Springe nei ynh�ld

Westerlauwerske Friezen

Ut Wikipedy
Westerlauwerske Friezen

Ferneamde Westerlauwerske Friezen. Bopp. rige f.l.n.rj.: Rintsje Ritsma, kening Redbad, Obe Postma, Hilda van der Meulen, Pieter Verhoeff; 2e rige: Gysbert Japiks, Jelle Zijlstra, Atsje Keulen-Deelstra, Eise Eisinga, Rients Gratama; 3e rige: Abe Lenstra, Grutte Pier, Doutzen Kroes, Minne Simens, Epke Zonderland; 4e rige: Mata Hari, Joast Hiddes Halbertsma, Pieter Sjoerds Gerbrandy, Mirjam Timmer, Titus Brandsma; 5e rige: Lourens Alma-Tadema, Foppe de Haan, Monique Sluyter, Tsjerk Hiddes de Vries, Fedde Schurer.
flagge
populaasje
oantal 645.000 (2004)
taal Frysk, Stedsk
godstsjinst kristendom, agnostisisme,
ateïsme
erkenning
steatsdragend folk gjin eigen steat
erkende minderheid Nederlân
fersprieding
Nederlân: 545.000
Fryslân: 387.000²
Grinslân (lânseigen):     3.000²
om utens: 155.000�
Kanada:   30.000�
Feriene Steaten:   25.000�
Austraalje:   17.000�
Nij-Seel�n:   12.000�
rest fan 'e wr�ld:   16.000�
�) dit binne gjin hurde sifers, mar skattings
�) Frysk- en Stedsktaligen

De Westerlauwerske Friezen, yn 'e Nederl�nske kontekst ornaris koartwei Friezen neamd, binne in folk dat l�nseigen is oan 'e s�dlike Noardseekust, benammen yn 'e nei harren ferneamde Nederl�nske provinsje Frysl�n, in gebiet dat ek wol Westerlauwersk Frysl�n neamd wurdt. Hja binne fan oarsprong nau besibbe mei de Fryske folksgroepen yn D�tsl�n (Eastfriezen, Noardfriezen en oaren), mar ek mei de bewenners fan 'e Grinzer Ommelannen en de Kop fan Noard-Holl�n. Histoarysk hiene de Westerlauwerske Friezen in folslein eigen bestjoersfoarm �nder de Fryske Frijheid, dy't lykwols yn 1498 ferlern gie. It politike selsbestjoer waard harren oan it begjin fan 'e Fr�nske Tiid �ntnadere en letter �nder it Keninkryk fan de Nederlannen net mear weromj�n. Hjoed de dei �nderskiede de Westerlauwerske Friezen har fan 'e omwenjende Nederlanners en Nedersaksers troch har eigen taalfoarmen (it Westerlauwersk Frysk en de Stedske dialekten) en har eigen kultuer.

De namme 'Westerlauwerske Friezen' ferwiist nei de Friezen dy't oan 'e westkant wenje fan 'e Lauwers, it grinsrivierke mei de Nederl�nske provinsje Grinsl�n. Hoewol't de leden fan dizze etnyske groep harsels yn 'e regel simpelwei omskriuwe as 'Friezen', is de tafoeging 'Westerlauwersk' nedich om har te �nderskieden fan 'e oare Fryske folksgroepen, lykas de Eastfriezen en de Noardfriezen. B�ten Nederl�n wurde de Westerlauwerske Friezen om dy reden ornaris oantsjut as 'Westfriezen', mar dy term ferwiist yn Nederl�nsk ferb�n nei de bewenners fan West-Frysl�n, in l�nstreek dy't westlik fan Westerlauwersk Frysl�n yn 'e provinsje Noard-Holl�n leit.

Etnyske besibskip

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Westerlauwerske Friezen binne etnysk sjoen ien fan 'e �tsprantels fan 'e oarspronklike Friezen, en sadwaande binne se nau besibbe oan 'e Fryske folksgroepen yn D�tsl�n. De wichtichsten d�rfan binne de Eastfriezen, dy't fuort oare kant de Nederl�nske eastgrins oan 'e s�dlike Noardseekust wenje yn 'e l�nstreek East-Frysl�n, yn 'e dielsteat Nedersaksen; en de Noardfriezen, dy't besuden de Deenske grins oan 'e eastlike Noardseekust wenje yn 'e dielsteat Sleeswyk-Holstein. Lytsere groepen, dy't faak oer de holle sjoen of mei de Eastfriezen, resp. Noardfriezen lykslein wurde, binne de Sealterfriezen, �t it Sealterl�n, s�dlik fan East-Frysl�n, de B�tjadinger Friezen en Woerstfriezen �t gebieten dy't eastlik fan it eigentlike East-Frysl�n lizze, en de Hilgelanners fan it eil�n Hilgel�n, dat midden yn 'e D�tske Bocht leit.

