Springe nei ynh�ld

Kampen

Ut Wikipedy
Kampen
Iselkaai (2016)
Iselkaai (2016)
Emblemen
                 
Bestjoer
L�n Nederl�n
Provinsje Oerisel
Gemeente Kampen
Sifers
Ynwennertal 38.415 (2023) [1]
Oerflak 68,35 km�
d�rfan l�n: 64,22 km�
d�rfan wetter: 4,14 km�
Befolkingsticht. 562 ynw./km�
Oar
Ferkearsieren H�nzeline,
Kamperlyntsje
N50, N307, N763, N764
Tiids�ne UTC +1
Simmertiid UTC +2
Ko�rdinaten 52� 34' NB, 54� 2' EL
Offisjele webside
Side st�d Kampen
Kaart
Kampen (Oerisel)
Kampen
Dizze side giet oer de st�d yn Oerisel. Foar de gemeente d�r't dy st�d it haadplak fan is, sjoch: Kampen (gemeente).

Kampen is in st�d yn it noardwestlik diel fan de provinsje Oerisel. It is it grutste plak yn de omkriten en it bestjoerlik sintrum fan de gemeente mei deselde namme.

Kampen krige yn 1236 stedsrjochten. De �lde h�nzest�d leit tichteby de m�ning fan de Isel yn de Iselmar en it Tsjetteldjip. De st�d leit foar it measte op in riviereneil�n. Yn Kampen wurdt tradisjoneel Kampers praat, in fariant op it Sall�nsk. It moderne stedh�s stiet oan it Boargepaster Berghuisplein.

It �lde stedh�s (1350), weropbou nei br�n yn 1543

Op it plak d�r't it hjoeddeiske Kampen leit wie om it jier 1150 hinne al houten bebouwing. De namme Kampen komt lykwols net earder as yn 1227 foar. Yn it gemeenteargyf wurdt noch in h�nf�st fan 24 septimber 1251 bewarre weryn't Abel, kening fan Denen en hartoch fan Jutl�n, de Ommel�nfarders in privileezje jout. Kampen wie yn dy tiid al in wichtige st�d en hie in grutte float koggeskippen. Mei dy skippen waard de Ommel�nfeart makke: de seereis om Denemark hinne nei de Eastsee. D�r waard yn s�lt hannele, dat de Kamper koggen earder �t Portugal hellen. Yn 1236 krige Kampen stedsrjochten, al is it hiel goed mooglik dat Kampen lykas Dimter, Stienwyk, Swol en Hasselt in st�d waard troch gewoanterjocht. It geunstige plak oan de drokke hannel tusken de Sudersee en de Ryn makke dat Kampen gaueftich fan ienf�ldige delsetting �twoeks ta in rike hannelst�d en ien fan de machtichste st�den fan Noardw�st-Europa. Yn de 14e iuw ruilde Kampen mei biskop Jan fan Arkel de polder Mastenbroek tsjin it rjocht op groei yn de Iseldelte.

It fers�njen fan de Isel makke s�nt 1430 stadichoan in ein oan de wolst�n fan Kampen. Lang hiene de Kampers gjin nocht oan in b�n mei ekonomyske en politike ferplichtings lykas dat yn 'e H�nze wenst wie. Mar doe't it greefskip Holl�n yn in kriich mei de H�nze fersile rekke, waard de st�d twongen in kar foar ien fan beide partijen te meitsjen. Kampen wie tradisjoneel mear ori�ntearre op de Eastseehannel en mei it efterl�n fan de Ryn en d�rom keas Kampen foar it H�nzeb�n. De st�d krige yn de H�nze in soad ynfloed: tsjin it sin fan oare st�den waard yn 1448 besletten ta de bou fan in br�ge oer de Isel om mear bining te krijgen met it efterl�n. It wurk eine tige hurd en yn mar fiif moannen tiid wie de br�ge folt�ge. Troch it rjocht op groei yn de Iseldelte wie de st�d eigner wurden fan it jimmeroan grutter wurdende Kampereil�n. S�nt 1500 waarden de eilannen ferpacht en de ynkomsten wiene sa heech, dat Kampen gjin belesting hoegde te heffen. De Fr�nsk-Nederl�nske Kriich, doe't de Republyk tsjin it keninkryk Frankryk, Sweden, M�nster, it aartsbisdom Keulen en it keninkryk Ingel�n focht, soe in ein meitsje oan dy �nbidich grutte macht fan de st�d.

