Springe nei ynh�ld

Macbeth

Ut Wikipedy
Macbeth
algemiene gegevens
oarspr. titel Macbeth
auteur William Shakespeare
taal Ingelsk
foarm toanielstik
sjenre trageedzje
skreaun ±1606
1e publikaasje 1623, Londen
1e opfiering 1611
bondel First Folio
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Macbeth
publikaasje 1932, Snits
útjouwer Brandenburgh & Co.
oersetter Douwe Kalma
Dizze side giet oer it toanielstik fan Shakespeare. Foar de Skotske kening, sjoch: Macbeth fan Skotlân.

Macbeth, nei it stik mei deselde namme yn it oarspronklike Ingelsk (fol�t: The Tragedy of Macbeth, "De Trageedzje fan Macbeth"), is in toanielstik fan 'e h�n fan 'e wiidferneamde Ingelske skriuwer en dichter William Shakespeare. It wurdt besk�ge as ien fan syn grutte trageedzjes en it is teffens syn koartste. Macbeth fertelt it ferhaal fan 'e Skotske legeroerste mei deselde namme, oan wa't foarsein wurdt dat er ienris kening fan Skotl�n wurde sil. Op oantr�n fan syn frou en syn eigen withoegrutte ambysje fermoardet er dan de kening om 'e profesije �tkomme te litten. Syn regear wurdt lykwols oerskade troch syn skuldgefoelens, dy't al mei gauwens oanboazje ta in wiere efterfolgingswaansin. Hy �ntpopt him ta in tiran dy't almar mear bloed ferjitte moat om oan 'e macht te bliuwen, oant er �teinlik ynhelle wurdt troch syn eigen misdieden en tragysk oan syn ein komt.

De rol fan frouwe Macbeth wurdt sjoen as ien fan 'e meast �tdaagjende rollen foar aktrises yn Shakespeare syn oeuvre. Under toanielakteurs giet trouwens wr�ldwiid it byleauwe om dat der in flok op dit toanielstik r�st, en dat it �ngelok bringt as men de titel l�dop �tsprekt. D�rfandinne dat it yn sokke fermiddens yn 'e regel oantsjut wurdt as "it Skotske stik". Shakespeare basearre Macbeth op in ferhaal dat er �t Holinshed's Chronicles hie, in skiednis fan 'e Britske Eilannen �t 1587. Der moat opmurken wurde dat it toanielstik hiel oars is as it libben en regear fan 'e echte, histoaryske kening Macbeth fan Skotl�n. Macbeth is skreaun tusken 1603 en 1607, en wurdt ornaris datearre yn 1606. De ierst bekende opfiering wie yn april 1611 en it waard foar it earst �tj�n yn 'e First Folio, yn 1623. De Fryske oersetting, fan Douwe Kalma, datearret fan 1932.

Reklame foar in toaniel�tfiering yn 'e Feriene Steaten (� 1884)

Macbeth, de thane (in �lde Angelsaksyske aadlike titel likern�ch ekwifalint mei greve) fan Glamis, dy't as famyljelid fan kening Duncan it Skotske leger oanfiert, hat krekt in Noarsk-Iersk leger ferslein, en teffens guon opstannige Skotske eallju dy't har d�rby oansletten hiene, w�r�nder de thane fan Cawdor. Hy is mei syn �nderbefelhawwer Banquo �nderweis werom nei de kening, as dy beiden by swierwaar midden op 'e heide in trijetal heksen treffe. Dy neame Macbeth net inkeld thane fan Glamis, mar ek fan Cawdor, en foarsizze dat er kening fan Skotl�n wurde sil. As Banquo oer syn eigen foarl�n freget, foarsizze se dat hy de stamheit fan in laach fan kenings wurde sil, mar sels net op 'e troan komme sil. Fuort d�rnei ferdwine de heksen en dan komt in oare ealman, Ross, oanriden, dy't fertelt dat de kening Macbeth de titel fan thane fan Cawdor taparte hat, mei't de �lde thane fan Cawdor terjochtsteld wurde sil foar heechferrie. As d�rmei it earste part fan 'e foarsizzing �tkommen is, begjint daliks Macbeth syn ambysje op te spyljen, dat hy begjint te longerjen op it keningskip, al is er noch �nwis hoe't er de saken oanpakke moat.

