Springe nei ynh�ld

Skotsk

Ut Wikipedy
Skotsk
algemien
oare namme(n) Leechlânsk-Skotsk
eigen namme Scots
lânseigen yn Feriene Keninkryk
Ierlân
tal sprekkers 165.000 (2011)
skrift Latynsk alfabet
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk
  ● Germaansk
    ● Westgermaansk
      ● Noardwestgermaansk
        ● Angelsaksysk
          ● Skotsk
dialekten Eilânskotsk, Middenskotsk,
Noardskotsk, Stedskotsk,
Súdskotsk, Ulsterskotsk
taalstatus
offisjele status gjin offisjele status
erkenning as
minderheidstaal
Feriene Keninkryk
   ● Skotlân
   ● Noard-Ierlân
Ierlân
taalkoades
ISO 639-2 sco
ISO 639-3 sco

It Skotsk (Skotsk: Scots) is in Westgermaanske taal, dy't fan âlds sprutsen wurdt yn in grut diel fan Skotlân. Om't it taalgebiet benammen it Skotske leechlân omfiemet, wurdt dizze taal inkeld ek wol oantsjut as Leechlânsk-Skotsk. Troch migraasje fan Skotten dêrhinne, wurdt it Skotsk sûnt de santjinde iuw ek sprutsen yn Noard-Ierlân en it noarden fan 'e Ierske Republyk. It Skotsk moat net betize wurde mei it Skotsk-Gaelysk, de Keltyske taal fan 'e Skotske Heechlannen en de Hebriden, en allikemin mei it Skotsk-Ingelsk, it dialekt fan 'e Ingelske taal sa't dy yn Skotlân sprutsen wurdt.

Oant it ferlies fan 'e Skotske ûnôfhinklikens, yn 1707, wie it Skotsk de bestjoerstaal fan Skotlân, mar nei't it troch de uny mei Ingelân alle politike status kwytrekke wie oan it Ingelsk, ferlear it ek syn maatskiplik oansjen. Dêrnei waard it lange tiid beskôge waard as in Ingelsk dialekt, mar sûnt 1997 wurdt it Skotsk troch it Britske regear erkend as in lânseigen minderheidstaal. Neffens de Britske folkstelling fan 2011 waard it Skotsk doe yn it Feriene Keninkryk troch 155.000 minsken as memmetaal sprutsen. It tal sprekkers yn Ierlân leit om 'e 10.000 hinne.

Hoewol't de offisjele namme fan 'e taal gewoan "Skotsk" is, wurde soms oare nammen oanholden om it ûnderskie mei de oare talen en dialekten yn Skotlân dúdliker te meitsjen. Sa is der de oantsjutting Leechlânsk-Skotsk, yn it Ingelsk: Lowland Scots, om't it taalgebiet benammen it Skotske leechlân omfiemet. Yn it Skotsk wurdt dan fan Lallans sprutsen, in gearlûking fan it oarspronklike Lawlands, "Leechlânsk". Oare nammen foar it Skotsk binne Braid Scots ("Breedskotsk") en Doric ("Doarysk"), hoewol't dat eins in namme is foar it Sintraal Noardskotsk, in subdialekt dat westlik en noardlik fan Aberdeen sprutsen wurdt. Yn Noard-Ierlân hjit it Ulsterskotske dialekt yn 'e eigen taal Ulstèr-Scotch, mar tsjintwurdich wurdt dat ek wol gauris oantsjut as Ullans, in neologisme dat Ulster en Lallans mei-inoar kombinearret.

It Skotsk is it naust besibbe oan it Ingelsk en in pear útstoarne taalfarianten dy't foarhinne yn Ierlân sprutsen waarden, it Yola en it Fingaalsk. Mei-inoar foarmje dy fjouwer talen de Angelsaksyske taalgroep, dy't weromgiet op it Angelsaksysk fan 'e Angelen en de Saksen. Mei de Fryske taalgroep makket dy Angelsaksyske taalgroep de Noardwestgermaanske talen op, dy't sels mei û.m. it Nederlânsk en it Dútsk wer diel útmakket fan 'e Westgermaanske taalkloft. Mei de Noardgermaanske talen (Noarsk, Deensk, Sweedsk, ensfh.) foarmje de Westgermaanske talen de Germaanske taalfamylje, en dy heart wer ta de Yndo-Jeropeeske supertaalfamylje, yn 'e mande mei û.o. de Keltyske, Romaanske, Slavyske en Yndo-Iraanske talen.

De lokaasje fan it Skotske taalgebiet (read). De rest fan Skotl�n is yn ljochtgriis oanj�n.

It taalgebiet fan it Skotsk omfiemet it hiele leechl�n fan Skotl�n, fan 'e Ingelske grins yn it suden oant de Skotske Heechlannen yn it noardwesten. Fierders hearre ek de Orkney- en Sjetl�neilannen, dy't benoarden Skotl�n yn 'e Noardsee lizze, ta it Skotske taalgebiet, mei d�ropta de noardeastpunt fan it skiereil�n Caithness, oftewol it gebiet om it plak Thurso hinne, dat yn it uterste noarden fan it Skotske f�stel�n leit. De Orkney- en Sjetl�neilannen en de krite om Thurso hinne waarden yn 'e Midsiuwen kolonisearre troch Noarske Wytsingen, en sadwaande waard yn dy kontreien foarhinne Norn sprutsen, in Noardgermaanske taal, dy't lykwols yn 'e midden fan 'e njoggentjinde iuw �tstoarn is.

