Springe nei ynh�ld

Esk

Ut Wikipedy
esk
taksonomy
ryk planten (Plantae)
stamme blêdplanten (Euphyllophyta)
klasse bedutsensieddigen
   (Angiospermae)
skift lippeblomeftigen (Lamiales)
famylje oliven (Oleaceae)
skaai esken (Fraxinus)
soarte
Fraxinus excelsior
Linnaeus, 1753
ferspriedingsgebiet

De Esk (Fraxinus excelsior) is in plantesoarte út de olivefamylje (Oleaceae). It is in leafbeam dy't l�nseigen is yn Jeropa. It is in beam dy't frijwat hurd waakst en sa'n 40 m heech wurde kin.

De beam hat in �neven fearre bl�d, dat �t s�n oant trettsjin dielbl�den bestiet. De lansetfoarmige bl�den, s�nder st�len, steane kr�slings tsjin inoar oer. De kroan fan de beam is iepen, sadat er in soad �ndergroei mooglik is. Yn de winter ferliest de beam syn bl�d.

Fraxinus excelsior

De Esk bloeit ear't it bl�d der is. It bl�d komt trije oant fjouwer wiken letter as by de measte oare beammen. De fruchten hawwe wjukjes dy't helpe by de fersprieding op de wyn. De knoppen binne swart, mei koart, filteftich hier en in koart staltsje. De bast bliuwt lang gl�d en geef, by de �ldere beam komme der ticht op elkoar steande greven yn.

In esk freget fiedsume gr�n mei leafst wetter tichteby of wiete gr�n. In natuerlik eskebosk �ntstiet dan ek yn beekdellings. Yn Frysl�n is de Esk sadwaande fral in beam fan de klaai.

De Esk komt foar op hast it hiele Jeropeeske kontinint, yn s�d-Noarwegen en Sweden, east fan de Swarte See yn de Kaukasus en yn in smelle strook yn noard-Spanje. Fierders ek yn de Britske Eilannen, mar s�nder noardlik Skotl�n en ek net yn noardwest Ierl�n.

It siedwinnen kin yn twa tiden dien wurde. Yn de earste helte fan augustus is it sied noch grien, mar kin al siedde wurde, omdat it dan noch gjin kiemr�st hat. Ornaris bliuwt it sied de hiele winter sitten en moat de perioade fan de kiemr�st dien w�ze ear't it sied �trinne kin en rispe wurde kin.

It hout fan de Esk is ljocht fan kleur, taai en sterk. Fanwegen dy eigenskippen wurdt it hout br�kt foar de lizzers fan gymnastyktastellen en foar st�len fan bilen, foarken en botsen en �t reden fan de flamtekening ek foar meubels, flierren en treppen. Eartiids waarden jonge t�ken wol as iten foar fee br�kt. De duorsumens fan eskenhout b�tendoar is lykwols frijwat leech: it wurdt yndield yn klasse 5, de leechste klasse.

De Esk is, lykas de Wylch geskikt om knotte te wurden.

Alde esken yn Nederl�n

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Helge Vedel/Johan Lange, Bomen en struiken in bos en veld. Moussault's útjouwerij, Baarn (1976)