It wengebiet fan 'e Westerlau-werske Friezen yn Nederl�n.

Binnen Nederl�n stamje ek de bewenners fan 'e Grinzer Ommelannen en de Kop fan Noard-Holl�n foar it meastepart fan 'e Friezen �f, hoewol net fan 'e Westerlauwerske Friezen. De Westfriezen �t Noard-Holl�n wennen westlik fan it Fly, dat krekt as de Lauwers fan �lds in skieding tusken de Fryske gebieten foarme. De Grinslanners, dy't har folslein fan harren Fryske erfskip �fkeard hawwe, stamje �f fan 'e Easterlauwerske Friezen, en hiene �tsoarte mear gemien mei de Eastfriezen. Yn in breder ramt besjoen, wiene de Westerlauwerske Friezen fan oarsprong ek frij nau besibbe oan 'e oare Noardwestgermaanske folken, te witten de Ingelsen en de leechl�nske Skotten. In bytsje minder nau mei harren besibbe binne de Nedersaksers en noch wat minder nau besibbe binne groepen as de Nederlanners, Flamingen, Afrikaners en D�tsers.

De Fryske Frijheid

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Westerlauwerske Friezen �ntjoegen har �nder de Midsiuwen ta in etnyske groep dy't los stie fan 'e oare Fryske folksgroepen. Dat beg�n mei de ferovering fan Westerlauwersk Frysl�n troch de Franken yn 734, dy't de oanset joech ta grutte feroarings. Yn it foarste plak waarden de oant dy tiid heidenske Friezen doe ta it kristendom bekeard. Der waarden tsjerken boud en kleasters stifte en de m�ntsen dy't d�r wennen, beg�nen mei de oanlis fan 'e seediken. De Fryske hannel florearre yn dy tiid, mar de rykdom dy't dat brocht, makke dat Westerlauwersk Frysl�n gauris it slachtoffer waard fan ynfallen fan 'e Wytsingen.

It monumint foar de Slach by Warns.

Trochdat de Franken de hiele Fryske hegere adel �tr�ge of ferdreaun hiene, bestie der yn Westerlauwersk Frysl�n gjin l�nshearlik gesach mear en kaam it lienstelsel, sa't dat him yn 'e rest fan Jeropa �ntjoech, yn 'e Fryske gebieten nea fan 'e gr�n. Om't de Frankyske keningen, en letter harren erfgenamten, de keizers fan it Hillige Roomske Ryk, harren net om 'e Fryske gebieten bekroaden, koe him d�r in steatsfoarm �ntwikkelje dy't bekend wurden is as de Fryske Frijheid. Dat hold yn dat der gjin l�nshear (in greve of hartoch of sokssawat) oan it haad fan 'e steat stie, hoewol't it gesach fan 'e keizer, yn it fiere D�tsl�n, yn namme wol erkend waard. Dy "Frijheid" betsjutte trouwens net dat elkenien frij wie yn 'e sin sa't dat tsjintwurdich faak opfette wurdt. Inkeld de adel en de eigenerfde boerest�n, dy't yn 'e Fryske gebieten troch it �ntbrekken fan it lienstelsel yninoar oerr�nen, wiene wier frij. Fan b�ten�f wie der in protte krityk op dizze sitewaasje, want it waard sjoen as �nkristlik; elts moast ommers in hear boppe him hawwe, dat wie de wil fan God.

De Fryske gebieten organisearren harren yn in grut tal �fs�nderlike republykjes, ek wol terrae neamd. Dy hiene te krijen mei oanfallen fan twa kanten: fan b�ten�f en fan binnen�t. As re�ksje d�rop besochten se har oant twaris ta om 'e nocht te ferienjen yn it bekende ferb�n fan 'e Upstalsbeam. Wat de oanfallen fan b�ten�f oanbelangen, dy kamen yn it gefal fan Westerlauwersk Frysl�n benammen fan 'e greven fan Holl�n, dy't oanspraak makken op it hiele Fryske gebiet. Yn 1289 hie greve Floaris V de Westfriezen �nderwurpen en de Holl�nske hearskippij �twreide oan it Fly ta. Fan dy tiid �f bedrigen syn opfolgers Westerlauwersk Frysl�n. Yn 1345 stiek greve Willem IV mei in ridderleger de Sudersee oer en gie yn 'e neite fan Starum oan l�n. D�r waard er opfongen troch de Friezen en yn it d�ropfolgjende treffen waard syn leger �tinoarslein en kaam de dryste greve sels om. Hoewol't dit barren de skiednis yngien is as de Slach by Warns, f�n it eins in pear km noardwestliker plak en hie de oantsjutting "Slach by Starum" in tapasliker namme west.

De Fryske terrae yn 'e Midsiuwen.