Yn Noard-Ierl�n falt it Skotske taalgebiet �tinoar yn twa aparte gebieten. Dat binne it eastlike diel fan it s�deastlike greefskip Down, oan 'e eastkust fan Noard-Ierl�n, en it noarden fan 'e noardwestlike greefskippen Antrim en Derry, oan 'e noardkust. Yn 'e Ierske Republyk binne de Skotsksprekkers konsintrearre yn it sintrale diel fan it noardwestlike greefskip Donegal, tsjin 'e westgrins fan Noard-Ierl�n oan.

It Angelsaksyske tiidrek

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e fyfde iuw ferlieten de Angelen en de Saksen massaal harren heitel�n yn noardlik D�tsl�n om as �nderdiel fan it Grutte Folkeferfarren fan it Jeropeeske f�stel�n oer te stekken nei de Britske Eilannen. D�rby namen se harren Germaanske dialekten mei, dy't har yn harren nije l�n �ntjoegen ta it Angelsaksysk (of Aldingelsk). Yn 'e s�nde iuw stiften de Angelen yn noardlik Ingel�n it keninkryk Noardumbrje, en fan d�r�t beg�nen se yn 'e achtste iuw oan in opmars yn s�dlik Skotl�n, ta skea fan 'e �nderskate riken fan 'e Brytoanyske Kelten d�re. Op it hichtepunt fan har macht behearsken de Angelen it hiele s�deasten fan Skotl�n, oan Edinburch ta, en hiene se ek it uterste s�dwesten fan it l�n, oant en mei de Flakte fan Kyle, yn 'e besnijing. Fan likern�ch 800 �f brochten ynterne strideraasjes en ynfallen fan 'e Wytsingen harren hegemony lykwols �nder fuotten, en neitiid waard s�deastlik Skotl�n ferovere troch it mienskiplik keninkryk fan 'e Pikten en de Gaelen, d�r't him it Keninkryk Skotl�n �t �ntwikkele.

Underwilens hie it Noardumbryske Angelsaksysk him tsjin 'e ein fan 'e s�nde iuw foargoed yn it s�deasten fan Skotl�n f�stige, alhiel oan 'e rivier de Forth ta, en de ferskowende grinzen feroaren d�r letter neat mear oan. Wylst it Skotsk-Gaelysk yn Skotl�n doedestiden de bestjoers- en hoftaal wie, bleau it s�deasten in Angelsaksysktalich gebiet, d�r't him geandewei de tolfde en trettjinde iuw in wat �fwikende foarm fan it Midingelsk �ntjoech, dy't Aldskotsk (of Ier Skotsk) neamd wurdt. De wichtichste reden d�rfoar wie de ymmigraasje fan Angelsaksen �t it noarden en de midden fan Ingel�n wei, wa har spraakgebr�k in sterke ynfloed fan it Deensk �ndergien hie. Lettere ynfloeden op it Skotsk kamen benammen fan it tsjerklik en juridysk Latyn, fan it Normandyske Fr�nsk fan in protte nijynkommen eallju en fan it Paryske Fr�nsk fia de Auld Alliance, it iuwenlange b�nsgenoatskip tusken Skotl�n en Frankryk. Hoewol't de ynfloed fan it Latyn op it Ingelsk likern�ch itselde west hawwe sil, krige it Skotsk folle minder en oare ynfloeden fan it Fr�nsk te ferduorjen. Boppedat wiene der noch oare ynfloeden dy't de kleau mei it Ingelsk grutter makken, w�r�nder dy fan it Nederl�nsk en Nederd�tsk fia de hannel, en troch �ntliening �t it Skotsk-Gaelysk.

De histoaryske �twreiding fan it Skotske taalgebiet yn Skotl�n en Ierl�n:
     Skotsk taalgebiet yn de 9e iuw
     �twreiding oant begjin 15e iuw
     �twreiding oant mids 20e iuw

It Aldskotske tiidrek

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan 'e trettjinde iuw �f beg�n it taalgebiet fan it Skotsk him �t te wreidzjen, w�rby't it b�ten it oarspronklike s�deasten it earst oannommen waard yn 'e st�den. Tsjin it begjin fan 'e fjirtjinde iuw hie it Skotsk, dat almar oanw�n oan prestiizje, it Fr�nsk, dat doe yn Skotl�n krekt yn it neigean rekke, ferfongen as de wichtichste skriuwtaal yn it grutste part fan it easten fan it l�n. Foar de fyftjinde iuw wie it trouwens sa dat de namme "Skotsk" (Scottis) foarbeholden wie oan it Keltyske Skotsk-Gaelysk, wylst it Leechl�nsk-Skotsk fan Inglis of Ynglis ("Ingelsk") neamd waard.

Om 1400 hinne hie it Skotsk him lykwols ta in aparte taal �ntwikkele, dy't d�dlik net deselde wie as de taal dy't oare kant de grins yn Ingel�n sprutsen waard, mar dy't noch in eigen namme miste. Fan�f likern�ch 1495 waard it wenst om mei Scottis it Skotsk oan te tsjutten, wylst men doe foar it Skotsk-Gaelysk fan Erse ("Iersk") beg�n te sprekken. Dat jout moai it omslachpunt oan w�rby't it Skotsk de machtsstriid mei it Skotsk-Gaelysk yn syn foardiel wist te besljochtsjen: foartiid waard it Skotsk as in frjemde taal sjoen ("Ingelsk"); no beg�n men it Skotsk-Gaelysk as in frjemde taal te sjen ("Iersk"). De oergong fan it Aldskotsk nei it histoaryske tiidrek fan it Midskotsk wurdt ornaris om 1500 hinne lein, en falt dus ek sa'n bytsje gear mei dy �ntwikkeling.

