Springe nei ynh�ld

Oktroai

Ut Wikipedy
Octroaibewiis
Octroaibewiis

In oktroai of patint is in eksklusyf (�tslutend) rjocht ta it yndustrieel meitsjen of ferkeapjen fan in produkt of it op oare wize eksploitearjen fan in �tfining of libbensdoer[1]. In oktroai kin troch de rjochthawwende br�kt wurde as in monopoalje op in beskaat stik technyk.

In oktroai jout de oktroaih�lder it rjocht om oaren te ferbieden de �tfining bedriuwsmjittich ta te passen (bygelyks te meitsjen, yn te fieren, op foarried te hawwen, ensfh.). In oktroaih�lder hat net automatysk op basis fan it ferliende oktroai it rjocht om de �tfining ta te passen. Yn in soad gefallen binne d�rfoar fierdere fergunnings needsaaklik, bygelyks op gr�n fan de warewet of op gr�n fan de miljeuwetjouwing. It kin ek w�ze dat oktroairjochten fan oaren it tapassen fan de �tfining opkeare.

Wat is in oktroai?

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oktroaien binne �tf�n as oplossing foar in maatskiplik dilemma. Oan de iene kant binne de wittenskip en technology der mei holpen dat elk wit hoe't besteande technology wurket. Dan kin elk d�rop trochbouwe en de technyk kin fierder gean. Oan de oare kant sil de �tfiner syn �tfining geheim h�lde wolle, om in foarsprong op de konkurrinten te h�lden, en sa syn ynvestearring yn de �tfining yn jild werom te sjen. As komprimis is it oktroai �tf�n. De �tfiner krijt d�rmei foar in beheinde tiid (yn de measte lannen op syn meast tweintich jier, rekkene fan de yntsjinningsdatum fan de oktroai-oanfraach �f) it eksklusive rjocht op it �tbaten fan syn �tfining. Foar it jildich bliuwen fan it oktroai moat yn de measte lannen alle jierren in taks betelle wurde. Wurdt dat net (mear) dien of binne de tweintich jier om, dan kin elk de �tfining tapasse of kapitalisearje.

In oktroai jildt, lykas sein, foar in l�n. Om yn mear lannen oktroai te krijen, moat de �tfiner yn prinsipe yn elk l�n apart yn de taal fan dat l�n oktroai oanfreegje. Yn Jeropa is lykwols in groep lannen ta it oprjochtsjen fan it Jeropeesk Oktroaiburo kommen, dat in sintrale ferlieningsynst�nsje is foar de steaten dy't der lid fan binne. D�r kin men yn ien fan de trije talen (Fr�nsk, D�tsk, Ingelsk) oktroai oanfreegje foar alle of foar in part fan de lidsteaten. Nei ferliening falt it oktroai �tinoar yn nasjonale oktroaien, dy't earst nei de ferliening, foardat se yn it oanbelangjende l�n jildich wurde, yn de taal fan it l�n oerset wurde moatte. Ek is nei de oersetting in ratifikaasje troch it parlemint yn de measte gefallen needsaaklik.

Betingsten oan it oktroai

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hieltyd mear is te oktroaien, mar net op alles kin oktroai krigen wurde. In resinte �twreiding fan dat wat te oktroaien is, is it libben sels: benammen op de genen d�rfan meitsje grutte bedriuwen g�ns jacht, d�r binne al in soad oktroaien op ferliend.

De basiseasken foar in �tfining binne lykas folget:

  • De �tfining moat in te oktroaien �tfining w�ze.
  • De �tfining moat nij w�ze.
  • De �tfining moat �tfiningshichte ha.
  • De �tfining moat yndustrieel ta te passen w�ze.

Oktroaien wurde allinnich ferliend op te oktroaien �tfinings. Dy eask is der foar it �nderskied mei oare foarmen fan yntellektueel eigendom. Mei de earste bepaling wurdt benammen �nderskied makke tusken oktroai en auteursrjocht (mar ek merkerjocht en sa).