Nei in hieltyd op 'e nij ferlinge wapenstilst�n fan mear as fyftich jier l�ne yn 1396 de Holl�nske greve Albrecht fan Beieren mei in grut leger by de K�nder. Der f�n in treffen plak, dat letter de namme fan 'e Slach by Skoattersyl krigen hat, hoewol't dy namme doedestiden noch net bestie. D�rby waarden de Friezen, dy't yn dy striid oanfierd waarden troch de ealman Juw Juwinga, ferslein, mar dy oerwinning brocht Albrecht fierders gjin terreinwinst, sadat de Hollanners in pear dagen letter wer skipgiene nei h�s. Yn 1397 en 1399 waarden der op 'e nij fjildtochten tsjin 'e Westerlauwerske Friezen holden, dy't ek net in protte opsmieten en allinne de st�d Starum yn Holl�nske hannen brochten. Nei mislearre belegerings yn 1400 en 1401 en ferskate wapenstilstannen wisten de Friezen yn 1411 Starum te befrijen en wie it hielendal dien mei de macht fan 'e Holl�nske greven yn Westerlauwersk Frysl�n.

In folle wichtiger bedriging foar de Fryske frijheid waard lykwols foarme troch de boargeroarloch dy't Westerlauwersk Frysl�n tusken r�chwei 1350 en 1498 yn 'e besnijing hold. Om 1350 hinne �ntstie der nammentlik krisis yn Frysl�n, mei't in �tbraak fan 'e pest der doe foar in grutte weromgong yn 'e befolking en in slimme resesje fan 'e ekonomy soarge. Dat sette in tal frij yngeande maatskiplike feroarings yn gong. Fierwei de wichtichste d�rfan wie de opkomst fan in st�n fan saneamde haadlingen, dy't �fkomstich wiene �t sawol de adel as de frije boeren en dy't elk yn in doarp de macht griepen. Yn 'e folgjende heale iuw stelden eins alle oare ynwenners fan Westerlauwersk Frysl�n har �nder de beskerming fan sokke haadlingen, sadat dy stadichoan it hiele gebiet yn 'e hannen krigen. It wie fansels net te fermijen dat se mei-inoar deilis rekken oer gebietsoanspraken en �nderling ko�lysjes foarmen om sterker te stean yn sokke konflikten. De rike kleasters waarden meilutsen yn 'e waansin en machten fan b�ten�f, de greven fan Holl�n en de st�d Grins foarop, stokelen de striid fierder oan. Dizze striid tusken de Skieringers en de Fetkeapers, of de 'duvelske partijskippen', sa't se ek wol neamd waarden, fierde hiel Westerlauwersk Frysl�n hast oardel iuw mei yn in spiraal fan geweld d�r't net �t te kommen wie.

It segel fan it Ferb�n fan 'e Upstalsbeam.

In ein oan 'e frijheid

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oan 'e ein fan 'e fyftjinde iuw wiene de Westerlauwerske Friezen inoar al jierren oanien op it libben gien, en hiene d�rmei harren kr�ften foar in grut part ferspile. Sa koe it, dat 1498 in D�tsk aventoersman, hartoch Albrecht fan Saksen, s�nder in protte swierrichheden hiel Westerlauwersk Frysl�n wist te feroverjen. Dy Albrecht fan Saksen wie derby helle troch de Skieringers, krekt doe't de Fetkeapers mei stipe fan 'e st�d Grins op it punt stiene en besljochtsje de striid foargoed yn harren foardiel. Mar al rillegau krigen de Skieringers troch dat se it Hynder fan Troaje binnenhelle hiene. Want Albrecht wist fan 'e D�tske keizer dien te krijen dat dy him hear ("potestaat") fan Westerlauwersk Frysl�n makke.

Hartoch Albrecht fan Saksen.

Al yn 1500 briek der in opst�n �t, mar dy waard mei gauwens delslein. Nei de �nthalzing fan guon haadlingen kaam it yn 1512 wer ta in oproer. De Saksers stjoerden doe in binde lossleine hierlingen, dy't bekend wurden is as de Swarte Heap, nei Frysl�n ta om it ferset de kop yn te drukken, mar it spoar fan dea en ferdjer dat dy efter harren lieten, hie in tsjinsteld effekt. Under lieding fan Pier Gerlofs Doania, better bekend as Grutte Pier, in boer �t Kimswert, en Janko Douwama, in Skieringer haadling �t Aldeboarn, en mei stipe fan Karel fan Egmont, de hartoch fan Gelre, holden de Friezen it langer �t as de Saksers. Yn 1515 rekke de Saksyske skatkiste leech en wie Joaris mei it Burd, de soan fan Albrecht fan Saksen, needsake om Frysl�n oer te dwaan oan 'e greve fan Holl�n, dat doe de Habsburger Karel V wie, dy't letter ek keizer fan D�tsl�n en kening fan Spanje wurde soe. Pas yn 1524 joegen de Westerlauwerske Friezen lykwols �teinlik harren ferset op en erkenden se Karel V as hear fan Frysl�n.