It Midskotske tiidrek

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tsjin 'e sechstjinde iuw hie it Midskotsk in eigen stavering en liter�re noarmen �ntj�n, dy't d�dlik oars wiene as dy't yn Ingel�n foar it Ingelsk �ntwikkele waarden. Tusken 1610 en de 1690-er jierren ferfearen �nder de saneamde Plantaazje fan Ulster likern�ch 200.000 protestantske, Skotsksprekkende Leechlanners nei it noarden fan Ierl�n, d�r't se har �teinlik �ntwikkelje soene ta de Ulsterske folksgroep, dy't yn 'e rest fan 'e wr�ld better bekend is as de protestantske Noardieren. Hoewol't der ek Ingelske kolonisten wiene dy't har noardlik Ierl�n nei wenjen setten, wiene der fiif of seis kear safolle Skotten.

Underwilens wie it Skotsk fan 'e fyftjinde iuw �f �nder groeiende ynfloed fan it dominantere Ingelsk kommen te stean. Fral tige wichtich wie d�rby dat de earste printparse yn 1476 yn Londen ynstallearre waard, mar dat Skotl�n pas tritich jier letter syn earste printparse krige. Tsjin dy tiid wiene in protte teksten, lykas de Sjen�vebibel, in oersetting fan 'e Bibel, al yn it Ingelsk yn Skotl�n ferspraat. In oare neidielige �ntwikkeling foar it Skotsk wie dat de Skotske kening Jakobus VI yn 1603 op 'e Ingelske troan kaam, mei as gefolch dat Skotl�n en Ingel�n yn in personele uny mei-inoar ferb�n waarden en it Skotske Keninklik Hof nei Londen ferhuze, d�r't de Skotske hofdichters de Ingelske taal oernamen. Mei't der doe noch altyd gjin Skotske bibeloersetting wie, naam de Tsjerke fan Skotl�n yn 1611 de Ingelsktalige King James Bible oan as de offisjele ferzje fan 'e Bibel, sadat it Skotsk fierhinne �t 'e tsjerke ferballe waard.

It Nijskotske tiidrek

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doe't Skotl�n en Ingel�n yn 1707 ek in politike uny oangiene, w�rby't Skotl�n syn �n�fhinklikens ferlear, sadat it eigen Skotske regear en parlemint opheft waarden, ferlear it Skotsk foargoed syn status fan bestjoerstaal. Op dit punt wurdt ornaris de oergong fan it Midskotsk nei it Nijskotsk lein. Neitiid besochten in protte lju yn liedingjaande posysjes yn it l�nsbestjoer en it �nderwiis it near te lizzen op it gebr�k fan it Skotsk, fral as skriuwtaal, mar ek as sprektaal. In protte Skotske notabelen �t dy tiid, lykas David Hume en Adam Smith, woene har langer ek net mear Skotten neame, mar meaten harsels de namme "Noardbritten" oan. Hja diene alle war om har fan it Skotsk te �ntdwaan, mei't it Ingelsk de iennichste offisjele taal fan it nije feriene keninkryk Grut-Brittanje wie. Likegoed wiene der ek Skotten dy't har neat oan 'e nije moade gelegen lizze lieten, lykas Alexander Boswell, in lid fan it Heechgerjochtsh�f fan Skotl�n, dy't yn syn funksje as rjochter Skotsk prate en ta argewaasje fan guon tiidgenoaten sels yn syn skriuwen skottisismen net mijde. Oan it miene folk, dat noch in protte mei skriuwen op hie, noch folle omgong mei de heechste klassen hie, gie dizze �ntwikkeling fierhinne foarby, sadat it Skotsk tsjin 1800 fierhinne de sprektaal fan 'e gewoane man wurden wie.

It st�nbyld fan 'e Skotsktalige dichter Robert Burns yn 'e Australyske haadst�d Canberra.

Oan 'e ein fan 'e achttjinde en it begjin fan 'e njoggentjinde iuw waard it Skotsk as skriuwtaal nij libben ynblazen troch skriuwers as Robert Burns, Allan Ramsay en James Orr, dy't troch eleminten �t ferskate dialekten te br�ken in nije standerttaal �ntwikkelen. Dat late derta dat yn 'e Fiktoriaanske Tiid Skotske kranten geregeldwei artikels en kommentaar yn it Skotsk werjoegen. Oan it begjin fan 'e tweintichste iuw sakke dizze oplibbing lykwols wer fuort, en de standerttaal fan Burns-en-dy rekke yn 't ferjit, sadat der op it stuit gjin algemien akseptearre standert mear bestiet.

Tsjin 'e 1940-er jierren f�n de �fdieling Underwiis fan it Britske ministearje fan Skotske Saken dat it Skotsk "nearne de taal is fan lju dy't �nderwiis genoaten hawwe, en net omskreaun wurde kin as in gaadlike drager foar �nderwiis of kultuer." Der mocht dan op 'e skoallen yn Skotl�n ek gjin Skotsk mear sprutsen wurde, en hoewol't de learlingen nei skoaltiid �nderinoar oergiene ta it Skotsk, bemjuksen se generaasje nei generaasje almar mear Ingelsk yn harren praat. Yn 'e twadde helte fan 'e tweintichste iuw krige dat proses noch mear faasje troch de ynfloed fan 'e (Ingelsktalige) massamedia. Tsjin 'e milenniumwiksel wie it Skotsk yn in grut part fan it Skotske leechl�n op it r�ntsje fan it �tstjerren brocht.