De fraach is wat in te oktroaien �tfining is. Der is gjin d�dlike definysje, al fine de measte saakkundigen yn Jeropa dat in �tfining in stik technyk yn him hawwe moat. Yn de Ryksoktroaiwet 1995 blykt dy technyk-eask bygelyks �t de bepaling oer nijens, dy't is: In �tfining wurdt as nij besk�ge, as dy gjin diel fan de st�n fan de technyk �tmakket.' Eat suver abstraks, lykas in foto of in stik tekst, is gjin technyk en kin dus net mei in oktroai beskerme wurde.

De oktroaiwet befettet in negative definysje: in tal saken wurde eksplisyt neamd as net te oktroaien �tfining. Sa binne wiskundige metoades en �ntdekkings (bygelyks op natuerkundich m�d) �tsletten. In �ntdekking is op himsels noch gjin �tfining, mar kin de basis wol fan in �tfining w�ze. De �ntdekking dat metaal stroom trochjout, kin br�kt wurde om in nije elektisiteitstried �t te finen.

Ek sl�t de oktroaiwet suver geastlike aktiviteiten, wurkwizen foar it sakedwaan kompj�terprogramma's �t fan oktroai. Neffens de oktroaiwet binne dy �tslutingen lykwols beheind ta de neamde saken as sadanich. In �tfining dy't mear is as in kompj�terprogramma as sadanich mei wol oktroaid wurde. Hoe't dat krekt �tlein wurde moat, wie de �fr�ne jierren �nderwerp fan f�leinich petear oer s�ftguodpatinten.

D�rneist is it ferbean oktroai oan te freegjen op beskate kategoryen �tfinings. Minsken, planten en bistesoarten kinne net oktroaid wurde. Mikrobiologske prosessen en produkten d�rfoaroer wer wol, dus gentechnology is wol te oktroaien en medisinen ek. En ek �tfinings dy't gefaar opsmite foar de iepenbiere oarder of feiligens of �nseedlik binne, binne net te oktroaien. Op in nije bombrief of martelark sil dus gjin oktroai ferliend wurde.

De earste eask is dat in �tfining nij w�ze moat. In oktroai mei net ferliend wurde op eat dat al bestie. Dat klinkt logysk, mar it is meast de grutstel angel by it oktroai.

In �tfining is nij as dy noch net publyk makke is. De wize d�r't dat op bard, is net fan belang. In publikaasje yn in wittenskiplik tydskrift telt like swier as in artikel yn in doarpskrantsje. En ek m�nlinge publikaasjes (foardrachten, l�zings, diskusjes yn it iepenbier) telle.

Nijens is in enoarme hobbel yn it oktroaiw�zen, om't it in oersjoch freget fan de hiele wr�ldliteratuer. De ferskate oktroaiburo's hawwe m�nske bibleteken fan fan alles en noch wat en yndeksen derby om op �nderwerpen sykje te kinnen. En noch wurde oktroaien nei ferlienen geregeld oanfochten by de rjochter omdat se net nij binne.

Wol gauris wurdt sa'n oanfjochting w�n, want de st�n fan de technyk (de samling fan alles dat bekend is yn de wr�ld) is �nbidich en nimmen hat it oersjoch. D�r moat wol by oanj�n wurde dat der fansels allinnich rjochtsaken oer de jildigens fan in oktroai oanspand wurde as it net evidint is oft in oktroai jildich is of net.

Der binne oars wol twa �ts�nderings foar iepenbiermeitsjen dy't plak hawwe koart foardat de oanfraach yntsjinne wurdt. As in �tfining s�nder tastimming publisearre wurdt en mei it doel de oktroai-oanfraach te sabotearjen, of as de sprake is fan in eksposysje by in Wr�ld�tstalling (dus net in gewoane fakbeurs), jildt de publikaasje net as de oanfraach op 'e tiid yntsjinne is.

Utfinerswurksumens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De wichtichste eask by in oktroai is lykwols net nijens, mar �tfinerswurksumens. Dat wurdt ek wol �tfiningshichte neamd, hoewol't dat eins in germanisme is. In oktroai mei gjin triviale fariaasje fan in al besteand apparaat, produkt of wurkwize w�ze. Mar hoe moat soks ynskat wurde?