De Saksysk-Habsburchske Tiid brocht in protte feroarings yn Westerlauwersk Frysl�n. Sa waarden de rjochters net langer keazen, mar oansteld troch de l�nshear. Fierders waard it Fryske rjocht �fskaft en ek kamen der in protte b�tenlanners yn it l�n om as amtners foar it nije regear te wurkjen. Oer it algemien kaam it derop del, dat Frysl�n, foar safier't dat mooglik wie, lykskeakele waard mei de oare Nederl�nske gewesten.

Earste side fan it Plakkaat fan Ferlitting.

Yn 1555 giene de Nederlannen, en d�rmei Westerlauwersk Frysl�n, oer yn 'e hannen fan Filips II, de soan fan Karel V, dy't kening fan Spanje wie. Om in ferskaat oan redens, mar fral de ekonomyske delgong en it d�rmei ferb�nh�ldende oanboazjen fan 'e earmoede, ferset tsjin Filips syn sintralisaasjepolityk en wearze oer de bienhurde ferfolging fan 'e kalvinistyske ketters, briek yn 1568 de Nederl�nske Opst�n �t, dy't �tm�ne yn 'e Tachtichjierrige Oarloch. D�rby wisten de Nederl�nske rebellen, �nder lieding fan Willem fan Oranje, nei yn 't earstoan in tal swiere nederlagen lit te hawwen, de Spaanske troepen �t in grut part fan 'e noardlike Nederlannen, w�r�nder Westerlauwersk Frysl�n, te ferdriuwen. Yn 1581 waard Filips II �fsward as kening en yn 1585 ferklearre de Republyk fan 'e Feriene Provinsjes him �n�fhinklik. Om't der nei 1581 gjin l�nshear mear wie, soe men �th�lde kinne der doe yn Westerlauwersk Frysl�n in nije perioade fan Fryske Frijheid oanbriek.

Frysl�n yn 'e Republyk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Uny fan Utert, in milit�r b�nsgenoatskip fan s�n Noardnederl�nske gewesten en it l�nskip Drinte, dat sletten wie yn 1579, foarme de basis fan 'e Republyk. D�ryn waard neat regele oer in mienskiplike steatsh�sh�lding, en sadwaande wiene alle gewesten, w�r�nder Westerlauwersk Frysl�n, mear as twah�ndert jier lang yn prinsipe soevereine lannen, dy't regearre waarden troch de eigen Gewestlike Steaten en allinnich definsje, fin�nsjes en b�tenl�nske saken mei-inoar regelen, mei in fetorjocht foar elts gewest.

It st�nbyld fan Willem Loadewyk yn Ljouwert.

De steedh�lders, dy't oan it haad fan it deistich bestjoer fan 'e gewesten stiene, waarden, fral troch b�tenlanners, faak besk�ge as de Nederl�nske fariant op in l�nshear, mar dat wiene se net. Oarspronklik hiene se it behear oer de ferskillende gewesten fersoarge foar de kening, mar no't der gjin kening mear wie, tsjinnen se de Gewestlike Steaten, yn it foarste plak as legeroanfierder. Hoewol't de Holl�nske steedh�lders, lykas Willem fan Oranje en dy syn soannen Maurits en Freark Hindrik, folle bekender binne, hie Frysl�n syn eigen steedh�ldersdynasty, dy't �fstamme fan Jan de Alde fan Nassau, in jongere broer fan Willem fan Oranje.

De earste fan dy Fryske steedh�lders wie daliks ek de bekendste, Willem Loadewyk, dy't yn Westerlauwersk Frysl�n bekend bleaun is as "Us Heit" en fan wa't noch in st�nbyld yn Ljouwert stiet. Hy waard yn 1584 steedh�lder en wie by syn libben lang net sa popul�r as neitiid. Dat kaam fral troch syn faak pragmatysk pro-Holl�nske opfettings, dy't him oan 'e ein fan 'e sechstjinde iuw frontaal yn botsing brochten mei in groep Frysk-nasjonale eallju, dy't nei harren foaroanman jonker Karel Roorda de roardisten neamd waarden.

Willem Loadewyk waard nei syn dea yn 1620 opfolge troch syn broer Ernst Kasimir. Yn 1702, nei't Freark Hindrik syn pakesizzer Willem III s�nder neiteam stoar, gie de namme Oranje-Nassau en it steedh�lderskip fan 'e alle gewesten oer op Jehan Willem Friso, de oerpakesizzer fan Ernst Kasimir. Kening Willem-Alexander en it hiele Nederl�nske keningsh�s stamje dus net fan 'e Holl�nske, mar fan 'e Fryske steedh�lders �f.

It Keninkryk Holl�n.