S�nt likern�ch 2000 is de h�lding fan 'e oerheid en it �nderwiis foar it Skotsk oer wat feroare. Dat is fierhinne te tankjen oan it feit dat Skotl�n s�nt 1999 in beheinde foarm fan selsbestjoer hat. Hoewol't it Skotsk nearne br�kt wurdt as �nderwiistaal, wurdt der op in protte plakken yn it Skotske taalgebiet (fral op it plattel�n) op skoalle no in beskate oandacht oan it Skotsk bestege. Dat bart oer it algemien lykwols as �nderdiel fan 'e lessen Ingelsk, en h�ldt meastal net folle mear yn as it l�zen fan in stikje Skotske literatuer en it besk�gjen fan it pleatslike dialekt. In protte fan it �nderwiismateriaal foar sokke lessen is eins net yn it Skotsk skreaun, mar yn Standertingelsk dat in bytsje oanklaaid is as Skotsk, en dat hat sawol foar- as tsjinstanners fan Skotsk �nderwiis ta razernij brocht. Wol bestiet der no in universit�re learstoel Skotsk. B�ten it �nderwiis bliuwt it gebr�k fan it Skotsk yn 'e regel lykwols beheind ta sitewaasjes d�r't it gaadlik foar achte wurdt, lykas komeedzje, kulturele gearkomsten en werjeften fan 'e "dagen fan alearen". Serieus gebr�k foar nijs, ensyklopedyen, dokumint�res, polityk, ensfh. komt selden foar, al jout de webside fan it Skotske Parlemint al wat ynformaasje yn it Skotsk.

Ien fan 'e alderierste wurken fan 'e Skotske literatuer is it fjirtjinde-iuwske epos Brus, fan John Barbour, oer kening Robert de Bruce. Ut 'e fyftjinde iuw datearje Cronykil, fan Andrew fan Wyntoun, en The Wallace (oer William Wallace), fan Bline Harry. Fan 'e ein fan 'e fyftjinde iuw �f waard in protte literatuer skreaun troch hofdichters oan it Skotske Keninklik Hof en wittenskippers oan 'e Universiteit fan St. Andrews, lykas Robert Henryson, William Dunbar, Gavin Douglas en David Lyndsay. The Complaynt of Scotland wie ien fan 'e earste printe �tjeften yn it Skotsk. De Eneados, Gavin Douglas syn oersetting fan 'e Aene�s, fan Fergilius, kaam yn 1513 �t.

Foarside fan it Nije Testamint yn it Skotsk (fert. William Wye Smith).

Fan 'e ein fan 'e santjinde iuw �f naam de feringelsking fan 'e Skotske skriuwtaal ta. Om dy tiid hinne waarden in protte m�nlinge ballades �t it s�dlike grinsgebiet en it noardeasten skriftlik f�stlein. Skriuwers �t dy snuorje wiene �.m. Robert Sempill, Robert Sempill de Jongere, Francis Sempill, lady Elizabeth Wardlaw en lady Grizel Baillie. Oan 'e ein fan 'e achttjinde en it begjin fan 'e njoggentjinde iuw waard it Skotsk as skriuwtaal nij libben ynblazen troch skriuwers as Robert Burns, Allan Ramsay, James Orr en Robert Fergusson. Ek sir Walter Scott yntrodusearre Skotsk yn syn wurken, mar benammentlik as dialooch. Lettere skriuwers, lykas Robert Louis Stevenson, William Alexander, George MacDonald, J.M. Barrie en Ian Maclaren diene itselde.

Nei in weisinking oan 'e ein fan 'e Fiktoriaanske Tiid en yn 'e earste desennia fan 'e tweintichste iuw f�n der fan likern�ch de Earste Wr�ldoarloch in lytse ren�ss�nse yn 'e Skotske literatuer plak. In wichtich plak naam d�rby yn Hugh MacDiarmid, dy't mei syn ferneamde gedicht A Drunk Man Looks at the Thistle (1926) witwat die om sjen te litten dat men mei it Skotsk as skriuwtaal alle einen en kanten �t koe. Oare skriuwers �t dy tiid wiene Douglas Young, John Buchan, Sidney Goodsir Smith, Robert Garioch, Edith Anne Robertson en Robert McLellan.

Nei de Twadde Wr�ldoarloch ferskynde yn 1955 it boek Bairnsangs ("Bernesankjes"), w�ryn't Sandy MacMillan, Thomas Limond en A.L. Taylor de sliep- en oare bernelietsjes fan it Skotsk f�stleine. Yn dyselde tiid w�n de dichter Alexander Gray yn Skotl�n faam mei syn oersettings fan po�zij yn it Skotsk. Yn 1983 kaam fierders in moderne oersetting fan it Nije Testamint �t, dy't makke wie troch William Laughton Lorimer. Oare resinte fertalings yn it Skotsk wiene �.m. Tartuffe, fan Moli�re, troch Liz Lochhead; de po�zij fan Katullus, troch Alexander Hutchison, en de Rubaiyat fan Omar Khayyam, dy't yn 2004 troch Rab Wilson nei it Skotsk oerbrocht waard.

Maatskiplike status

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der bestiet oerfloedich bewiismateriaal dat it Skotsk foar�fgeande oan 'e Uny fan 1707 r�nom besk�ge waard as in selsstannige sustertaal fan it Ingelsk. D�rby moat men tinke oan it bestean fan in aparte, Skotsktalige literatuer; de eigen stavering dy't him nettsjinsteande syn wat floeibere foarm �n�fhinlik fan 'e Ingelske stavering �ntjoech; en it gebr�k fan it Skotsk as bestjoers-, hof-, wets- en tsjerketaal yn Skotl�n. Pas nei de Uny, doe't it Skotsk syn status as bestjoers- en skriuwtaal ferlear, rekke it ek syn oansjen as selsstannige taal kwyt en waard it gauris en almar mear sjoen as in Ingelsk dialekt. In hieltyd grutter part fan 'e Skotske befolking gie boppedat meitiid oer op it Ingelsk. Restanten fan it Skotsk yn it spraakgebr�k fan sokken waard faak besk�ge as strjittaal.