As jo in papierklammer ha, dan kinne jo stikken papier byinoar h�lde. Laskje twa papierklammers oaninoar en jo kinne twa steapeltsjes papier byinoar h�lde. Mar is sa'n d�belde papierklammer no wier in �tfining of net? Is it in ynnovaasje, of leit it gewoan foar de h�n fan twa papierklammers ien te meitsjen?

Yndustryiele tapasberens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De l�ste eask is dat in �tfinings yndustrieel ta te passen w�ze moat. Dat betsjut min ofte mear dat in �tfining d�r't oktroai op oanfrege wurdt, boud wurde kinne moat, tapast wurde kinne moat en wurkje moat.

Yndustrieel ta te passen wol net sizze dat allinnich high-tech of allinnich masines te oktroaien binne. Mar de �tfining moat wol geskikt w�ze om yn de yndustry makke wurde te kinnen.

H. G. Wells skreau ea in ferhaal oer in fleanmasine dy't wurke mei in metaal dat de swiertekr�ft ophefte. D�r is gjin oktroai op mooglik, want sa'n metaal bestiet net en dus kin de �tfiner net �tlizze hoe't sa'n �tfining boud wurde moat. In perpetuum mobile is yn striid mei de natuerwetten en kin d�rom ek net oktroaid wurde (al besykje de �tfiners it geregeld). En it l�ste punt sil ek d�dlik w�ze: in �tfining dy't gewoan net wurket, is net te oktroaien.

It rjocht op it oktroai

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn prinsipe kin elkenien oktroai oanfreegje - in gewoan persoan of in rjochtspersoan. Yn prinsipe komt it oktroai de �tfiner ta, of oan alle �tfiners mei�noar as it in groep wie. Oktroai op �tfinings dy't dien binne troch persoanen yn tsjinst fan in oar, komme ta oan de wurkjouwer (bedriuwen as Philips en IBM ha in soad oktroaien). Wa't it oktroai ek yn besit hat, de echte �tfiner moat op it oktroai neamd wurde (eare dy't eare takomt).

In aparte situaasje docht him foar yn gefal fan botsing: as twa persoanen of ynst�nsjes op itselde stuit itselde �tfine. Yn dat gefal jildt de regel wa't earst yn de roef komt, hat k�ns fan plak. Dat wol sizze: de earste persoan dy't oktroai oanfreget en d�r't de oktroai-oanfraach fan publisearre wurdt, hat it rjocht op oktroai. Dyjinge dy't as earste de �tfining docht, hat dus net needsaaklikerwize rjocht op oktroai - it rjocht op oktroai giet nei dyjinge dy't der it earst om freget (fansels wol nei in echte �tfiner; jo kinne immen syn oktroai net stelle troch hurd nei it oktroaiburo te draven om syn �tfining te claimen).

Maatskiplik plak fan it oktroai

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oktroaien kinne op spande foet stean mei frije merkwurking, de oktroaih�lder kin ommers syn konkurrinten ferbiede soartgelikense produkten op 'e merk te bringen. Oktroaien binne te rjochtfeardigjen as de optelsom fan de mooglik negative effekten op konkurrinsjewurking en de positive effekten op ynnovaasje �tkomt op in netto foardiel foar de maatskippij. Boppedat giet it by oktroaien �tsoarte om nije produkten en tapassings, dy't gauris it paad nei in merk noch fine moatte dy't f��r de �tfining noch net bestie. Yn sa'n nije merk kin dochs al gjin merkwurking w�ze.

It �tsjoch op it krijen fan in beleanning yn de foarm fan in oktroai is bedoeld om bedriuwen te prikkeljen ynvestearrings te ferheegjen d�r't de mienskip �teinlik baat by hat. Yn tsjinstelling ta it bedriuwsgeheim is in oktroai publyk te besjen mei it doel oaren te ynspirearjen.