Yn it l�ste desennium fan 'e sechstjinde en it grutste part fan 'e santjinde iuw, bekend as de Gouden Iuw, wie de Republyk ien fan 'e machtichste lannen fan Jeropa. Yn 1648 moast Spanje by de Frede fan Meunster einlings belies jaan en kaam de Tachtichjierrige Oarloch ta in ein. Letter waarden der noch ferskate oarloggen mei de Ingelsen en de Fr�nsen �tfochten. Benammen it Rampjier 1672 is d�rby bekend bleaun, doe't de Republyk fan trije kanten oanfallen waard troch Frankryk, Ingel�n, Keulen en Meunster. Westerlauwersk Frysl�n waard doe mei s�kses tsjin 'e Meunstersen ferdigene troch H�ns Willem baron van Aylva.

Fan 'e ein fan 'e santjinde iuw �f rekke de macht fan 'e Republyk lykwols yn it neigean. Troch korrupsje en ekonomyske delgong rekke it l�n sa yn ferfal dat Fr�nske troepen �nder generaal Jean-Charles Pichegru it by de Bataafske Revol�sje fan 1795 s�nder in protte muoite feroverje koene. Efterinoar kaam Westerlauwersk Frysl�n tusken 1795 en 1813 by de Bataafske Republyk (1795), it Keninkryk Holl�n (1806) en it Keizerryk Frankryk (1810) te hearren. Yn 1813 kaam der mei de ferdriuwing fan 'e Fr�nsen in ein oan 'e Fr�nske Tiid. D�rop waard it Keninkryk fan 'e Nederlannen foarme �nder it regear fan kening Willem I, de oerpakesizzer fan Jehan Willem Friso.

Joast Hiddes Halbertsma, ien fan 'e Bruorren Halbertsma, dy't mei harren Rimen en Teltsjes it Westerlauwersk Frysk as skriuwtaal nij libben ynbliezen.

Yn 'e Nederl�nske ienheidssteat

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mei de foarming fan it keninkryk kaam der net, sa't guon woene, in weromkear nei de steatsynrjochting fan 'e �lde Republyk. Krektoarsom, men gie fierder op 'e wei dy't yn 'e Fr�nske Tiid ynslein wie, dat it nije keninkryk waard in ienheidssteat, mei net mear as beheind foech foar de Provinsjale Steaten. Troch de ynset fan 'e ynfloedrike jonker Idsert Aebinga van Humalda naam Westerlauwersk Frysl�n datoangeande oant 1825 noch in �ts�nderingsposysje yn, mar d�rnei waard ek Frysl�n lykskeakele mei de oare provinsjes.

Yn 'e njoggentjinde iuw feroare der g�ns wat foar de Westerlauwerske Friezen. Sa waarden der bettere seediken en fierders strjitwegen, spoarlinen en kanalen oanlein. Yn it s�deasten waard it feansompl�n dr�chlein en plakken as it Hearrenfean en Drachten beg�nen har te �ntjaan. Yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw kaam fierders it sosjalisme op, dat yn Westerlauwersk Frysl�n tige sterk libbe, mei foaroanlju as Ferdinand Domela Nieuwenhuis, dy't yn 'e earme feangebieten bekendstie as "Us Ferlosser", en Piter Jelles Troelstra, de oprjochter en lieder fan 'e SDAP, de foarrinner fan 'e moderne sosjaal-demokratyske politike partij PvdA.

Ringriden yn Ljussens.

Yn 'e tweintichste iuw setten de nije �ntwikkelings fierder troch, mei �.m. de oanlis fan 'e Ofsl�tdyk, yn 1932, dy't foar in f�ste ferbining mei Noard-Holl�n soarge en fan 'e Sudersee de Iselmar makke. De nije tiid brocht de Westerlauwerske Friezen gruttere wolfeart, hoewol't der ek tige meagere snuorjes wiene, lykas de Grutte Depresje fan 'e 1930-er jierren en de besettingstiid fan 'e Twadde Wr�ldoarloch. Under dy oarloch besochten de D�tsers ferskate kearen om mei pro-Fryske maatregels de Westerlauwerske Friezen oan harren kant te krijen. Mar �tsein in tige lytse minderheid wegere de Fryske Beweging om "oarlochswinst" te meitsjen.