Hoewol't de status fan it Skotsk as selsstannige taal troch taalkundigen oer it algemien (mar net unanym) akseptearre wurdt, rinne de mienings op dat m�d �nder de Skotske befolking tsjintwurdich noch altyd sterk �tinoar. Ut in �ndersyk �t 2010, dat yn opdracht fan it Skotske regear �tfierd waard, die bliken dat 64% fan in represintative trochsneed fan 'e ynwenners fan Skotl�n "net echt fynt dat it Skotsk in taal is". Lykwols die ek bliken dat "fan 'e lju dy't it faakst Skotsk prate, it leechste persintaazje fynt dat it Skotsk net in taal is (58%), wylst fan dejingen dy't nea Skotsk sprekke it heechste persintaazje dat fynt (72%)."

Men kin de relaasje dy't it Skotsk en it Standertingelsk mei-inoar hawwe, besk�gje as in line�r bipol�r taalkontinuum fan stadichoan yninoar oergeande taalfarianten, w�rby't it Skotsk-Ingelsk healwei sitewearre is. Yn Skotl�n sprekt de grutte mearderheid fan 'e minsken in taalfariant dy't earne tusken Skotsk-Ingelsk en Skotsk yn sit. W�r't yn dat kontinuum troch Ingelsk beynfloede Skotsk oergiet yn troch Skotsk beynfloede Ingelsk is eins net te sizzen. In protte sprekkers binne d�rby floeiend yn mear as ien taalfariant en br�ke dat fermogen om har oan te passen oan ferskillende maatskiplike sitewaasjes. Sa sille se bygelyks mei buorman Skotsk prate, wylst se oergeane op it Ingelsk as se by dokter w�ze moatte.

Politike status

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

S�nt 1997 genietet it Skotsk fan it Britske regear erkenning as minderheidstaal �nder Diel II fan it Jeropeesk H�nf�st foar Regionale of Minderheidstalen. Los d�rfan erkent it regionale Skotske regear it Skotsk as in "tradisjonele taal" fan Skotl�n, al hat dat oant no ta noch net laat ta in offisjele taalstatus yn it l�nsdiel. It Ulsterskotsk genietet yn Noard-Ierl�n deselde erkenning troch it Britske regear as dy't it Skotsk yn Skotl�n hat. Troch de dizenige formulearring fan 'e Britske opjefte �nder it Jeropeeske H�nf�st (dy't fan "Skotsk en Ulsterskotsk" sprekt) bestiet der lykwol �nienichheid oer oft dat betsjut dat it Ulsterskotsk as taal los fan it Skotsk erkend wurdt of net.

Yn 'e Ierske Republyk hat it Skotsk ek in beskate erkenning as "tradisjonele taal", �nder de oerienkomsten tusken Ierl�n en it Feriene Keninkryk yn it ramt fan it Noard/S�d Taalorgaan (North/South Language Body), dy't datearje �t 1998. Ierl�n hat lykwols noch altyd it Jeropeesk H�nf�st foar Regionale of Minderheidstalen net �ndertekene of ratifisearre. It Skotsk is fierders ek ien fan 'e "regionale talen" dy't erkenning genietsje binnen it ramtwurk fan 'e Britsk-Ierske Ried.

De fersprieding fan Skotsktaligen yn Skotl�n neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2011.

De organisaasje dy't giet oer de stavering fan it Skotsk en soartgelikense saken (ferlykber mei it foech dat de Fryske Akademy op it m�d fan it Frysk hat), is yn Skotl�n it Scots Leid Center ("Skotske Taalsintrum"). Yn Noard-Ierl�n en Ierl�n ferfollet de Boord o Ulst�r-Scotch ("Ulsterskotske Ried") deselde funksje foar it Ulsterskotsk.

It hat bliken dien dat it tige dreech is om it krekte tal sprekkers fan it Skotsk f�st te stellen, allinnich al om't de fraach "Sprekke jo Skotsk?" ynterpretearre wurde kin as slaand op Skotsk, Skotsk-Ingelsk of sels Skotsk-Gaelysk. Skotske taalaktivisten fierden yn 'e njoggentiger jierren kampanje om fragen oer it Skotsk op 'e list fan 'e Britske folkstelling fan 2001 te krijen, en it General Register Office for Scotland fierde datoangeande yn 1996 in proef �t, w�rby't de Skotske befolking fragen oer de taal foarlein waarden. De �tkomsten wiisden �t dat der sa'n 1,5 miljoen sprekkers fan it Skotsk wiene, oftewol likern�ch 30% fan 'e befolking (hjirby waard net frege nei memmetaal, mar allinnich nei sprekfermogen). Ek die bliken dat dit persintaazje �nder de �lderein en �nder legere maatskiplike klassen oansjenlik heger lei as it lanlik gemiddelde.

In jier earder, yn 1995, hie it Scots Leid Quorum fan 'e Universiteit fan Aberdeen in eigen �ndersyk dien, w�rfan't de �tkomsten suggerearren dat der sa'n 2,7 miljoen Skotsksprekkers wiene. Sa't it General Register Office ek grif tajoech, wiene harren fragen lang sa detaillearre net as dy fan 'e Universiteit fan Aberdeen. It ferskil yn �tkomst wie dan neffens saakkundigen ek grutdiels werom te fieren op 'e sintrale fraach "Sprekke jo Skotsk?" Yn it �ndersyk fan 'e Universiteit fan Aberdeen waard d�roan taheakke: "... of in dialekt fan it Skotsk, lykas ...," w�rnei't in opsomming fan mooglike dialekten folge. Dat resultearre yn gruttere werkenning troch de lju dy't de fragelist ynfollen, mei't in protte Skotten harsels mids njoggentiger jierren blykber noch altyd seagen as lju dy't min �tsprutsen en grammatikaal ynferieur Ingelsk sprieken ynstee fan in hiel oare taal.