Kening Duncan priizget Macbeth en Banquo foar it �fslaan fan 'e ynfaazje en kundiget oan dat er oernachtsje sil yn Macbeth syn kastiel te Inverness. As frouwe Macbeth fan 'e foarsizzing heart, is sy like ambisjeus as har man, mar hat se neat fan syn �nwissichheid. Se stiet der by him op oan om 'e kening dyselde nachts noch dea te dwaan. Dat Macbeth stekt Duncan yn syn sliep dea, mar is d�rnei sa skokt oer wat er dien hat, dat syn frou it h�ft yn 'e hannen nimme moat. Hja pleatst beblette daggen yn it besit fan twa dronkenfierde keamerlingen. As de oare moarns de trouwe Macduff, de thane fan Fife, arrivearret en ta de kening syn fertrekken talitten wurdt, �ntdekt dy de moard. De bluodderige moardwapens wurde by de keamerlingen f�n, en dan beart Macbeth dat er �t lulkens oer de l�fe moard syn selsbehearsking ferliest; hy slacht de beide jongfeinten dea. Syn wiere reden is lykwols om foar te kommen dat se harren �nskuld bewize kinne. Mei dizze die wekket er fuortendaliks Macduff syn erchtinkendheid op, mar dy h�ldt dat foar him. As de moard op 'e kening bekend wurdt, �ntflechtsje dy syn soannen Malcolm en Donalbain, dy't dan foar harren eigen libbens freezje, it l�n, de iene nei Ingel�n, de oare nei Ierl�n. Harren flecht, lykwols, makket dat se fertocht wurde fan 'e moard, en sadwaande net mear yn oanmerking komme foar de troan. D�rop wurdt Macbeth, as famyljelid fan Duncan, ta kening �troppen.

Hoewol't de profesije no �tkommen is, bliuwt Macbeth �ntefreden, mei't de foarsizzing oan Banquo him gjin r�st lit. Hy beseft dat er nea noflik w�ze sil foar't er makke hat dat Banquo gjin neiteam hawwe sil, dat hy hiert in pear moardners yn en stjoert dy op Banquo en dy syn soan Fleance �f. It slagget harren en doch Banquo dea, mar Fleance wit te �ntkommen. As er letter mei syn eallju oan it jimmet sit, sjocht Macbeth de geast fan Banquo en jaget er syn gasten de stupen op it liif troch in tirade te h�lden tsjin in lege stoel (mei't hy de iennichste is dy't de geast sjen kin).

Macbeth en Banquo komme foar it earst de heksen tsjin.

Macbeth is no syn rie te'n ein, dat hy giet werom nei de heksen en freget harren om 'e wierheid fan harren profesijen oan him te iepenbierjen. Ta beskie warsk�gje se him om op te passen foar Macduff, en foarsizze se dat nimmen him kwea dwaan kinne sil dy't �t in frou berne is, en dat syn regear f�ststean sil oant de Grutte Bosk fan Birnam nei syn kastiel op 'e Heuvel fan Dunsinane opmarsjearje sil. Dat stelt Macbeth ger�st, want hy wit dat alleman �t in frou berne is en dat in bosk nea marsjearje sil. Mar hy freget ek oft Banquo syn neiteam ea yn Skotl�n regearje sil, en by wize fan antwurd toane de heksen him in rige fan acht keningen, w�rfan't de l�ste in spegel yn 'e h�n h�ldt dy't noch folle mear keningen wjerspegelet. Macbeth beseft dat acht fan Banquo syn neikommelingen yn Skotl�n op 'e troan komme sille, wylst withoefolle oaren om utens regearje sille. As er koarte tiid letter berjocht kriget dat Macduff nei Ingel�n ta flechte is, ferjit Macbeth lykwols it alderearste part fan 'e nije foarsizzing, en jout er opdracht om Macduff syn kastiel yn Fife yn te nimmen en eltsenien d�ryn �f te slachtsjen, Macduff syn frou en jonge bern ynbegrepen.

Underwilens hat frouwe Macbeth l�st krigen fan har gewisse. Uteinlik wurdt hja alhiel sljochtsinnich. Se mient mar dat har hannen �nder it bloed sitte en besiket se allegeduerigen skjin te waskjen, mar dat wol mar net slagje. Dit is in iroanyske omdraai�ng fan har eardere bewearing tsjin Macbeth dat "[in] bytsje wetter [...] �s fan dizze die [skjinwasket]." Uteinlik slacht se de h�n oan harsels, wat Macbeth ta in djippe depressivens en wanhope bringt.

Macbeth sjocht de geast fan Banquo.