Nei �frin fan 'e oarloch late de wegering fan 'e Nederl�nske autoriteiten om lykfol hokker konsesjes te dwaan oan 'e winsken fan 'e Westerlauwersk Fryske minderheid ta in taalstriid. Mei grutte lulkens en stutsenens waard troch de Friezen kennis nommen fan 'e gefallen fan 'e molktapers Wiebe van der Hoek en Jeen de Leeuw en fan 'e bistedokter Sjirk Fr�nses van der Burg, dy't troch de rjochter misledige waarden om't se yn 'e rjochtseal harren eigen taal sprekke woene. De sjoernalist en dichter Fedde Schurer skreau d�r in artikel oer yn 'e Hearrenfeanster Koerier, w�ryn't er de oangeande rjochter ferlike mei de Swarte Heap, �t 'e Saksyske Tiid. D�rop waard er beskuldige fan kwealaster en moast er himsels foar de rjochtbank ferantwurdzje. De deis fan syn berjochting, 16 novimber 1951, briek der troch �nnedich hurdhannich yngripen fan 'e plysje op it Saail�n yn Ljouwert in opskuor �t dy't de skiednis yngien is Kneppelfreed, nei de wapens dy't br�kt waarden troch de plysje. Om't dat de Nederl�nske polityk einlings wekkerskodde, soe it ien fan 'e wichtichste mylpeallen wurde op 'e wei nei gelykberjochtiging fan 'e Westerlauwersk Fryske taal.

De taalsitewaasje yn Noard-Nederl�n.

Yn dyselde tiid kaam der mank de Westerlauwerske Friezen in grutte emigraasjeweach op gong, w�rby't grutte oantallen fan harren emigrearren nei Kanada, Austraalje, Nij-Seel�n, de Feriene Steaten en oare lannen. Dy lju wiene op 'e siik nei in better libben of namen de wyk �t eangst foar in mooglike nije oarloch mei de Sovjet-Uny. Oan it begjin fan 'e ienentweintichste iuw waarden de bannen tusken de Fryske diaspoara en it heitel�n oanhelle �nder it evenemint Simmer 2000.

Demografy en fersprieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens in skatting dy't datearret �t 2004 binne der sa'n 645.000 etnyske Westerlauwerske Friezen. D�rby giet it net inkeld om Frysktaligen (600.000), mar ek om Stedfriezen (45.000). De measten d�rfan wenje yn 'e Nederl�nske provinsje Frysl�n: 387.000, w�rfan 347.000 Frysktaligen en 40.000 Stedfriezen. Oare ynwenners fan 'e provinsje, lykas Nederlanners, Amelanners, Bilkerts en Nedersaksers yn 'e Stellingwerven en eastlik Kollumerl�n wurde yn 'e regel net besk�ge as etnyske Friezen. B�ten Frysl�n is wol de Westerlauwersk Fryske minderheid yn 'e doarpen Mearum, De Wylp en De Grinzer Pein, krekt oer de grins yn 'e provinsje Grinsl�n, noch l�nseigen. Oare Friezen, nei skatting wol 150.000 (en teminsten 5.000 Stedfriezen) hawwe har b�ten it eigen folksgebiet yn oare dielen fan Nederl�n f�stige; sokken neamd men Friezen om utens.

It logo fan 'e Ried fan de Fryske Beweging.

D�ropta is der ek b�ten Nederl�n noch in grutte diaspoara fan Westerlauwerske Friezen, besteande �t lju dy't emigrearre binne nei oare lannen, benammen as �nderdiel fan 'e grutte emigraasjeweach dy't plakf�n tusken de Twadde Wr�ldoarloch en 1970-er jierren. It oantal fan sokke lju kin foarsichtich r�sd wurde tusken de 80.000 en 100.000, w�rfan't sa'n 30.000 yn Kanada wenje; sa'n 25.000 yn 'e Feriene Steaten, likern�ch 17.000 yn Austraalje, �ngefear 12.000 yn Nij-Seel�n en nochris sa'n 16.000 yn oare lannen. D�rby giet it yn prinsipe inkeld om 'e earste generaasje fan sokke ymmigranten, want hoewol't harren neikommelingen wol fan Frysk kom�f binne, sille dy har yn 'e measte gefallen net as Westerlauwerske Friezen identifisearje.

Politike status

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Maatskiplik wurde de Westerlauwerske Friezen fertsjintwurdige troch de Ried fan de Fryske Beweging (RFB), en op polityk m�d troch de Fryske Nasjonale Partij (FNP), dy't yn 1962 oprjochte waard. De Westerlauwerske Friezen binne s�nt 2005 yn Nederl�n erkend as nasjonale minderheid �nder it Kovenant foar de Fryske Taal en Kultuer, yn neifolging fan it Ramtferdrach foar de Beskerming fan Nasjonale Minderheden fan 'e Ried fan Jeropa. Statistysk sjoen wurde de Westerlauwerske Friezen lykwols nuver gen�ch yn Nederl�n net foar in aparte groep oanmurken. Wol hat it Westerlauwersk Frysk s�nt 1956 yn 'e provinsje Frysl�n in offisjele status as 'twadde rykstaal', dy't gelyk is oan dy fan it Nederl�nsk. In �twreiding d�rop waard yn 1995 by wet f�stlein. Fan gefolgen is it Westerlauwersk Frysk tsjintwurdich rjochtsjildich yn 'e rjochtspraak en as bestjoerstaal.

Sk�tsjesilen.

