.

Utslach referindum 19 novimber 1993
Opsje Stimmen %
A: werstrukturearing fan de Nederlânske Antillen 48.587 73,56
B: status aparte foar Kurasau 11.841 17,93
C: yntegraasje yn Nederlân 5.299 8,02
D: folsleine ûnôfhinklikheid 325 0,49
Blanko en ûnjildige stimmen ? -
Opkomst ? ?

Nei oanlieding fan dizze útslach gie it regear ôf en by nije ferkiezings wûn de doe nije PAR, dy't bestie út foarstanners fan werstrukturearring fan de Antillen. De tagelyk oprjochte partij C'93 fan eks-FOL-lieder Stanley Brown, dy't pleite foar yntegraasje yn Nederlân, waard gjin súkses.

Al nei in pear jier bliek dat de werstrukturearring gjin oplossing bea foar de grutte maatskiplike en ekonomyske problemen op Kurasau. Boppedat ûnderfûnen de oare, lytsere eilannen binnen de Nederlânske Antillen ek hieltiten mear de neidielige gefolgen fan de finansjele problemen dy't soks betsjutte. Dêrom ûntstie opnij diskusje oer it fuortbestean fan de Nederlânske Antillen.

Op 8 april 2005 is in twadde referendum holden, wêryn de befolking fan Kurasau har útsprekke koe oer de winske steatkundige takomst fan it eilân.

Utslach referindum 8 april 2005
Opsje Stimmen %
A: in autonoom lân binnen it Keninkryk fan de Nederlannen 42.425 67,83
B: in ûnôfhinklike steat 3.014 4,82
C: diel útmeitsjen bliuwe fan de Nederlânske Antillen 2.342 3,74
D: diel wurde fan Nederlân 14.769 23,61
Blanko en ûnjildige stimmen 474 -
Opkomst 62.550 55,04

De befolking hat mei de kar foar opsje A diskear de winsk fan de politisy op it eilân folge. Krektas by it referindum yn 1993 binne hast alle partijen foar in autonome status as lân, allinnich de lytse nije partij Pueblo Soberano pleitet foar folsleine ûnôfhinklikheid. De mienings fan it folk rinne tige útinoar en benammen de frij grutte steun foar opsje D is opmerklik, omdat dizze opsje net of kwealik fertsjintwurdige wurdt yn de polityk. De foarstanners fan dizzze opsje fine dat foar in better en feiliger Kurasau yntegraasje mei Nederlân nedich is. Se werve mei de slogan "P’e Kòrsou ku nos meresé" (foar it Kurasau dat wy fertsjinje).

By in minirûnetafelkonferinsje yn Den Haach op 11 oktober 2006 is mei Nederlân oerienkomd dat Kurasau de saneamde status aparte krije soe. Kurasau soe hjirmei in autonoom lân binnen it Keninkrijk fan de Nederlannen wurde. De Nederlânske regearing hat as ûnderdiel fan dit akkoart oanbean in grut diel fan de steatsskuld te sanearen of oer te nimmen. De ôfspraken binne gearfet yn in slotferklearring, dy't letter op Kurasau ûnderwerp fan in soad diskusje wurden is. Nei de miening fan de opposysjepartijen, wêrfan de FOL de belangrykste wie, en de lytste koalysjepartijen gienen de ôfspraken net fier genôch. De grutste koalysjepartijen, PAR en PNP, ferdigenen it akkoart. Uteinlik waard de oerienkomst troch de mearderheid yn de eilânried fan Kurasau fersmiten, wêrnei't it bestjoerskolleezje út elkoar foel en ûnder lieding fan de FOL in nije koalysje ta stân kaam dy't de tiid oant de nije ferkiezings op 20 april 2007 folmeitsje moast.
Foar de ekonomyske en politike takomst fan Kurasau soarge de ôfwizing fan de ôfspraken foar in soad ûnsekerheid. Yn de polityk én ûnder de befolking kamen foar- en tsjinstanners rjocht foar elkoar oer te stean.Tsjinstanners pleiten foar werûnderhannelings, mar sawol it kabinet Balkenende III as it nije kabinet Balkenende IV joech oan hjir meat foar te fielen, dêryn hast unanym steund troch de Twadde Keamer. Ut peilingen op Kurasau die bliken dat troch de oanhâldende politike ûnrêst de steun foar de status aparte sterk weromrûn, ten geunste fan yntegraasje yn Nederlân (opsje D). Dit komt nei alle gedachten mei troch de konkretisearring fan dizze opsje: yn de tiid fan it referindum yn april 2005 wie noch net bekend hoe't dizze opsje der út komme koe te sjen en wie dan ek foar in soad minsken gjin reël alternatyf. Pas yn oktober 2006 waard troch Nederlân en de lytse eilannen Bonêre, Saba en Sint-Eustaasjes ôfsprutsen dat foar dizze status de Nederlânske Gemeentewet as grûnslach jilde sil.