De oktroaih�lder kin in lisinsje oan oaren jaan en d�rmei ynkomsten generearje. Oktroaien kinne ek strategysk ynset wurde mei it doel de konkurrint dwers te sitten en te ferswakjen.

Yn Nederl�n rapportearre de kommisje Giskes yn 2005 oan steatssiktaris Karien van Gennip: It hat de Advyskommisje yn har omgong bliken dien dat der grutte maatskiplike �nfrede is oer de kwaliteit fan oktroaien yn it algemien en op it m�d fan s�ftguod yn it bys�nder, yn dy sin dat de minsken fan miening binne dat oktroaien ferliend wurde op triviale of marzjinale �tfinings. De Advyskommisje befellet oan dat Nederl�n syn ynfloed br�kt yn de Administrative Council fan de Jeropeeske Oktroai-organisaasje om dat kwaliteitsprobleem te adressearjen en har der foar ynset dat de kwaliteit fan ferliende oktroaien, yn it bys�nder yn it gefal fan s�ftguod, ferhege wurdt. Dat soe kinne troch de noarm foar ynventiviteit oan te skerpjen. It Jeropeesk Oktroaiburo is in ynternasjonale organisaasje en falt net �nder de Jeropa-wetjouwing; wol kin de Jeropeeske Oktroai-organisaasje Jeropeeske wetjouwing oernimme, wat bygelyks yn 1999 dien is as it giet om biotechnologyske �tfinings: Rigels 26 o/m 34 EPC2000 binne basearre op de Jeropeeske rjochtline 98/44/EG. De Administrative Council bestiet �t troch de lidsteaten oanwiisde leden.

Yn de praktyk blike Multynationals �nderinoar gauris in juridyske wapenstilst�n te hawwen w�rby't op grutte skaal kr�slisinsjes �fj�n en krigen wurde s�nder jildstreamen. Foar grutte bedriuwen binne oktroaien in middel om lytse meidoggers op 'e merk �nder druk te setten mar de praktyk fan de �fr�ne jierren hat leard dat lytse meidoggers ek grutte bedriuwen mei s�kses oankleie kinne fanwege oktroai-ynbrek, bygelyks Eolas fersus Microsoft.

De beneaming oktroai wurdt yn de Nederl�nske wetjouwing br�kt; it wurd patint wurdt lykwols ek algemien br�kt yn in net-offisjele kontekst foar itselde begryp.

Yn Nederl�n is yn 1912 in hifke oktroai ynfierd. Dat barde trochdat de Ryksoktroaiwet 1910 yn wurking gong. Alle fan 1912 �f yntsjinne oktroai-oanfragen waarden fan dat stuit �f foar de werklike oktroaiferliening hifke op de wetlike fereasken lykas nijens, ynventiviteit en yndustri�le tapasberens.

Yn Nederl�n jildt op dit stuit (2007) de Ryksoktroaiwet 1995.

Dat hifkjen wurdt dien troch de Oktroairied. De kwaliteit fan it hifkjen yn Nederl�n troch de oktroairied stie ynternasjonaal heech oanskreaun.

Troch it oprjochtsjen fan it Jeropeesk Oktroaiburo yn de tachtiger jierren naam it tal by de oktroairied yntsjinne oktroai-oanfragen stadich �f. As gefolch d�rfan wie it net mear mooglik om foar alle m�den fan de technyk saakkundige foar�ndersikers yn tsjinst te hawwen en oan it wurk te h�lden. Yn 1995 waard d�rom de Ryksoktroaiwet 1995 ynfierd, dy't der yn foarseach dat tenei Nederl�nske oktroai-oanfragen net mear hifke waarden. Op elke oanfraach waard neffens dat registraasjesysteem s�nder ynh�ldlike hifking, in oktroai ferliend. Der binne twa foarmen: in oktroai dat 20 jier jildich is, en in oktroai dat mar 6 jier jildt. Om in 20-jierrich oktroai te krijen moat in fersyk om in nijens�ndersyk yntsjinne wurde. De �tslach fan sa'n nijens�ndersyk jout ornaris in goede yndikaasje, oft de claimde �tfining nij en ynventyf gen�ch is as sjoen wurdt nei de st�n fan saken fan de technyk om in sinfolle oktroaibeskerming jaan te kinnen. De �tslach is lykwyls net fan belang foar de oktroaiferliening. It hifkjen fan de nijens wurdt earst nei oktroaiferliening dien troch de rjochter. It (tweintichjierrich)oktroai wurdt dus ferliend �n�fhinklik fan de ynh�ld fan it nijensrapport. By ferliening fan oktroaien foar ynfiering fan de ROW 1995 waard yn 't foar ynh�ldlik hifke.