De taal fan it meastepart fan 'e Westerlauwerske Friezen is it Westerlauwersk Frysk, ornaris koartwei it 'Frysk' neamd. Dizze taal heart ta de Noardwestgermaanske kloft fan 'e Westgermaanske talen, en foarmet d�rbinnen de Fryske taalgroep mei it yn D�tsl�n sprutsen Noardfrysk en Sealterfrysk. Yn totaal hat it Westerlauwersk Frysk sa'n 600.000 sprekkers, en d�rmei is it fierwei de grutste Fryske taal. It hat yn 'e provinsje Frysl�n in offisjele status dy't gelyk is oan dy fan it Nederl�nsk. Hoewol't �nheilsprofeten al lange tiid om it hoartsje it �tstjerren fan it Westerlauwersk Frysk foarsizze, wurdt de taal tsjintwurdich op almar mear maatskiplike terreinen br�kt.

It st�nbyld foar Gysbert Japiks yn Boalsert.

Histoarysk is it Westerlauwersk Frysk fuortkommen �t it Aldfrysk, dat him fia it Midfrysk ta it Nijfrysk �ntwikkele hat. De Fryske literatuer hat nei de Midsiuwen lange tiid yn 'e lytse loege sitten, w�rby't inkeld de grutte dichter Gysbert Japiks (1603-1666) de skriuwtaal libben hold. Pas omtrint 1800 beg�n men wer mear yn it Westerlauwersk Frysk te skriuwen, w�rby't benammen de bruorren Joast (1789-1869) en Eeltsje Hiddes Halbertsma (1797-1858) mei harren Rimen en Teltsjes in wichtige rol spilen. Yn 'e midden fan 'e tweintichste iuw wiene it benammen dichters as Fedde Schurer (1898-1968) en Douwe Tamminga (1909-2002) en oersetters as G.A. Wumkes (1869-1954) en Douwe Kalma (1893-1953) dy't tige warber wiene foar it Westerlauwersk Frysk.

It moderne Westerlauwersk Frysk falt �tinoar yn in fjouwertal grutte Fryske dialekten (it Klaaifrysk, it W�ldfrysk, it S�dwesthoeksk en it Noardhoeksk), dy't lykwols mar sa'n bytsje ferskille dat men suver better fan taalfarianten sprekke kin. D�rnjonken besteane ek noch fjouwer lytse, sterk �fwikende en tsjintwurdich slim yn har fuortbestean bedrige dialekten, dy't sprutsen wurde op 'e Waadeilannen (it Aastersk, it Skylgersk en it Skierm�ntseagersk) en yn it lang tige isolearre havenstedsje Hylpen (it Hylpersk). In njoggende dialekt, it Molkwardersk, is yn 'e njoggentjinde iuw �tstoarn. De Fryske standerttaal is fierhinne basearre op it Klaaifrysk en it W�ldfrysk, de beide grutste dialekten.

De dialekten fan it Westerlauwersk Frysk.

In minderheid fan 'e Westerlauwerske Friezen sprekt gjin Frysk, mar Stedsk (ek wol Stedfrysk neamd). Dat is de bekoepeljende beneaming foar de njoggen Holl�nsk-Fryske mingdialekten dy't yn Westerlauwersk Frysl�n sprutsen wurde yn s�n st�den (Ljouwert, Snits, Frjentsjer, Harns, Boalsert, Dokkum en Starum) en de twa doarpen (It Hearrenfean en Kollum). De Stedske dialekten steane tichter by it Nederl�nsk as by it Westerlauwersk Frysk en de namme 'Stedfrysk' is dan ek misliedend, om't it giet om Holl�nske en net om Fryske dialekten.

De Westerlauwerske Friezen wenje yn in provinsje dy't 11 st�den en 410 doarpen omfiemet (hoewol't mar 350 doarpen Frysktalich binne). Nei ferh�lding mei oare etnyske groepen sille se relatyf justjes mear op it plattel�n en wat minder yn 'e grutte plakken wenje. (Dy grutte plakken binne de '�lde st�den' Ljouwert en Snits en de 'nije st�den', formeel eins doarpen, It Hearrenfean en Drachten.) Yn it ferline bestie dy twadieling tusken st�d en plattel�n noch folle sterker as no. It is in �tfloeisel fan it feit dat de Westerlauwerske Friezen lange tiid in befolkingsgroep fan it plattel�n wiene, dat Fryske bisterassen lykas it Fryske hynder en de Fryske ko (tsjintwurdich de Holstein-Frisian) noch altyd min ofte mear as kultuerdragers besk�ge wurde.

It Fryske hynder.