Om't �t 'e beide neamde �ndersiken bliek dat ien inkele fraach oer it Skotsk yn 'e folkstelling net foldwaan soe, en om't sa'n folkstelling neffens it General Register Office net bedoeld wie om in grut ferskaat oan fragen oer ien �nderwerp te stellen, waard �teinlik besletten om gjin fragen oer it Skotsk op te nimmen yn 'e folkstelling fan 2001. Sadwaande wie de folktelling fan 2011 de earste dy't fernaam nei de st�n fan saken op it m�d fan it Skotsk. D�rby waard frege nei it fermogen om Skotsk te ferstean, te sprekken, te l�zen en te skriuwen. Fan 'e likern�ch 5,1 miljoen ynwenners fan Skotl�n anderen sa'n 1,2 miljoen (24%) op alle fjouwer fragen fan "ja", wylst 3,2 miljoen op 'e trije l�ste fragen fan "nee" antwurden en de oare 700.000 d�rtuskenyn sieten. Saakkundigen hawwe op gr�n d�rfan it totale oantal Skotsksprekkers yn Skotl�n f�ststeld op 1.540.000 minsken (oftewol 30,0% fan 'e befolking). Der wiene lykwols mar 125.000 minsken (2,4%) dy't oanjoegen dat it Skotsk har memmetaal wie.

De fersprieding fan Skotsktaligen yn Noard-Ierl�n neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2011.

Yn Noard-Ierl�n waard yn 1999 troch de Northern Ireland Life and Times Survey f�ststeld dat 2% fan 'e befolking Ulsterskotsk spriek. Omrekkene kaam dat del op likern�ch 30.000 minsken. Oare skattingen sieten d�rboppe, ien mei 35.000 yn Noard-Ierl�n en in oarenien mei in tige optimistyske 100.000 ynklusyf de sprekkers yn 'e Ierske Republyk. Frjemd gen�ch binne de sprekkers yn Noard-Ierl�n (neffens it Noardierske Ministearje fan Kultuer, Keunst en Frije Tiid) hast gelyk ferdield oer protestanten en roomsen, hoewol't der yn absolute oantallen mear protestanske Ulsterskotsksprekkers binne. De konkl�zje moat w�ze dat it ferskynsel taal yn Noard-Ierl�n, oars as de measte dingen d�re, nea politisearre rekke is. By de Britske folkstelling fan 2011 joegen krapoan 16.400 Noardieren (0,9%) oan dat se Ulsterskotsk ferstean, sprekke, l�ze en skriuwe koene, wylst nochris goed 140.000 in beskaat taalfermogen oangeande Ulsterskotsk hiene. D�rmei liket it oantal fan 30.000 memmetaalsprekkers noch altyd ridlik stekh�ldend. Oangeande it tal sprekkers yn Donegal, yn 'e Ierske Republyk, binne gjin offisjele sifers bekend, mar de grutte fan 'e Skotsktalige mienskip wurdt d�r op sa'n 10.000 leden skatten.

In ferrassende �tkomst fan 'e Britske folkstelling fan 2011 wie, dat der behalven yn Skotl�n en Noard-Ierl�n ek Skotsksprekkers yn Ingel�n en Wales binne. D�rby wiene de grutste oantallen krekt besuden de Skotske grins te finen, yn it uterste noarden fan Ingel�n. Mar ek wiene der konsintraasjes yn kriten d�r't yn it ferline in protte Skotske arbeiders har nei wenjen set hiene, w�r�nder Corby, yn sintraal Ingel�n, en de eardere mynbougebieten fan it S�dingelske Kent.

Taaleigenskippen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Skotsk hat, fral yn 'e iere stadia fan syn �ntjouwing, in sterke ynfloed fan it Skotsk-Gaelysk �ndergien, dat in Keltyske taal is. Wurden as loch ("mar"), clan ("lytse stamme (fan minsken)") en glen ("delling"), dy't tsjintwurdich faak as typysk Skotsk besk�ge wurde, binne eins �ntliend oan it Skotsk-Gaelysk.

De stavering fan it Aldskotsk wie tsjin 'e midden fan 'e sechstjinde iuw njonkelytsen min ofte mear standerdisearre wurden, mar troch de personele uny fan Skotl�n mei Ingel�n waard fan�f 1603 de ynfloed fan it Ingelsk op 'e Skotske skriuwtaal almar sterker. Nei de Uny fan 1707 rekke it Skotsk as skriuwtaal fierhinne yn 'e nederklits, en doe't him yn 'e twadde helte fan 'e achttjinde iuw in weroplibbing foardie, wiene de �lde liter�re foarmen yn it ferjit rekke. Sadwaande waard der doe in nije stavering ynfierd dy't dan wol basearre wie op 'e �lde hoftaal, mar dy't tagelyk �ntdien wie fan 'e mear �fwikende Skotske foarmen, d�r't Ingelske foarmen foar yn 't plak kamen.

Lufe God abufe al and yi nychtbour as yi self ("H�ld fan God boppe al en fan jins n�ste as fan jinsels"), in tekst yn it Aldskotsk op it John Knox H�s yn Edinburch.