Yn Ingel�n is Macduff wilens berjochte oer de dea fan syn frou en bern. Hy hat wraak sward en him oansletten by prins Malcolm, Duncan syn �ldste soan, dy't in leger byinoar brocht hat fan �twykte Skotske eallju en Ingelske b�nsgenoaten, oanfierd troch de Ingelske grever fan Northumberland. Hja falle Skotl�n binnen en tsjogge op nei Inverness. Wylst se yn 'e Bosk fan Birnam bivakkearje, snije de soldaten fan it leger t�ken fan 'e beammen �f om har mei te kam�flearjen. Sa geane se op it Kastiel fan Dunsinane ta, en Macbeth beseft dan dat de bosk yndie tsjin him opmarsjearret, en dat de l�ste foarsizzing fan 'e heksen al heal �tkommen is. De slach fynt plak en berikt syn hichtepunt as Macduff foar Macbeth oer komt te stean. Macbeth swetst dat gjin man dy't �t in frou berne is, him kwea dwaan kin, mar dan fertelt Macduff him dat hy net berne is, mar troch in keizersneed te wr�ld kommen is. Macbeth beseft te let dat er de wurden fan 'e heksen misbegrepen hat, en Macduff slacht him de holle �f. Neitiid wurdt Malcolm, en net Banquo syn soan Fleance, sa't Macbeth freze hie, kening fan Skotl�n (mar Shakespeare syn ier santjinde-iuwske publyk wist dat Jakobus VI fan Skotl�n, ek bekend as Jakobus I fan Ingel�n, neffens de leginde fan Banquo �fstamme).

Fryske oersetting

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Macbeth waard yn 1932 oerset yn it Frysk troch Douwe Kalma en �tj�n (�nder de misstavere titel MacBeth) troch �tjouwerij Brandenburgh & Co. te Snits, as diel 27 fan De Fryske Bibleteek. Yn 1969 makke dizze fertaling �nderdiel �t fan 'e omnibus Shakespeare's Wurk Dl. VII, in �tjefte fan 'e Fryske Shakespeare Stifting te Drachten.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Shakespeare, William, MacBeth, Snits, 1932 (Brandenburgh & Co.), gjin ISBN.
  • Shakespeare, William, Shakespeare's Wurk Dl. VII: Trageedzjes: Othello, de Moar fan Veneesje, Kening Lear, Macbeth, Timon fan Athene, Antonius en Cleopatra, Drachten, 1969 (Fryske Shakespeare Stifting), gjin ISBN.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side.

wurken fan Shakespeare
Shakespeariaanske trageedzjes
Antonius en Kleopatra | Hamlet | Julius Caesar | Kening Lear | Koriolanus | Macbeth | Otello | Romeo en Julia | Symbelinus | Timon fan Atene | Titus Androanikus | Troilus en Kressida
Shakespeariaanske histoaryske stikken
1 Hindrik IV | 2 Hindrik IV | Hindrik V | 1 Hindrik VI | 2 Hindrik VI | 3 Hindrik VI | Hindrik VIII | Kening Jan | Richard II | Richard III
Shakespeariaanske komeedzjes
Ein Goed, Alles Goed | De Fekke Nuet | De Fleurige Wyfkes | Folle Spul om Neat | Kardenio (ferlern gien) | De Keapman fan Feneesje | In Komeedzje Fol Fersinnen | Leafde's Lêst Al Leanne (ferlern gien) | Leafde's Lêst Net Leanne | Lyk om Lyk | In Midsimmernachtdream | Nei Jim Beleavjen | Perikles, Prins fan Tyrus | Symbelinus | De Stoarm | Trijekeningejûn | De Twa Aadlike Neven | De Twa Eallju fan Verona | It Winterjûnsteltsje
Shakespeariaanske poëzij
De Feniks en de Toartel | Fenus en Adoanis | De Hertstochtlike Pylger (foar in diel) | De Klaachsang fan in Minneresse | De Rôf fan Lukresia | Sonnetten (1 • 17 • 18)
Shakespeariaanske apokrifa
gedichtenIn Begraffenistreurdicht | De Hertstochtlike Pylger (foar in diel) | Oan de Keninginne | Sil Ik Stjerre | toanielstikkenArden fan Faversham | De Berte fan Merlyn | Edmund Izerkant | Edwert III | De Ferlerne Soan fan Londen | De Fleurige Duvel fan Edmonton | Hear Thomas Cromwell | John Oldcastle | Lokrinus | Musedoarus | Oer-Hamlet (ferlern gien) | De Puriteinske | Thomas More | Tomas fan Woodstock | In Trageedzje yn Yorkshire | Tsjeppe Em, de Moolnersdochter fan Manchester | De Twadde Trageedzje fan de Faam
oare ûnderwerpen oangeande Shakespeare
Mary Arden | Double Falsehood | First Folio | Fryske Shakespeare Stifting | Anne Hathaway | Teatse Eeltsje Holtrop | Douwe Kalma | King's Men | Lord Chamberlain's Men | Hamnet Shakespeare | John Shakespeare | Judith Shakespeare | Susanna Shakespeare | Shakespeare in Love | Shakespeariaansk auteurskipsdebat | Stationers' Register | Stratford-upon-Avon | Tryater