De Fryske kultuer omfiemet in stikmannich typysk Fryske sporten, lykas it sk�tsjesilen, w�rby't men hurdsylt mei �lde frachtboaten. In oare karakteristike Fryske sport is it keatsen, in balspul dat inkeld yn 'e noardwestlike hoeke fan 'e provinsje beoefene wurdt, en dat elts jier syn hichtepunt belibbet yn 'e Freulepartij yn Wommels en de PC te Frjentsjer. Fierljeppen is in sport wêrby't men mei in lange stôk, in saneamde pols, sa fier mooglik oer in wetter besiket te springen. By ringriden moat men út in troch hynders lutsen sjeas wei ringstekke. Aaisykjen is ek in Fryske sport, wêrby't men by 't maityd it iepen fjild yn tsjocht om ljipaaien te sykjen. Troch de tebekgong fan 'e ljippestân en ûnder druk fan natoerbeskermingsorganisaasjes komt dizze tradysje lykwols almar mear yn 'e knipe.

Ek hurdriden nimt yn 'e Westerlauwersk Fryske kultuer in wichtich plak yn, al is dat in sport dy't yn hiel Nederlân populêr is. Ynternasjonale hurdrydwedstriden wurde gauris holden yn it iisstadion Thialf, op It Hearrenfean. Fan âlds wurdt winterdeis, as de Fryske binnenwetters tichtferzen binne, in 200 km lange Alvestêdetocht by de alve Fryske stêden lâns holden. Hoewol't it langer mar komselden mear fûlernôch friest om in Alvestêdetocht op redens te hâlden, organisearret men hjoed de dei ek Alvestêdetochten op 'e fyts (elts jier op Pinkstermoandei), te foet, mei de autopet, yn antike auto's, op trekkers, ensfh.

De PC, yn 2006.

Westerlauwerske Friezen meie ek graach toanielspylje; fan âlds hie suver elts doarp wol in toanielferiening. Ek tsjintwurdich wurdt dizze tradysje yn in soad plakken noch libben holden, wêrby't de measte oandacht útgiet nei de iepenloftspullen dy't simmerdeis op guon plakken holden wurde. Yn 'e media nimt de Westerlauwersk Fryske taal almeast in ûndergeskikt plak yn, benammen yn 'e parse. Op 'e radio en de tillefyzje is Omrop Fryslân wol allegeduerigen yn it Frysk aktyf, en benammen de simmerútstjoerings fan 'e PC, it Konkoers Hippyk Bûtenpost en it skûtsjesilen wurde tige goed besjoen en beharke.

Krekt as alle Germaanske folken hongen de Westerlauwerske Friezen fan oarsprong it Germaanske heidendom oan, spesifyk de Fryske foarm dêrfan. De Friezen waarden yn 'e achtste iuw fierhinne ûnder twang ta it kristendom brocht, wêrnei't se iuwenlang ta de Roomsk-Katolike Tsjerke hearden. Begjin sechstjinde iuw kaam dêr feroaring yn, doe't tsjerkeherfoarmers as Marten Luther en letter Jehannes Kalvyn yn Fryslân folgelingen wûnen. Ek de yn 't earstoan militante anabaptisten krigen oanhing mank de Westerlauwerske Friezen, mar de tsjerkeherfoarmer Minne Simens (1496-1561) wist dat leauwe om te foarmjen ta it pasifistyske en nei him ferneamde minnisme. Fan dy tiid ôf krigen de protestantske streamings ûnder de Westerlauwerske Friezen geandewei mear oanhing, útsein yn beskate doarpen, dy't folslein of foar in oansjenlik part roomsk bleaune, lykas Reahûs, Blauhûs en Dronryp.

De tsjerke fan Foudgum.

Der binne gjin boarnen oer de hjoeddeistige oanhing fan religyen mank de Westerlauwerske Friezen. Dêrom binne de ûndersteande sifers út 2013[1] fan tapassing op 'e provinsje Fryslân as gehiel (dus ynklusyf de ynwenners dy't gjin etnyske Friezen binne). Mear as 25,9% fan 'e befolking wie kristlik (mear as, want lytsere kristlike denominaasjes wurde yn dizze sifers mei oare lytsere godstsjinsten op ien bulte smiten ûnder it kopke 'oar'). Fan dy 25,9% hearde 12,3% ta de Protestantske Tsjerke yn Nederlân, 8,0% ta de Roomsk-Katolike Tsjerke en 5,6% ta de ferskate lytsere grifformearde tsjerken. Agnosten en ateïsten makken 54,2% fan 'e befolking út, moslims 1,2%, boedisten 0,2% en joaden en hindoes elts 0,1%. Alle oare godstsjinsten en denominaasjes kamen mei-inoar op 5,8%. Yn it ramt fan 'e Westerlauwerske Friezen kinne de net-kristlike godstsjinsten fierhinne bûten beskôging wurden litte. Ek sil dizze groep mooglik justjes mear de leauwige kant útskaaie, om't ferhâldingsgewiis mear Friezen op it plattelân wenje, dêr't de tsjerken relatyf mear oanhing hawwe as yn 'e grutte plakken.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. CBS, Godsdienstige Groepering naar Provincie, 2013