Hjirby waard ek de saneamde �ntskuldigjende apostrof yntrodusearre, in nuveraardich ferskynsel, dat ynfoege waard op plakken d�r't it korrespondearjende Ingelske wurd in konsonant hie dy't yn it Skotsk net foarkaam. Sa waard it Skotske wurd foar it mulwurd "nommen" fan dy tiid ôf skreaun as ta'en (útspr.: "teen"), mei de apostrof op it plak fan 'e k yn it Ingelske taken. Om't Barbour dit wurd yn 'e fjirtjinde iuw stavere as tane, en der dus yn it Skotsk al 700 jier gjin k yn foarkomt, wurdt it oanjaan fan it fuortlitten fan 'e k troch in apostrof yn te foegjen tsjintwurdich oer it algemien as ûnsinnich en ûnnoazel beskôge, sadat de moderne stavering taen wurden is.

De sinsbou fan it moderne Skotsk hat deselde struktuer as it Ingelsk: persoansfoarm-tiidwurd-saaklik foarwerp. Ferlykje it Ingelske He turned out the light ("Hy die it ljocht út") mei it Skotske He turnt oot the licht. Ynstee fan 'e Ingelske foarm Give it to us! ("Jou it ús oer!") jout it Skotsk lykwols de foarkar oan 'e folchoarder Gie's it (wêrby't de apostrof-s koart is foar us). Fierders wurdt it beskaat lidwurd the ek foar jiertiden, dagen fan 'e wike, sykten en guon oare haadwurden pleatst dêr't dat yn it Ingelsk net kin. Krekt as yn it Frysk ferfangt it ûnbeskaat lidwurd yn it Skotsk ek faak it besitlik foarnamwurd.

Dêrnjonken hat it Skotsk ferskate sterke meartalsfoarmen dy't it Ingelsk net hat: ee - een ("each" -"eagen"); cauf - caur ("keal" -"keallen"); horse - horse ("hynder" -"hynders"); cou - kye ("ko" -"kij"); en shae - shuin ("skoech" -"skuon"). En ek oars as yn it Ingelsk (mar krekt as yn it Frysk) bliuwe de nammen fan mjitten en gewichten yn it Skotsk yn it meartal itselde as yn it inkeltal. Ien fan 'e meast opfallende skaaimerken fan it Skotsk is fierders dat it bywurd "net" (na, soms ek stavere as nae) oan it tiidwurd fêstheakke wurdt: I canna ("ik kin (it) net"), I daurna ("ik doar (it) net"), it michtna ("it soe miskien net").

Yn 'e fonology fan it Skotsk wykt it fokaalsysteem benammen ôf fan it Ingelsk troch it foarkommen fan 'e koarte a ([a] of [ɑ], lykas yn "bak") en de twaklanken ai ([ai] lykas yn 'e Wâldfryske útspraak fan "laitsje") en ow. Dy lêste klank wurdt útsprutsen as [ʌu]: de Ingelske u fan but, folge troch de û fan "rûch"; as er folge wurdt troch in -k, kin dizze klank útskaaie nei de lange oo fan "rook". Fierders komt yn in protte dialekten ek de eu ([ø], stavere as ui of eu) foar. En de lange aa ([ɑ:], stavere as au of soms as aw) komt yn it Skotsk folle faker foar as yn it Ingelsk.

Ek oangeande de konsonanteynventaris binne der guon ferskillen. It bekendst dêrfan is dat it Skotsk de [x] (ch fan "berch") beholden hat, net inkeld yn it lienwurd loch, mar ek yn wurden dêr't er út it Ingelsk weiwurden is, lykas yn nicht ("nacht"), dochter ("dochter"), dreich ("somber", fan waar), ensfh. As de ch lykwols foarkomt oan it begjin fan in wurd of foljgend op in r, dan is it net de ch fan "berch", mar de tsj fan "tsjerke", lykas yn airch ("bôge"). Ek hat it Skotsk krekt as guon Ingelske dialekten de glottisslach ([ʔ], de klank tusken de beide gelikense lûden yn "Aäron" of "koöperaasje"), dy't de dintale plofklanken t en d ferfangt as dy tusken twa fokalen steane (en soms ek yn wurdeinige posysje).

Fierders beskikt it Skotsk, krekt as it Ingelsk, oer sawol de stimhawwende as de stimleaze th ([ð], resp. [θ]), al kin de stimleaze th oan it begjin fan wurden wol útsprutsen wurde as in h, lykas yn thing ("ding") en think ("tinke"). De z wurdt mar komselden brûkt om 'e [z] (fan "sizze") mei wer te jaan; it is folle faker in oerbliuwsel fan 'e Angelsaksyske letter yogh (ȝ), dy't meast útsprutsen wurdt as [ʤɪ] ("dzji"), lykas yn gaberlunzie ("bidler") en nammen as Menzies en Mackenzie. De r wurdt krekt as yn it Frysk rôljend útsprutsen. Fierders makket it Skotsk noch ûnderskie tusken w ([w], fan "skowe") en wh (útsprutsen as [ʍ], "chw"). Yn noardlike dialekten wurde boppedat de konsonanteklusters kn, gn en wr útsprutsen as [kn] (lykas yn "knyn"), [ɡn] (lykas yn "gnize") en [vr] (lykas yn "wraam"), wylst yn súdliker dialekten, krekt as yn it Ingelsk, de earste fan 'e beide letters hieltyd stom is.

