Springe nei ynh�ld

The Dukes of Hazzard (telefyzjesearje)

Ut Wikipedy
The Dukes of Hazzard
tillefyzjesearje
makkers
betocht troch Gy Waldron
ûntwikkele troch Gy Waldron
produsint Gy Waldron e.o.
tillefyzjestudio Warner Bros.
spilers
haadrollen Tom Wopat
John Schneider
Catherine Bach
Denver Pyle
James Best
Sorrell Booke
Ben Jones
Sonny Shroyer
Rick Hurst
Waylon Jennings
skaaimerken
sjenre aksje-komeedzje
seizoenen 7
jierren 1979-1985
tal �fl. 145
spyltiid (�fl.) 45-48 min.
l�n/lannen Feriene Steaten
taal Ingelsk
webside www.warnervideo.com
besibbe searjes The Dukes (animaasje)

The Dukes of Hazzard ("De Dukes �t Hazzard") wie in tige s�ksesfolle Amerikaanske tillefyzjesearje dy't 7 seizoenen r�n, fan jannewaris 1979 oant febrewaris 1985. De rige waard yn in grut tal lannen �tstjoerd; yn Nederl�n wied er by de AVRO te sjen. It gie oer de aventoeren fan in famylje (de Dukes) yn it plakje Hazzard, earne yn it Suden fan 'e Feriene Steaten, dy't it net sa nau naam mei de wet, mar dochs troch en troch rjochtskepen wie. Harren tsjinstanners wiene de korrupte county-kommissaris J.D. Hogg en dy syn sweager, de �nnoazele sheriff Rosco P. Coltrane, dy't se eltse kear wer te fluch �f wiene. The Dukes of Hazzard stie fral bekend om syn spektakul�re efterfolgingss�nes, dy't in hiele generaasje jonge tillefyzjesjoggers in �nre�listysk byld joegen fan 'e keunstkes dy't se mei auto's �thelje koene.

De searje wie min ofte mear basearre op 'e Amerikaanske B-film Moonrunners, �t 1975, oer yllegale drankstokers en -smokkelders yn it Amerikaanske Suden, dy't makke waard troch Gy Waldron yn gearwurking mei �ld-moonshiner Jerry Rushing. De film dielt in protte identike en tige lyksoartige nammen en saken mei de lettere tillefyzjerige. Hoewol't it yn prinsipe in komeedzje wie, wie Moonrunners folle rouwer en r�ger as de famyljefreonlike searje dy't der�t fuortkomme soe.

Yn 1977 waard Waldron troch de grutte Amerikaanske film- en tillefyzjestudio Warner Bros. frege om it konsept fan Moonrunners oan te passen foar tillefyzje. It idee wie om mar in njoggental �fleverings te meitsjen om te br�ken as opfolling yn 'e midden fan it tillefyzjeseizoen, mar doe't men by Warner Bros. de resultataten fan 'e earste opnamen �nder eagen krige, beg�n men gruttere mooglikheden foar de searje te sjen.

De produksje fan The Dukes of Hazzard sette ein oktober, begjin novimber 1978 �tein op lokaasje yn Covington, deunby Atlanta, yn 'e s�deastlike Amerikaanske steat Georgia. D�r waarden foar de kryst fan dat jier de earste fiif �fleverings opnommen, dy't wat fan 'e rest fan 'e searje ferskille troch humor dy't mear op folwoeksenen taspitst is, wat minder fynfielige ferhaaleleminten en in justjes rouwer taalgebr�k. Doe't de akteurs en de filmploech foar de feestdagen �tinoargiene, ferwachten se yn jannewaris wer op itselde plak byinoar te kommen om 'e restearjende fjouwer �fleverings op te nimmen.

De (Dodge Charger) General Lee

Mar yn 'e tuskentiid wie men by Warner Bros. ta de konkl�zje kommen dat de searje potinsjeel hie, dat yn jannewaris 1979 waard de hiele produksje ferhuze nei de Warner Bros. Studios, Burbank en de Columbia Ranch, twa studiokompleksen yn s�dlik Kalifornje. Guon s�nes waard fierders filme op 'e Golden Oak Ranch fan Disney by Santa Clarita. De redens foar it oerbringen fan 'e produksje nei Kalifornje hiene foar it meastepart te krijen mei it ferienf�ldigjen fan 'e produksje mei it each op in langer rinnende searje, w�rfoar't �.m. in grutte garaazje nedich wie om alle auto's te reparearjen en �nderh�lden. Tsjin 'e ein fan it earste seizoen wie de famyljefreonlike toansetting fan 'e searje f�stige, wylst ek alle personaazjes harren definitive karakters krigen hiene. It sjabloan wie klear foar de folgjende seis jier.