D�tsk patint foar in Nederl�nske �tfining
D�tsk patint foar in Nederl�nske �tfining

In ferliend Nederl�nsk oktroai kin yn syn hiele rintiid bygelyks troch in tredden foar de rjochter 'oanfallen' wurde yn in neatigensproseduere. De wearde c.q. kr�ft fan in Nederl�nsk registraasje-oktroai wurdt dus earst nei ferliening, yn rjochte, beskaat, teminsten as it oktroai �nderwerp wurdt fan in juridysk skeel. Foardiel fan it registraasjesysteem is it gemak en fluggens d�r't in oktroai mei krigen wurde kin, en ek de legere kosten foar de oktroaih�lder.

Guon fine dat in registraasje-oktroai de rjochswissens ferleget, omdat de jildigens fan in registraasje-oktroai yn syn hiele rintiid by de rjochter oanfochten wurde kin. Dat is mar foar in part wier. Sa jout de �tslach fan in nijens�ndersyk (yn gefal fan in 20-jierrich oktroai oanw�zich en foar in 6-jierrich oktroai allinnich ferplichte as it oktroai troch in tredden yn 'e kiif steld wurdt) al in goede yndikaasje, oft it oktroai op in te oktroaien (nije en ynventive) �tfining basearre is. Boppedat wurdt meast in oktroai-ekspert, de oktroaimachtige, ynset om de oktroai-oanfraach op te stellen. As l�ste, ek in foar�ndersocht oktroai (bygelyks in Nederl�nsk part fan in Jeropeesk oktroai, sjoch �nder) is fetber foar ferneatiging.

De yn 1995 noch net �fhannele oanfragen waarden noch �nder de Ryksoktroaiwet 1910 hifke troch de oktroairied. Sjoen it systeem fan de Ryksoktroaiwet 1910 hat it �fhanneljen fan de oanfragen dy't �nder de Ryksoktroaiwet 1910 yntsjinne wiene troch de oktroairied duorre oant begjin 2004. Op 1 septimber 2004 is de Ryksoktroaiwet 1910 ynlutsen en d�rmei de oktroairied opheft. Ta gelegenheid d�rfan is allinnich in parseberjocht ferspraat dat de algemiene parse net helle hat.

Yn Nederl�n kin no op trije wizen in oktroai oanfrege wurde:

  • De nasjonale wize, troch yn Nederl�n oktroai oan te freegjen, dy oanfraach liedt ta in registraasje-oktroai dat allinnich foar Nederl�n jildt;
  • De Jeropeeske wize, troch fia it Jeropeesk Oktroaiburo in oktroai oan te freegjen foar in tal lannen tagelyk, wat nei hifkjen liedt ta in Jeropeesk oktroai, dat nei ferlienen yn in bondel nasjonale oktroaien �tinoar falt, w�r�nder it Nederl�nsk part en
  • de ynternasjonale wize, troch fia in troch WIPO (World Intellectual Property Organization) erkende nasjonale ynst�nsje in ynternasjonale oktroai-oanfraach (fia it Patent Cooperation Treaty of PCT) yn te tsjinjen. Op dy wize kin in Jeropeesk oktroai (sjoch boppe) krigen wurde dat jildich is yn Nederl�n. It is lykwols net mooglik op dy wize daliks in Nederl�nsk (net-hifke) oktroai te krijen, likemin as dat op de Jeropeeske wize mooglik is

