Springe nei ynh�ld

Sven Kramer

Ut Wikipedy
Dizze side moat noch by de tiid brocht wurde.
Jo wurde �tn�ge om d�r in begjin mei te meitsjen



Sven Kramer
sporter
Sven Kramer (2007)
Sven Kramer (2007)
persoanlike bys�nderheden
nasjonaliteit Nederl�nsk
bertedatum 23 april 1986
berteplak It Hearrenfean
etnisiteit Frysk
lingte 1,87 m
sportive ynformaasje
sport reedriden
�nderdiel Langebaan
trener Gerard Kemkers
earste titel NK oer-alles, 2005
O.S. Turyn 2006, Vancouver 2010, Sotsjy 2014, Pyeongchang 2018, Peking 2022
deb�t 2004
karri�re-ein 2022
wichtige prestaasjes
4x goud Olympyske Spullen 2010, 2014, 2018
2x sulver Olympyske Spullen 2006, 2014
3x br�ns Olympyske Spullen 2006, 2010, 2018
9x goud Wr�ldkampioenskip OA 2007-2010, 2012-2013, 2015-2017,
3x br�ns Wr�ldkampioenskip 2005, 2006, 2019

Sven Kramer (Aldskoat, 23 april 1986) is in earder Frysk reedrider �t Aldskoat. Hy is in soan fan �ld maraton- en reedrider Yep Kramer.

Kramer yn de belslide op Thialf

Yn 2004 w�n Kramer, noch mar 18 jier, en d�rmei junior, �nferwachts it Nederl�nsk kampioenskip reedriden oer-alles yn Thialf. D�rmei fertsjinne hy in startbewiis foar syn earste Europeesk Kampioenskip, d�r't hy op 9 jannewaris 2005 twadde waard. Krap in moanne letter, op 6 febrewaris, waard hy yn Moskou tredde op syn earste wr�ldkampioenskip oer-alles.

Op 19 novimber 2005, �nder de tariedings foar de Olympyske Winterspullen 2006 yn Turyn, ferbettere Kramer by in Wr�ldbekerwedstriid yn Salt Lake City it wr�ldrekord op de 5.000 m fan Chad Hedrick, dat net mear as in wike �ld wie. Yn de wedstriid tsjin Carl Verheijen kamen beide �nder de tiid fan Hedrick, mar Kramer kaam yn de l�ste bocht �nder syn tsjinstanner troch en sette in nije wr�ldrekordtiid fan 6.08,78. Op 11 febrewaris waard er efter dyselde Chad Hedrik twadde op de 5.000m op de Olympyske Spullen.

In seizoen letter kaam Kramer hielendal los. Hy w�n trije �fst�nen op it NK Oer-alles. Twa moanne letter wint Kramer yn Kollalbo it JK Oer-alles. Mei twa nije wr�ldrekords, op de 5.000 en de 10.000 meter, waard er mei oermacht kampioen. Noch ris fjouwer wiken letter liet Kramer yn Thialf op It Hearrenfean opnij sjen de b�ste te w�zen. Hy w�n de 5.000 en de 10.000 meter, waard op de 500 meter fiifde en op de 1.500 meter tredde. D�rmei waard Kramer Wr�ldkampioen Oer-alles.

Kramer hat s�nt begjin 2008 in relaasje mei hokkyspylster Naomi van As. Op 21 oktober 2018, mei har hat Kramer in dochter en in soan.

Grutste s�ksessen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nederl�nsk kampioen Oer-alles

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier Datum Plak
2004 19 desimber Thialf, It Hearrenfean
2007 30 desimber Kardinge, Grins

Jeropeesk kampioen Oer-alles

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier Datum Plak
2009 11 jannewaris Thialf, It Hearrenfean
2010 10 jannewaris Vikingskipet, Hamar
2012 8 jannewaris V�rosligeti M�j�gp�lya, Boedapest
2013 13 jannewaris Thialf, It Hearrenfean
2015 11 jannewaris Oeralskaja Molnija, Tsjeljabinsk
2016 10 jannewaris Minsk Arena, Minsk
2017 8 jannewaris Thialf, It Hearrenfean
2019 13 jannewaris Arena Ritten, Collalbo

Wr�ldkampioen Oer-alles

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier Datum Plak
2007 11 febrewaris Thialf, It Hearrenfean
2012 19 febrewaris Krylatskoje, Moskou
2013 17 febrewaris Vikingskipet, Hamar
2015 8 maart Olympic Oval, Calgary
2016 17 febrewaris Sportforum Hohensch�nhausen, Berlyn
2017 5 maart Vikingskipet, Hamar

Olympyske Spullen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier Datum Ofst�n Medalje Plak
2006 11 febrewaris 5 km Sulver Sulver Turyn
2010 13 febrewaris 5 km goud Goud Vancouver
2014 8 febrewaris 5 km goud Goud Sotsji
2018 11 febrewaris 5 km goud Goud Pyeongchang
2005


Persoanlike rekords

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Ofst�n Tiid Datum Baan
500 meter 36,17 27-12-2009 It Hearrenfean
1.000 meter 1.09,77 28-02-2015 Calgary
1.500 meter 1.43,54 11-12-2009 Salt Lake City
3.000 meter 3.35,93 19-12-2020 It Hearrenfean
5.000 meter 6.03,32 17-11-2007 Calgary
10.000 meter 12.38,89 11-02-2017 Gangneung
efterfolging 3.34,68 15-02-2020 Salt Lake City
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit �nderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Sven Kramer fan Wikimedia Commons.