Utgongspunt fan 'e plot

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn The Dukes of Hazzard steane de aventoeren fan Bo en Luke Duke sintraal. Dat binne in pear balstjurrige neven dy't, yn 'e mande mei harren kreaze, allegeduerigen yn hotpants omspringende nicht Daisy, by harren wize �lde omke Jesse yn wenje, op it plattel�n fan it fiktive Hazzard County, yn Georgia. Bo en Luke ride om yn in oranje Dodge Charger �t 1969 mei it sifer "01" op 'e doarren en in Konfederearre oarlochsflagge op it dak skildere, dy't de namme General Lee draacht, in ferwizing nei de S�dlike generaal Robert E. Lee, �t 'e tiid fan 'e Amerikaanske Boargeroarloch. Daisy hat de earste beide seizoenen fan 'e searje in Plymouth Roadrunner �t 1974 (giel mei in swarte biis), oant Bo en Duke dy fan in klif �f ride, w�rnei't se de rest fan 'e searje in wite Jeep CJ-7 Golden Eagle bestjoert, dy't fan Dixie hjit ("Dixie" of "Dixieland" is in alternative oantsjutting foar it Amerikaanske Suden). Omke Jesse, in yllegale wiskystoker, riidt om yn in Ford F-Searje sechsde generaasje F100 Styleside pickuptruck.

Troch it smokkeljen fan eigenstookte wisky of om't se lju te help komme dy't op 'e iene of oare manear yn 'e swierrichheden sitte, krije Bo en Luke it almar wer oan 'e st�k mei de troch- en trochkorrupte county-kommissaris Jefferson Davis (J.D.) Hogg, better bekend as Boss Hogg. Dat is in lytse, t�ntsjer�ne, kealjende man dy't omrint yn in folslein wyt trijedielich kost�m mei hoed, en him ride lit yn in wite, iepen Cadillac Coupe de Ville mei grutte bollehoarnen oan 'e foarkant bef�stige. Boss Hogg is troud mei de suster fan 'e domme, omknoffeljende sheriff Rosco P. Coltrane, dy't de Dukes eltse �flevering wol in kear neisit yn syn Dodge Monaco-plysjewein, w�rby't er yn 'e regel op in stuit in �ngemak kriget dat him belet om 'e efterfolging fuort te setten, wylst de Dukes har, geiend fan wille, �t 'e fuotten meitsje. Rosco liket frjemd gen�ch nea wat oer te h�lden oan al dy akkefytsjes, al boartsje twa �fleverings, Coltrane vs. Duke, �t seizoen 4, en Too Many Roscos, �t seizoen 6, mei it idee dat er licht ferw�ne rekke is by in efterfolging.

De �fleverings fan 'e searje folgje eins in f�st stramyn: Bo en Luke binne har s�nder euvelmoed mei har eigen saken oan it bemuoien as se, gauris tsjin wil en tank, earne by belutsen wurde dat har yn oanfarring bringt mei Boss Hogg en Rosco. Se krije help fan omke Jesse, Daisy en harren maat, de garaazjeh�lder Cooter Davenport. Der folgje ien of mear spektakul�re efterfolgings, en �teinlik binne se Hogg en Rosco en de oprjochte mar domme helpsheriff Enos Strate (dy't smoarfereale is op Daisy en sadwaande maklik te manipulearjen) te fluch �f. De efterfolgings, dy't geandewei de searje almar dreger te leauwen en mear cartoonesk waarden, wiene gauris it gefolch fan Rosco syn yllegale besykjen om 'e Dukes yn 'e fal rinne te litten mei fan tekst of plak feroarjende buorden oangeande de maksimumsnelheid en oare soksoarte babbeleg�chjes. Ferskate kearen rekket Boss Hogg sels yn 'e swierrichheden, en moatte de Dukes him helpe om't Hogg syn fijannen noch aakliker smjunten binne as hysels. Mar ynstee fan harren tankber te w�zen, komt Hogg altiten daliks wer mei in snoad plan op 'e lappen om 'e Dukes in hak te setten. D�rby wurdt eltse �flevering begelaat fan 'e foar�tblikken op noch net barde foarfallen, komyske sydlingse opmerkings en typysk S�dlike sprekwurden en wiisheden fan The Balladeer ("de balladesjonger"), in alwittende ferteller mei de stim fan countrysjonger Waylon Jennings, dy't ek de werkenningsmeldij fan 'e searje, it n�mer Good Ol' Boys, song.