In yn Nederl�n ferliend oktroai jout gjin beskerming tsjin neimeitsjen yn D�tsl�n of yn de Feriene Steaten, yn tsjinstelling ta it auteursrjocht, d�r't ynternasjonale ferdraggen automatysk wr�ldwide beskerming jouwe. De �tfiner moat yn elk l�n apart in oktroai-oanfraach yntsjinje om d�r beskerming te krijen. Wol kin by it Jeropeesk Oktroaiburo (festige yn Rijswijk-S�d-Holl�n) patint foar Jeropeeske lannen oanfrege wurde. It Jeropeeske Oktroaiburo be�ardielet de oanfraach op ynh�ldlike gr�nen en nei ferlienen wurdt de Jeropeeske oktroai-oanfraach omset yn in bondel nasjonale oktroaien. Der is dus gjin Jeropeesk Oktroai dat automatysk yn hiel Jeropa jidlich is. Der wurdt wurke oan in Jeropeeske feroardering om in systeem foar in Mienskipsoktroai op te setten.

De measte oktroaiwetten jouwe in op himsels relatyf ienf�ldige regel oangeande de fraach, wat te oktroaien is, sjoch bygelyks it Jeropeesk Oktroaiferdrach: Oktroaien wurde ferliend foar �tfinings dy't nij binne, op �tfinerswurksumens (in ynventive stap) ber�ste en fetber binne foar tapassen op it m�d fan yndustry. In te oktroaien �tfining is bygelyks in idee of �tfining dy't net fanselssprekkend simpel is (mar wol ynventyf), en dy't wr�ldwiid nij is. De �tfining mei dus nearne earder publisearre of beskreaun w�ze. Oer wat 'fanselssprekkend simpel' ynh�ldt binne wolris mieningsferskillen; in rjochter moat dan bygelyks de knoop trochhakje. It Jeropeesk Oktroaiburo br�kt ornaris de 'problem-solution approach' om nei te gean oft in �tfining ynventyf gen�ch is. De l�ste jierren is der in kontroverse geande oer de fraach oft genen te oktroaien binne.

Skiednis yn Nederl�n oant 1910

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De earste wet op oktroaien waard yn Nederl�n ynfierd op 25 jannewaris 1817. Dêr waard lykwols troch Nederlânske bedriuwen in bytsje gebrûk fan makke. Wol besochten bûtenlânske bedriuwen troch de wei fan in ynfier-oktroai hat konkurrinsjeposysje yn Nederlân feilich te stellen. Op 25 july 1867 waard dy wet lykwols hielendal ynlutsen. Yn 1870 soe Nederlân de Konfinsje fan Parys tekenje, wat ynhold dat Nederlân har wetjouwing op yndustrieel eigendom oanpasse moatte soe, lykwols allinnich foar fabryks- en hannelsmerken. Nederlân koe, krekt as Switserlân, noch hieltyd in eigen koerts oangeande de oktroaien folgje. Neidat Switserlân yn 1888 dochs besleat ta ynfieren fan oktroaiwetjouwing wie Nederlân yn wêzen it iennichste Jeropeeske lân dêr't soks noch net fêstlein wie. Polityk sjoen wie dy posysje fan Nederlân net langer fol te hâlden (ynternasjonaal waard Nederlân bestimpele as in folk fan Frijbûtsers). Dus, yn 1893 waard troch it Nederlânske regear op in kongres yn Madrid tasein om in útstel nei de Twadde Keamer te stjoeren. De diskusje dy't dat útstel los makke soarge der foar dat it earst yn 1905 slagge om werklik in wetsútstel yn te tsjinjen (Nederlân soe oars út de Uny fan Parys set wurde, en de fabryks- en hannelsmerken fan de Nederlânske yndustry ferlieze) . Dy wet soe úteinlik yn 1910 troch de Earste- en Twadde Keamer oannommen wurde.

Besibbe ûnderwerp

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Octrooi op leven en de geschiedenis van de Europese Octrooirichtlijn (EU 98/44)(Nederlânsktalich)