De Feniks en de Toartel
De Feniks en de Toartel | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | The Phoenix and the Turtle | |
auteur | William Shakespeare | |
taal | Ingelsk | |
foarm | po�zij | |
sjenre | allegoarysk gedicht | |
skreaun | 1590-er jierren | |
1e publikaasje | 1601, Londen | |
oersetting nei it Frysk | ||
publikaasje | 1976, Drachten | |
�tjouwer | Fryske Shakespeare Stifting | |
oersetter | Douwe Kalma |
De Feniks en de Toartel, yn it oarspronklike Ingelsk: The Phoenix and the Turtle (fan turtledove, "toarteldo", net it reptyl de turtle, "skylpodde"), is in allegoarysk gedicht oer de dea fan 'e ide�lisearre leafde, fan 'e h�n fan 'e wiidferneamde Ingelske skriuwer en dichter William Shakespeare. It wurdt algemien besk�ge as ien fan syn meast obskuere wurken en is op ferskillende manearen ynterpretearre. De titel is tradisjoneel, mar net orizjineel: it gedicht waard publisearre s�nder titel. It waard foar it earst �tj�n yn 1601, as in soarte fan epilooch ta it lange gedicht Love's Martyr ("Martelder fan 'e Leafde"), fan Robert Chester. De Fryske oersetting fan Douwe Kalma ferskynde yn 1976.
Ynh�ld en ynterpretaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It gedicht beskriuwt de begraffenis dy't be�vensearre wurdt foar de ferstoarne feniks en toartel (dy l�ste f�gel is it tradisjonele symboal foar tawijde leafde). Guon f�gels wurde �tn�ge, mar oaren wurde b�tensletten. Neffens it gedicht skoep de leafde fan 'e beide stoarne f�gels in folsleine ienheid dy't alle logika en rede te boppe gie. It besl�t mei in gebed foar de deade minners.
Dizze allegory op it perfekte houlik wurdt wol besk�ge as in oade oan 'e Welske steatsman sir John Salusbury en dy syn frou Ursula Stanley, mar inkeld om't Robert Chester syn Love's Martyr oan harren opdroech. Oare ynterpretaasjes wolle hawwe dat De Feniks en de Toartel oer keninginne Elizabeth I giet, of oer har en har minner Robert Devereux, de greve fan Esseks, of oer har erfgenamt Jakobus VI fan Skotl�n (de lettere Jakobus I fan Ingel�n). Wer in oare �tlis, dy't ferb�n h�ldt mei de bewearing dat Shakespeare sympatisearre mei de Roomsk-Katolike Tsjerke, is dat it eins in tem�k lofliet op it (doedestiden yn Ingel�n ferbeane) roomske leauwe wie.
Tekst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Feniks en de Toartel
Let the bird of loudest lay, But thou, shriking harbinger, From this session interdict Let the priest in surplice white, And thou, treble-dated crow, Here the anthem doth commence: |
So they lov'd, as love in twain Hearts remote, yet not asunder; So between them love did shine, Property was thus appall'd, Reason, in itself confounded, That it cried how true a twain |
Whereupon it made this threne THRENOS. Beauty, truth, and rarity. Death is now the phoenix' nest; Leaving no posterity:— Truth may seem, but cannot be: To this urn let those repair
|
Fryske oersetting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]The Phoenix and the Turtle waard yn it Frysk oerset troch Douwe Kalma. Yn 1976 waard it publisearre troch de Fryske Shakespeare Stifting te Drachten, as ûnderdiel fan harren omnibusútjefte Shakespeare's Wurk Dl. VIII, yn 'e mande mei de fertalings fan 'e oare Shakespeariaanske poëzij en fan guon Shakespeariaanske trageedzjes.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side. |