De eilânsriedferkiezings wienen dan ek krusiaal en draaiden folslein om it tema slotferklearring. As de tsjinstanners in mearderheid helje soenen, drige in ympasse te ûntstean. Yn it uterste gefal soe troch it úttreden fan de oare eilannen út de Nederlânske Antillen, Kurasau as ienige eilân fan de Nederlânske Antillen oerbliuwe, mei de facto wol in autonome status mar ek mei steatsskuld fan de Antillen sa heech as in toer.

Uteinlik hellen by de eilânsredferkiezings sels de foar- noch de tsjinstaners in dúdlike mearderheid. De twa politike partijen dy't foar de slotferklearring pleiten, PAR en PNP, wisten lykwols in akkoard te sluten mei de grutte ferliezer FOL oer de foarming fan in nije oalysje. Ofsprutsen waard opnij oer de slotferklearring te stimmen. Nei in lange gearkomst stimde de Kurasauske eilânried yn de nacht fan 6 op 7 july 2007 dochs noch ûnder betingsten yn mei de slotferklearring: PAR, PNP, FOL en DP stimden no foar (12 fan de 21 sitten). Op 28 augustus waard dêrnei in akkoart ûndertekene mei Nederlân oer it steatkundige proses, wêrnei de eilânsried in dei letter dit akkoort mei 13 stimmen bekrêftige (PAR, PNP, FOL, DP én FK). It lei yn de bedoeling om op 15 desimber 2008 de autonome status fan "lân binnen it Keninkryk" te krijen. Yn maaie 2008 is yn de Regiegroep troch Sint Maarten, Kurasau en Nederlân op Kurasau definityf fêststeld dat de streefdatum fan 15 desimber as ynfierdatum foar de nije steatkundige ferhâldings net helber is. Wol is it mooglik op dy datum alle needsaaklike wetjouwing klear te hawwen sadat dy yntsjinne wurde kin by it Nederlânske parlemint, de Steaten fan de Nederlânske Antillen en de Eilânsrieden fan Kurasau en Sint Maarten. Dêrom sil op 15 desimber 2008 in rûnetafelkonferinsje organisearre wurde om it totale pakket oan wetjouwing te toetsen oan de earder oerienkomde kritearia út de slotferklearring.

Sjende nei de planning hawwe partijen besluten advys te freegjen oan de Ried fan Steat fan it Keninkryk hoe't in fersnelling nei de autonome status realisearre wurde kin en hoe't it wetjouwingsproses ferkoarten wurde kin nei 20 jannewaris 2010, as nije Steatenferkiezings hâlden wurde moatte.

De Ried fan Steat hat yn in saneamd 'foarljochtingadvys' oan de Nederlânske en Antiljaanse regearingen advisearre om de gûverneur fan de Nederlânske Antillen, de fertsjintwurdiger fan de keninginne, tydlik in spilfunksje te jaan mei eigen bestjoerlik foech en in eigen amtlike organisaasje. De gûverneur kin de spilfunksje tydkik ferfolje tanksij in útsûnderingsartikel yn it Keninkryksstatút (artikel 51). Dat artikel makket it mooglik om bestjoerlik yn te gripen by wanbestjoer. Dêr is neffens de Ried fan State lykwols gjin sprake fan, mar it is dochs mooglik omdat it giet om in bysûndere situaasje, nammentlik de oergong nei in nij steatkundich model.

Opfolging fan dat advys set yn de praktyk de Nederlânske en Antiljaanske parleminten bûtenspul. De gûverneur leit allinnich direkte ferantwurding ôf oan de Ryksministerried. De Ried fan Steat seit him fan dy situaasje bewust te wêzen. Mar it giet om „in tydlike situaasje” wêrby't op termyn „de normale ferantwurding wer plakfine kin”.

Op 15 maaie 2009 gean de ynwenners fan Kurasau nei de stimbus om harren yn in referindum út te sprekken oer de steatkundige takomst fan it eilân. Hast 120.000 minsken meie oanjaan oft Kurasau mear autonomy krije moat.

Bekende ynwenners fan Kurasau

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]