Springe nei ynh�ld

Westerkertiersk

Ut Wikipedy
Westerkertiersk
algemien
oare namme(n) Westgrinsl�nsk
eigen namme Westerkertiers
l�nseigen yn Nederl�n
tal sprekkers 23.000
skrift it Latynske alfabet
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk - Germaansk - Westgermaansk - S�dwestgermaansk - Nederfrankysk-Nedersaksysk - Nedersaksysk - Friso-Saksysk - Grinsl�nsk - Westerkertiersk
dialekten * Middagl�nsk
  • Kollumerl�nsk
  • Midwesterkertiersk
  • S�dwesterkertiersk
taalstatus
offisjele status it Westerkertiersk wurdt besk�ge as in dialekt fan it Nedersaksysk; op himsels genietet it gjin erkenning
taalkoades
ISO 639-1 n.f.t.
ISO 639-2 n.f.t.
ISO 639-3 n.f.t.

It Westerkertiersk, inkeld ek wol Westgrinsl�nsk neamd, is in Nedersaksysk dialekt dat sprutsen wurdt yn it saneamde Westerkertier, it s�dwestlike part fan 'e provinsje Grinsl�n, en yn it easten fan 'e Fryske gemeente Kollumerl�n.

It Westerkertiersk wurdt tsjintwurdich noch sprutsen troch likern�ch 23.000 minsken. D�rfan wenje goed 22.000 yn Grinsl�n en likern�ch 800 yn eastlik Kollumerl�n. In grut part fan 'e sprekkers heart lykwols ta de �lderein en sadwaande nimt harren oantal �f.

Op guon kaarten d�r't de dialekten fan Nederl�n op oanj�n steane, wurdt in grut part fan it Westerkertierske taalgebiet omskreaun as "Kollumerl�nsk", dat in Nedersaksysk dialekt w�ze soe. It Kollumerl�nsk is lykwols in subdialekt fan it Westerkertiersk dat net betize wurde moat mei it Pompstersk fan Kollumerpomp, dat in Nedersaksysk dialekt is, of mei it Stedske dialekt fan Kollum sels.

It aksint fan it Westerkertiersk wykt in bytsje �f fan dy fan de oare Grinsl�nske dialekten. It Westerkertiersk l�dt as in kombynaasje fan Grinsl�nsk en in bytsje Stellingwerfsk mei in Frysk aksint. Hjirtroch wurdt it Westerkertiers soms ek wol as apart dialekt sjoen.

It Westerkertierske Taalgebiet

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Westerkertierske taalgebiet wurdt begrinzge troch de Drintske provinsjegrins yn it s�deasten, de st�d Grins yn it easten en it Ryddjip yn it noardeasten. Yn dy gebieten bestiet in floeiende oergong fan it Westerkertiersk nei twa oare Nedersaksyske dialekten, it Noarddrintsk en it Grinzersk; de oergong nei it Hegel�nsk, dat oare kant it Ryddjip sprutsen wurdt, is fan�lds minder floeiend.

Yn it westen einiget it Westerkertierske gebiet abrupt d�r't it Fryske taalgebiet begjint. De grins wurdt d�r fan s�d nei noard foarme troch de Fryske provinsjegrins tusken Allardseach en De Wylp, dan in tinkbyldige line dy't fan De Wylp oer Mearum nei De Grinzer Pein rint, oer it gr�ngebiet fan 'e provinsje Grinsl�n, en dan wer de provinsjegrins fan Frysl�n, tusken De Grinzer Pein en it punt d�r't dy gearfalt mei de rivier de Lauwers. Benoarden dat punt rint it Westerkertierske gebiet troch yn 'e provinsje Frysl�n, d�r't it de doarpen Muntsjesyl, Warfsterm�ne en Boerum yn it easten fan 'e gemeente Kollumerl�n omfettet. It Kollumerl�nsk is dus beheind ta dy trije doarpen. Yn it doarp Kollumerpomp wurdt it Pompstersk, in Nedersaksysk oergongsdialekt tusken it Frysk en it Westerkertiersk sprutsen.