Kampen yn 1652

Op 11 augustus 1572 waard Kampen troch Willem fan den Bergh, in sweager fan Willem fan Oranje, op de Spanjaarden oermastere. Nei de moardnerij fan Sutfen joech de st�d him op 15 novimber lykwols frijwillich oer oan de Spanjaarden. Yn 1578 krigen de Steatsen de st�d op 'e nij yn hannen nei it Belis fan Kampen �nder lieding fan George van Lalaing.

It duorre oant yn de 19e iuw dat de betsjutting fan de st�d wer wat grutter waard. Yn dy tiid wie Kampen oer de see dreech te berikken fanwegen de fers�ning. De wetterrin fan de Isel wie earder al ferskillende kearen �tbaggere, mar de kosten d�rfan wiene heech en yn in pear jier tiid slike de boel likegoed wer ticht. Fanwegen de feroarjende rin fan de Isel moast it wichtichste soal in pear kear ferlein wurde. Yn de 19e iuw liet de Kamper stedsarsjitekt Nicolaas Plomp damen oanlizze, sadat it wetter hurder troch it soal rinne koe en de rivier de wetterrin sels skjin spielde.

De Olifant

Foar 1839 liet Plomp strekdamen fan 2500 meter yn it Tsjetteldjip oanlizze, om it wetter in f�ste �tgong te bieden. D�r kaam yn 1839 nochris 900 meter by. It materiaal foar de damen wie �.o. �fkomstich fan de Kamper stedsmuorre, dy't yn dy tiid sloopt waard. Nije strjitten waarden oanlein en s�npaden waarden bestrjitte; der kamen bettere ferbinings mei Swol (1837), Genemuiden (1840) en Wezep (1851).

Fanwegen it geunstige belestingklimaat waard Kampen yn de 19e iuw in sintrum fan sigarefabriken. Fral de grutte Bremer sigarenfabrikant Lehmkuhl soarge der foar dat in soad minsken d�r harren jild fertsjinnen. Yn 1880 wurke likern�ch de helte fan de befolking yn de sigare-yndustry. In soad wurk waard troch de arbeiders th�s dien, mar doe't dat net mear mocht, yn de jierren 1930 de krisis oanbriek en de sigaret popul�r waard, rekke de Kamper sigare-yndustry yn it neigean. Allinne de monumintale sigarefabryk 'De Olifant' oerlibbe dy tiid en produsearret ek hjoeddedei noch sigaren.

In oare grutte wurkjouwer healwei de 19e iuw wie de firma Berk, dy't pannen en oar keukenreau makke. It begriuw wie yn 1851 stifte en nei't it in opdracht krige fan it leger groeide it bedriuw mei faasje. Yn 1866 wurken der noch mar 8 minsken, mar yn 1913 wie dat tal al 700. Troch it bedriuw waarden ek nije en bettere h�zen boud foar de arbeiders.

Ferdigeningswurken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Bruorrepoarte

Kampen hie oarspronklik stedsmuorren om de hiele st�d hinne. Yn de 14e iuw waarden de muorren yn it ramt fan �twreidings ferlein. In diel fan de muorre is noch te sjen oan de Foarstrjitte. It stie de st�den mei de F�stingwet fan 1874 frij om ferdigeningswurken te slopen om sa mear plak foar wenjen te meitsjen, mar Kampen die dat al yn de Fr�nske tiid. Yn 1809 frege de st�d oan Loadewyk Napoleon tastimming om de muorre oan de Iselkant �f te brekken en krige d�rfoar permisje. Dielen fan de muorre oan de Iselkant bleaune bewarre troch't d�r yntusken wen- en pakh�zen tsjin oan boud wiene.

Yn 1812 waard ek �tein set mei de sloop fan de muorre oan de kant fan it l�n. In part fan it p�n koe br�kte wurde foar de oanlis fan de damen yn it Tsjetteldjip. Alle lytse poarten en ek in pear grutte poarten binne doe �fbrutsen: yn 1803 de Swannepoarte (Zwanenpoort), yn 1837 de op de br�ge oanslutende Fiskpoarte (Vispoort), yn 1843 op de s�dlike kant de Fenepoarte (Venepoort) en yn 1893 de Hagepoarte (Hagenpoort). De �fbraak fan dy l�ste poarte soe nedich west ha om romte foar steds�twreiding te meitsjen, de werklike reden wie lykwols dat de goaten ferfongen wurde moasten en it jild der net wie. Kampen bleau nei de sloop fan de ferdigeningswurken likegoed noch in garnizoenst�d mei ferskillende kazernes fanwegen de strategyske lizzing oan de Isel, de Sudersee en by in br�ge oer de Isel.