De cast fan The Dukes of Hazzard. Boppeste rige f.l.n.rj.: Ben Jones (Cooter), Sorrell Booke (Boss Hogg), James Best (sheriff Rosco P. Coltrane), en Sonny Shroyer (helpsheriff Enos); �nderste rige f.l.n.rj.: John Schneider (Luke), Tom Wopat (Bo), Catherine Bach (Daisy), Denver Pyle (omke Jesse), en Peggy Rae (Lulu).

Werjefte fan de rolferdieling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
haadrollen
Countrysjonger en akteur Waylon Jennings.
personaazje akteur/aktrise
Bo Duke Tom Wopat
Luke Duke John Schneider
Daisy Duke Catherine Bach
omke Jesse Duke Denver Pyle
sheriff Rosco P. Coltrane James Best
Boss J.D. Hogg Sorrell Booke
Cooter Davenport Ben Jones
helpsheriff Enos Strate Sonny Shroyer
helpsheriff Cletus Hogg Rick Hurst
de "balladesjonger" (ferteller) Waylon Jennings


wichtichste weromkearende byrollen
personaazje akteur/aktrise
Lulu Coltrane Hogg (frou fan Boss Hogg) Peggy Rea
Hughie Hogg (Boss Hogg syn snuggerder, mar like korrupte omkesizzer) Jeff Altman
dokter Henry "Doc" Petticord (de stok�lde pleatslike h�sdokter) Patrick Cranshaw
Ms Emma Tisdale (�tbaatster fan it pleatslike postkantoar) Nedra Volz
sheriff Edward T. "Big Ed" Little (izerfrettende sheriff fan 'e oangrinzgjende county) Don Pedro Colley

Yn 'e maityd fan 1982, doe't de opnamen foar it fyfde seizoen begjinne soene, wegeren haadrolspilers Tom Wopat en John Schneider d�roan mei te wurkjen fanwegen �nienichheid oer harren salaris en oer royaltys fan spul dat �nder it hannelsmerk fan 'e searje ferkocht wie en d�r't sy noch nea in sint fan sjoen hiene. De oplossing fan 'e produsinten wie om twa d�belgongers fan Bo en Duke yn te setten, de neven Coy en Vance Duke, spile troch Byron Cherry en Christopher Mayer. It ferhaal wie dat dy al earder, foar�fgeande oan 'e foarfallen fan seizoen 1, ek by omke Jesse ynwenne hiene, en no wiene se weromkeard krekt op it stuit dat Bo en Luke harren lok prebearren as autokoereurs yn 'e NASCAR-races. Net allinnich op it m�d fan karaktereigenskippen, mar ek kwa uterlik wiene Coy en Vance kloanen fan Bo en Luke. It publyk koe de omwikseling net wurdearje, en doe't de sjochsifers kelderen, �nderhannele Warner Bros. op 'e nij mei Wopat en Schneider, dy't sadwaande fjouwer �fleverings foar de ein fan it fyfde seizoen weromkearden, sabeare nei't harren NASCAR-karri�re op 'e non r�n wie. Yn deselde �flevering ferdw�nen Coy en Vance mei stille tromme om nea wer wat fan har hearre te litten.

Catherine Bach as Daisy Duke.

