Springe nei ynh�ld

Planten

Ut Wikipedy
planten
Biodiversiteit fan it planteryk.
Biodiversiteit fan it planteryk.
Taksonomy
domein: eukaryoaten (Eukaryota)
supergroep: oerplanten (Archaeplastida)
ryk: planten (Plantae)
Haeckel, 1866

De planten (Latynske namme: Plantae) foarmje yn 'e taksonomyske yndieling fan libbene organismen in ryk, dat yn 'e mande mei de riken fan 'e bisten (Animalia), skimmels (Fungi), protisten (Protista) en guon lytsere groepen organismen it domein of bopperyk fan 'e eukaryoaten (Eukaryota) foarmet. (De eukaryoaten steane dan wer op ien hichte mei de baktearjes (Bacteria) en de oerbaktearjes (Archaea).) De biologyske st�dzje nei planten hjit plantkunde of botany.

Planten binne rjusellige organismen dy't har �nderskiede fan oare libbene organismen trochdat se selwanden hawwe dy't opboud binne �t selluloaze, en trochdat se foar it meastepart (de fleisitende planten b�ten besk�ging litten) homotroof binne en dus har enerzjy streekrjocht �t sinneljocht helje troch fotosynteze. Dat proses fynt plak yn 'e gloroplasten of bl�dgrienkerlen dy't har har griene kleur besoargje. Beskate soarten br�ke foar har eigen enerzjyfoarsjenning net fotosynteze mar gemosynteze. Oare ferskillen mei (guon) oare organismen binne dat planten har hiele libben trochgroeie en dat se har sawol geslachtlik as �ngeslachtlik fuortplantsje kinne. Planten hawwe trije basis�nderdielen: woartels, in st�le en bl�den.

Taksonomyske yndieling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ta de planten wurde ferskate grutte groepen rekkene, w�r�nder de moassen of bl�dmoassen, de levermoassen, de haumoassen, de wolvepoaten en ruskfearren, de fearplanten, de konifearen, de blomplanten en de griene algen (grienwieren en kr�nswieren). De koarstmoassen hearre lykwols net ta de planten, mei't dat gearwurkingsfoarmen binne fan skimmels mei blauwieren of grienwieren, en dy sadwaande ta it ryk fan 'e skimmels rekkene wurde.

Readwieren, br�nwieren en blauwieren binne likemin planten. Blauwieren wurde yndield by de baktearjes, wylst br�nwieren by de gromalveolaten (Chromalveolata) hearre, dy't yn 'e hjoeddeiske taksonomy as in lyts eukaryoatysk rykje op harsels besk�ge wurde. Readwieren en guon oare lytse groepkes soene neffens moderne ynsichten mooglik op deselde hichte as de planten stean kinne yn in supergroep dy't fan oerplanten (Archaeplastida of Primoplantae) hjit. D�rfandinne dat de planten tsjintwurdich yn wittenskiplike fermiddens ek wol griene planten (Viridiplantae) neamd wurde, om se d�dliker te �nderskieden fan 'e oare groepen oerplanten.

De rol fan planten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hoewol't sekuere sifers dreech f�st te stellen binne, waard der yn 2010 r�sd dat der tusken de 300.000 en 315.000 ferskillende plantesoarten op 'e wr�ld binne. De grutte mearderheid d�rfan, r�chwei 260.000 oant 290.000, bestiet �t siedplanten. Planten foarmje in kr�sjaal en �nmisber diel fan 'e wr�ldekology, mei't se it grutste part fan 'e beskikbere soerstof produsearje en iten foar alle heterotrofe organismen foarmje (dy't har enerzjy �t 'e konsumpsje fan oare organismen helje). Sels de �tslutende karnivoaren �nder de bisten binne dochs noch yndirekt fan planten �fhinklik om't harren proaidieren (of de proaidieren fan 'e proaidieren, ensfh.) derfan libje. Planten dy't n�t, fruchten, grienten en oare ytbere dielen produsearje, wurde al milennia lang troch de minske domestisearre. Oare planten wurde br�kt om te pronk te setten (sierplanten), en oant frij resint tsjinnen se as de boarne fan hast alle medisinen.

Klassifikaasje fan planten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
In jong plantsje.
Klassifikaasje fan it Planteryk
  • Boarnen, noaten en referinsjes

    [boarne bewurkje]
    Boarnen, noaten en/as referinsjes:

    Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.