Relaasjes mei oare Dialekten en Talen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Relaasjes mei de oare Grinsl�nske Dialekten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Westerkertiersk wurdt almeast as de minst Grinsl�nske foarm fan it Grinsl�nsk besk�ge (op it Noarddrintsk nei, dat taalkundich sjoen ek ta de Grinsl�nske dialektgroep heart). Twaklanken dy't as typysk Grinsl�nsk besk�ge wurde ("ai" en "ou"), komme yn it Westerkertiersk hast net foar; sterker noch, oant yn 'e tweintichste iuw stie it oan 'e oare kant fan it Ryddjip sprutsen Hegel�nsk, d�r't dy klanken krekt in hiel soad yn foarkomme, yn it Westerkertier bekend as "Poeps" (oftewol D�tsk).

De Ynfloed fan it Nederl�nsk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Njonken it Grinzersk, dat yn 'e stêd Grins sprutsen wurdt, stiet it Westerkertiersk hjoed de dei fan alle Grinslânske dialekten it meast ûnder druk fan it Nederlânsk. In protte fan it taaleigen is dêrtroch al ferlern gongen, itsij troch it oernimmen fan Nederlânske foarmen, itsij troch it ôfswakjen fan 'e eigen foarmen ta Nederlânskeftige foarmen. Dat lêste is bygelyks bard mei de doetiidsfoarm fan it tiidwurd meitsje ("makke" - yn it Nederlânsk "maakte"), dat yn it Westerkertiersk foarhinne "moek" wie, mar tsjintwurdich "moakte".

It Fryske Substraat

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fierders is yn it Westerkertiersk fan alle Grinslânske dialekten noch de grutste ynfloed fan it Frysk werom te finen. In foarbyld is de betsjutting fan it wurd "nuver", dat yn oare Grinslânske dialekten ek wol foarkomt en dan "moai" betsjut. Yn it Westerkertier kin it lykwols ek "raar" betsjutte, krekt as yn it Frysk. Ferlykje ek de oare foarbylden yn 'e ûndersteande tabel.

De lokaasje fan it Westerkertierske dialekt yn it Nedersaksyske taalgebiet.
Westerkertiersk Frysk
dievendoatsie
dieverdoatsie
dievedoatsie
ferdivedaasje
diezeg dizich
griemen grieme
himmeln himmelje
jirre jarre
kèl kel
kjel
kleems kliemsk
miegen pisje [mige]
mieghummel
mieghommel
mychammel
mychhimmel
eamel
eamelder
reeuw
riw
reau (ark)
siepel sipel
slief sleef
twijbak twibak
zoepenbrij sûpenbrij

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Feenstra, H., Duizend jaar Gronings taallandschap, Bedum, 1998.
  • Jansma, K., Friesland en zijn 44 gemeenten, Ljouwert, 1981.
  • Reker, S., Gronings, Den Haach, 2002.
  • Sijs, N. van der, ûnder redaksje fan, Taaltrots - Purisme in een Veertigtal Talen, Amsterdam/Antwerpen, 1999.
Talen en Dialekten yn Fryslân
Frysk Aastersk ● Hylpersk ● Klaaifrysk (Bjirmsk) ● Molkwardersk † ● Noardhoeksk (Eastnoardhoeksk • Westnoardhoeksk) ● Skiermûntseagersk ● Skylgersk ● Súdwesthoeksk (Lemsterlânsk) ● Wâldfrysk (Westereindersk)
Hollânsk Hollânsk-Frysk Amelânsk (Eastamelânsk • Westamelânsk) ● Biltsk (Eastbiltsk • Westbiltsk) ● Midslânsk ● Stedsk (Boalsertersk • Dokkumersk • Feanstersk † • Frjentsjertersk • Harnzersk • Kollumersk • Ljouwertersk • Snitsersk • Starumersk)
Westfrysk            Flylânsk †
Nedersaksysk   Kleastersk ● Pompstersk ● Stellingwerfsk (Eaststellingwerfsk • Gitersk † • Haadstellingwerfsk • Kúndersk • Westhoeksk) ● Westerkertiersk (Kollumerlânsk)