Teologyske Skoalle

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Gebouwen Teologyske Universiteit
Stedsbr�ge
Boppe- of Sint-Nikolaastsjerke

Yn 1854 stifte de synoade fan Swol fan de Kristlike Ofskieden Grifformearde Tsjerke de Teologyske Skoalle yn Kampen. Yn 1892 fusearre dy tsjerke mei de Nederdútsk Grifformearden Tsjerken. De nije organisaasje hie no twa teologyske opliedings: de skoalle yn Kampen en de Frije Universiteit yn Amsterdam . Yn 1939 waard de namme feroare yn Teologyske Hegeskoalle. By de frijmakking yn 1944 bleau de FU yn hannen fan de Grifformearde Tsjerken yn Nederlân en waard de Teologyske Hegeskoalle yn twaën dield: de Teologyske Hegeskoalle Kampen (Bruorrewei; Broereweg) foar de synodale tsjerken en de Teologyske Hegeskoalle Kampen (Aldestrjitte; Oudestraat) foar de frijmakke tsjerken. Sûnt 1988 is de term 'Hegeskoalle' ferfongen troch Universiteit.

Yn maaie 2012 waard in rapport skreaun troch de Ried fan Tasicht fan de TU mei in útstel om de oplieding yn in gruttere universiteitsstêd mei al in universitêre teology-oplieding ûnder te bringen. De Rykuniversiteit Grins en de FU Amsterdam waarden dêrby neamd as opsjes. Yn septimber 2021 waard besletten om de Teologyske Universiteit yn de jierren 2022-2024 fasearre te ferhûzjen nei Utert om in bettere gearwurking mei oare opliedings mooglik te meitsjen. Dêrmei wie de TU de lêste ynstelling foar heger ûnderwiis, dy't út de eardere studintestêd Kampen ferhûze.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kampen is sûnt 1975 in beskerme stedsgesicht en hat in grut tal ryksmonuminten en gemeentlike monuminten.

  • De Koornmarktspoort oan de Iselkant is nei alle gedachten 14e-iuwsk.
  • De Broederpoort' (1465) is in rjochthoekige poarte mei fjouwer hoektuorren; yn 1615 yn renêssânse styl ferboud.
  • De Cellebroederspoort (1465) wurdt flankearre troch swiere rûne tuorren en is yn 1617 ek yn renêssânse styl ferboud.
  • It eardere stedhûs (14e iuw); yn de skepeseal is in rike sânstiennen skou mei fykwurk yn renêssânse styl (1543–1545). It gebou hat tsjintwurich in museale funksje.
  • De Nije Toer mei in kariljon (1648-1664).
  • It Goatysk Hûs (1500).
  • d' Olde Zwarver (stellingmûne út 1842).
  • 'Olde Vleyshuis' (Ald Fleishûs; 1593)
  • De Alde Bûtehaven mei it Skokkermonumint, dat de ûntromming fan de Skokkers yn 1859 betinkt dy't harren yn Brunnepe nei wenjen setten.
  • De 'Stadsgehoorzaal' (in teäter út 1891)
  • Stasjon Kampen' (in stasjonsgebou út 1911)
  • De goatyske Boppetsjerke ek: Sint-Nikolaastsjerke) is in krúsbasilyk út de 14e en 15e iuw.
  • De Bruorretsjerke is in 14e-iuwske halletsjerke fan it eardere Fransiskaner kleaster. Yn de kleastergebouwen is in Ikoanenmuseum ûnderbrocht.
  • De Us-Leaffrouwetsjerke is in 14e-iuwske krúsbasilyk.
  • Stedelijk Museum Kampen
  • Ikonenmuseum Kampen
  • Museumboerderij Kampereiland
  • Museum Stadsboerderij
  • Het Speelgoedkabinet
  • Huys der Kunsten
  • Biermuseum Kampen

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Kampen
Stêden:
GrafhorstKampen
Doarpen:
's-HeerenbroekIJsselmuidenReeveWilsumZalk
Buorskippen:
BisschopsweteringDe HeuvelsHogewegKampereilandKamperveenMastenbroek (foar in part)NieuwstadOosterholtDe RoskamVeecatenDe ZandeZuideinde (foar in part)
Wetter:
Drontermar (foar in part)GanzendiepGootIselKetelmar (foar in part)ReevediepSwarte mar (foar in part)Vossemar (foar in part)
· · Berjocht bewurkje