Springe nei ynh�ld

Seksisme

Ut Wikipedy
Yngong fan de National Association Opposed To Woman Suffrage

Seksisme of geslachtsdiskriminaasje is it fellen fan in weardeoardiel op gr�n fan immens sekse. Dit kin liede ta diskriminaasje w�rby't minsken f�ngelyk behannele wurde, bygelyks yn taalgebr�k, op gr�n fan harren geslacht/sekse. Seksisme kin liede ta foarmen fan �nderdrukking. It omkearde is sekseneutraliteit.

It wurd seksisme wurdt ten �nrjochte faak br�kt yn assosjaasje mei seks of erotyk.

Seksisme algemien

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ek geslachtsrol-stereotypen oer manlikheid en froulikheid falle �nder it begryp seksisme. Dizze stereotypen hawwe soms �nderbewust ynfloed op �s gedrach. Foar dizze foarm is de term genderisme betocht.

Ekstreme foarmen fan seksisme binne manljushaat (misandry) of frouljushaat (misogyny).

Frouljusdiskriminaasje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De meast foarkommende foarm fan seksisme utert him yn diskriminaasje fan froulju.

De frouljusbeweging bestrydt al s�nt hat �ntstean de beneidieling en diskriminaasje fan froulju. Dit hat effekten h�n op nasjonale en ynternasjonale wetjouwing: der bestiet in Ynternasjonaal Ferdrach ta Utbanning fan Frouljusdiskriminaasje, koartwei it FN-Frouljusferdrach. Der is in soad �ndersyk dien nei foarmen fan frouljusdiskriminaasje.

Manljusdiskriminaasje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn westerske lannen is s�nt �ngefear 1980 in trend te bespeuren om ek omtinken te jaan oan de efterstelling fan manlju op bepaalde gebieten, lykas �lderskip. Soms kin sprutsen wurde fan heitediskriminaasje. Der is in d�dlik ferskil yn de posysje fan de seksen yn westerske en net-westerske lannen.

De st�dzje nei geslachtsrollen en de feroaring fan stereotypen wurdt faak oantsjutten mei de term genderst�dzjes. It Ingelske begryp gender wurdt br�kt om de sosjaal-maatskilike rol en ek de selsbelibbing fan in yndividu te �nderskieden fan syn biologyske seksualiteit.