In selde soarte sitewaasje die him noch ferskate oare kearen foar. Sa boykotte James Best (Rosco) de searje yn 'e midden fan it twadde seizoen in hoart (ek al fanwegen finansjele �nienichheid mei de produsinten) en waard doe ferskate �fleverings lang ferfongen troch sheriffs dy't mar ien kear foarkamen, en dy't allegear �t persiis itselde hout snijd wiene as hy. Yn itselde seizoen die Ben Jones (Cooter Davenport) ek in skoft net mei om't er f�n dat syn personaazje skeard w�ze moast, wylst de produsinten him in burd jaan woene. Oant dy deilisskip yn Jones syn foardiel beslist waard, waard Cooter syn wurk yn 'e garaazje waarnommen troch syn neef Longstreet B. Davenport (spile troch Ernie Lively). Doe't Jones letter nochris in �flevering miste, doek foar ien kear in oare neef fan Cooter op, B.B. Davenport (Mickey Jones). Ek dizze beide neven lieken wol in hiel soad op it haadpersonaazje d�r't se oan �ntspruten wiene. Itselde gou foar helpsheriff Cletus Hogg (spile troch Rick Hurst), in fiere neef fan Boss Hogg dy't yn 'e seizoenen 3 en 4 helpsheriff Enos Strate ferfong: beide wiene wat dommige mar w�zentlik net ferkearde mannen, en beide wiene se fereale op Daisy Duke. Fan alle personaazjes kamen allinnich omke Jesse en Boss Hogg yn alle 145 �fleverings foar; Daisy �ntbriek inkeld yn 'e �flevering To Catch a Duke, �t seizoen 3.

Njonken de f�ste en weromkeardende cast wie der yn The Dukes of Hazzard (doe't de searje ienris popul�r wurden wie) ek romte foar in ferskaat oan ferneamde en minder ferneamde gastspilers. Sa hiene bgl. James Avery en Jonathan Frakes lytse roltsjes, akteurs dy't letter bekend wurde soene as de rike omke fan Will Smith yn The Fresh Prince of Bel-Air, resp. William T. Riker, de earste ofsier yn Star Trek: The Next Generation. De ferteller Waylon Jennings ferskynde nei withoefolle fersiken fan fans einlings yn in �flevering yn seizoen 7 as akteur. Ek sjongers as Roy Orbison, Loretta Lynn en Tammy Wynette ferskynden yn 'e searje.

It n�mer The Good Ol' Boys, dat de werkenningsmeldij fan 'e searje foarme, wie skreaun en waard songen troch Waylon Jennings, dy't der yn 1980 in n�mer 1-hit op 'e countrylisten mei skoarde en it ta n�mer 21 op 'e mainstream-hitlisten brocht.

Akteur John Schneider sa'n tweintich jier nei de ein fan 'e searje.

Ferskate spinoff-searjes kamen �t The Dukes of Hazzard fuort. Sa krige it personaazje fan helpsheriff Enos Strate yn 1980 en 1981 syn eigen rige, in detektivesearje mei as titel Enos, dat gjin grut s�kses waard. Mar it wie de reden dat Enos �t The Dukes of Hazzard skreaun en ferfongen waard troch Cletus Hogg. Doe't Enos ophold, kearde de helpsheriff oan it begjin fan it fyfde seizoen werom yn The Dukes of Hazzard en waard Cletus �ftanke. Fierders waard der yn 1983 in animaasjeferzje fan 'e searje makke �nder de titel The Dukes.

Ek waarden der seis ûnderskate fideospultsjes basearre op 'e oarspronklike searje, dêr't The Dukes of Hazzard: Return of the General Lee, út 2004, it bekendste fan is. Yn 2005 skreau Allison Moore it toanielstik Hazzard County, dat ek op 'e searje weromgiet.

Nei ôfrin fan 'e searje waarden der twa tillefyzjefilms makke foar de stjoerder CBS (telefyzjenetwurk), wêryn't de âlde cast wer byinoar kaam (ynsafier't dat noch koe – Sorrell Booke stoar yn 1994 en Denver Pyle yn 1997): The Dukes of Hazzard: Reunion! (1997) en The Dukes of Hazzard: Hazzard in Hollywood! (2000). In remake fan 'e searje, yn 'e foarm fan in bioskoopfilm (The Dukes of Hazzard, mei in folle besprutsen Jessica Simpson yn 'e rol fan Daisy Duke) kaam út yn 2005. Yn 2007 folge der noch in tillefyzjefilm dy't in prequel wie fan sawol de bioskoopfilm as de oarspronklike searje, The Dukes of Hazzard: The Beginning. Tusken 2004 en 2006 kaam de hiele oarspronklike searje by Warner Home Video út op dvd.

Yn Nashville, yn 'e steat Tennessee, it sintrum fan 'e Amerikaanske countrymuzyk, en teffens yn Gatlinburg, yn deselde steat, steane Dukes of Hazzard Museä. Covington, yn Georgia, dêr't de alderearste fiif ôfleverings opnommen waarden, is in wichtige toeristyske trekpleister wurden foar Dukes of Hazzard-fans.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further Reading, op dizze side.