It Skotsk bestiet út fjouwer dúdlik ûnderskate regionale dialekten, mei dêropta in stedsdialekt. Fanwegen geografyske en politike omtinkens wurdt it Ulsterskotsk gauris as sechsde dialekt tafoege, hoewol't it eins in subdialekt is. De yndieling yn dialekten is sa:

De ûnderskate dialekten fan it Skotsk.
  • it Eilânskotsk, sprutsen op 'e Orkney- en Sjetlâneilannen. Dit is it meast ôfwikende dialekt, mei't it in substraat fan it Noardgermaanske Norn omfiemet, dat oant yn 'e njoggentjinde iuw noch op 'e beide eilannegroepen sprutsen waard. It Eilânskotsk is mar kwealk ûnderling fersteanber mei de súdlike dialekten, en dêrom wurdt it yn wittenskiplike fermiddens soms ek wol as in aparte taal beskôge.
  • it Noardskotsk, rûchwei sprutsen benoarden de rivier de Tay en de stêd Dundee. Dit dialekt wykt ek frijwat ôf fan 'e súdliker dialekten, mar net safolle as it Eilânskotsk. It Noardskotsk falt útinoar yn trije subdialekten:
  • it Middenskotsk (dat net betize wurde moat mei it histoaryske tiidrek fan it Midskotsk), sprutsen yn it grutste part fan it Skotske leechlân en by de eastkust lâns rûchwei oant de rivier de Tay yn it noarden. Ta it taalgebiet fan it Middenskotsk heart ek it eilân Bute, foar de Skotske westkust, en de eastlike helte fan it oanbuorjende eilân Arran, mei dêropta de krite oan 'e útein fan it skiereilân Kintyre om it plak Campbelltown hinne. Fierders wurdt it Middenskotsk ek sprutsen yn it eastlike part fan it Súdskotsk Berchlân, tsjin 'e Ingelske grins oan, en yn 'e súdwestlike lânstreek Gallowegen. Dêrmei hat it Middenskotsk fan alle Skotske dialekten it grutste geografyske ferspriedingsgebiet. It is dit dialekt dat yn 'e regel it meast as standerttaal brûkt wurdt. It Middenskotsk bestiet út fiif subdialekten:
  • it Súdskotsk, ek wol Grinsskotsk (Borders of Border Scots) neamd, sprutsen yn 'e Grinslân-krite fan it Súdskotsk Berchlân, tsjin 'e Ingelske grins oan. Dit dialekt fertoant de measte ynfloed fan it Ingelsk.
  • it Stedskotsk, sprutsen yn 'e stêden Edinburch, Glasgow, Dundee en Aberdeen.

Ferlykje de tekst út Mattéus 1:18-25:

Nije Fryske Bibeloersetting King James Bible (Ingelsk) The New Testamint in Scots (Skotsk)

Mei de berte fan Jezus Kristus gie it sa om en ta: doe't Syn mem Marije yn har breidstiid wie mei Joazef, die it bliken dat Marije, noch foar't se byinoar kommen wiene, in bern ferwachte troch it wurk fan 'e Hillige Geast. Joazef, har man, deugdsum as er wie, woe har net iepentlik te skande meitsje en stie yn bestân om stilwei fan har te skieden. Mar sjoch, doe't er dêrmei omrûn, ferskynde him yn 'e dream in ingel. Dy sei: "Joazef, soan fan David, sjoch der net tsjinoan om Marije, jo frou, by jo yn 'e hûs te nimmen, want it bern dat se ferwachtet, is fan 'e Hillige Geast. Se sil in soan krije, dy't jo Jezus neame moatte, want Hy sil Syn folk fan 'e sûnden ferlosse."
Dat is allegearre bard mei it doel, dat útkomme soe wat de Heare troch de profeet sein hat: "Sjoch, de jongfaam sil in bern ferwachtsje en in soan krije en se sille Him Emmanuël neame," wat yn eigen taal betsjut: "God mei ús".
Doe't Joazef wekker wurden wie, die er sa't de ingel him hjitten hie. Hy naam syn frou by him yn. Doe krige se in soan, mar foartiid hied er gjin mienskip mei har hân. En hy joech it bern de namme Jezus.

Now the birth of Jesus Christ was as follows: After His mother Mary was betrothed to Joseph, before they came together, she was found with child of the Holy Spirit. Then Joseph her husband, being a just man, and not wanting to make her a public example, was minded to put her away secretly. But while he thought about these things, behold, an angel of the Lord appeared to him in a dream, saying, "Joseph, son of David, do not be afraid to take to you Mary your wife, for that which is conceived in her is of the Holy Spirit. And she will bring forth a Son, and you shall call His name Jesus, for He will save His people from their sins."
So all this was done that it might be fulfilled which was spoken by the Lord through the prophet, saying: "Behold, the virgin shall be with child, and bear a Son, and they shall call His name Immanuel," which is translated, "God with us".
Then Joseph, being aroused from sleep, did as the angel of the Lord commanded him and took to him his wife, and did not know her till she had brought forth her firstborn Son. And he called the child Jesus.

This is the storie o the birth o Jesus Christ. His mither Mary wis trystit til Joseph, but afore they war mairriet she wis fund tae be wi bairn bi the Halie Spírit. Her husband Joseph, honest man, hed nae mind tae affront her afore the warld an wis for brakkin aff their tryst hidlinweys; an sae he wis een ettlin tae dae, whan an angel o the Lord kythed til him in a draim an said til him, "Joseph, son o Dauvit, be nane feared tae tak Mary your trystit wife intil your hame; the bairn she is cairrein is o the Halie Spírit. She will beir a son, an the name ye ar tae gíe him is Jesus, for he will sauf his fowk frae their sins."
Aa this happent at the wurd spokken bi the Lord throu the Prophet micht be fulfilled: Behaud, the virgin wil bouk an beir a son, an they will caa his name Immanuel – that is, "God wi us".
Whan he hed waukit frae his sleep, Joseph did as the angel hed bidden him, an tuik his trystit wife hame wi him. But he bedditna wi her or she buir a son; an he caa'd the bairn Jesus.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.